Springe nei ynhâld

Ferwâlde

Ut Wikipedy
Ferwâlde
Doarpsgebiet fan Ferwâlde yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 225 (2021)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 0' 19" NB, 5° 26' 0" EL
Webside Side Ferwâlde
Tsjerke fan Ferwâlde

Ferwâlde (Ferwoude) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noard fan Warkum. Oant 2011 lei Ferwâlde yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Ta de himrik fan Ferwâlde hearre ek de buorskippen Doniabuorren, Skarnebuorren en Wonnebuorren.

It doarp waard yn 1275 Forwolda, yn 1315 Vorwalda, yn 1399 yn in Nederlânsktalige tekst Werwoude, yn 1496 Vorwolde, yn 1520 yn it Frysk Foerwaelde neamd. Yn de sechtjinde iuw komt yn Nederlânsk Ferwolde en yn it Frysk Ferwaad foar. Schotanus (1664) jout Verwoude en Ferwolde. Yn de achtjinde iuw besteane de fariaasjes Ferwolde en Ferwoude njonkeninoar.

De namme ferwiist mooglik nei dat it plak foar as tichteby (for/fer) by in sompebosk (wald/wold) lei.

Oant 1930 hat dêr in mûne stien dy't de Fallingabuorster- en Aaltsjemarpolder bemealde. De mole stie al yn de Schotanusatlas, dat dy moat der al foar 1718 stien hawwe.

De doarpstsjerke eaget mei har kleurige bepleistere uterlik noch net sa âld; lykwols moat se al datearje út de twadde helte fan de 13e iuw. Mar der geane ek ferhalen dat tsjerke en toer yn 1762 ôfbrutsen binne mei it doel de dowestiennen te ferkeapjen oan de semintyndustry fan Makkum. Yn 1767 wie de nije tsjerke mei in spits tuorke op de westlike gevel klear. De lêste fernijing fan de tsjerke wie yn 1877. It skip hat in trijekantich sletten koar en op de westlike gevel stiet in houten tuorke. De tagongspoarte is fersierd mei bak- en sânstien en hat in fronton mei opskrift en it jier 1767. De famyljebank fan Van Velzen datearret út de 18e iuw en in ienfâldiger bank mei draaide balusters is nóch in iuw âlder.

De tsjerke waard op 23 novimber 2018 oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Oan fjouwer gouden ringen hinget in read findel. Neffens oerlevering soe Friso dy meinomd hawwe en binne der in soad oerwinnings mei behelle. Dy Magnusfane fan Friso wie in reade banier, dy't fjouwer bjusterbaarlike krêften hie: hy beskerme tsjin tonger en stoarm, hy warre kweageasten, hy bruts tsjoenen en hy koe net oerwûn wurde. Nei de tiid fan Friso waard de fane bedobbe, sa't gjin fijân dy fine koe. Yn in leginde soe in Frysk legerûnderdiel ûnder dit findel Rome ferovere hawwe en de stêd Rome oan Karel de Grutte oerdroegen hawwe. Yn de dom fan Almenum waard it letter bewarre, de Denen hawwe letter noch besocht om it te feroverjen. Mar omdat it findel neffens de leginde ynmitsele wie yn de tsjerkemuorre mislearre dat. Mar sa't Jancko van Douwama skriuwt: ,,Insgelijcken heb icket wal gehoert, dat he solden bemuert wesen to Fernewolde."

It doarp hat in sterk agrarysk karakter. De lêste jierren is der nijbou byboud oan de Buorren en de Djipwei. Foar boadskippen binne de ynwenners oanwiisd op Warkum, Makkum en Boalsert.

It doarp hat in doarpshûs De Djippert, neamd nei de feart dy't troch it doarp rint.

It doarp hat ferskate ferienings: Feriening foar Doarpsbelang, Keatsferiening Trije yn Ien, in toanielferiening, in biljertklup, in biljertklup foar de âlderein, in jongereinklup, de pleatslike kommisje Gaast-Ferwâlde, Stifting Begraafplakken Gaast-Ferwâlde

Oant 1991 hie it doarp in eigen skoalle, De Finne. Dy fusearre yn dat jier mei dy fan Gaast, dy't doe slute moast omreden te min learlingen. Yn 2016 moast De Finne sels ek slute om deselde problemen.

Aaltsjemarwei, Buorren, Doniabuorren, Robyn Joelesfinne, Skarnebuorsterwei, Wonnebuorsterwei.

Berne yn Ferwâlde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje