Springe nei ynhâld

Dedzjum

Ut Wikipedy
Dedzjum
Doarpssicht
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 98 (2022) [1]
Oerflak 1,91 km²
werfan lân: 1,87 km²
werfan wetter 0,04 km²
Befolkingstichtens 51,3 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 01' N 5° 29' E
Webside Side fan Tsjerkwert
FB-side fan Tsjerkwert

Dedzjum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, besuden Boalsert. Oant 2011 lei Dedzjum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Stjelp yn de himrik fan Dedzjum oan de Arkumerleane.
Himrik fan Dedzjum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

It doarp leit tusken de Warkumer Trekfeart en de yn 1634 drûchleine Sinsmar yn. It lânskip fan leechlizzende greidlannen dêromhinne makke dat de bebouwing meast agrarysk fan karakter is mei relatyf in soad pleatsen. Oan de noardkant steane restanten fan in wetterbuert oan de feart en wat fierder nei it noarden ta leit it agraryske buorskip Arkum, besteande út in pear grutte pleatsen op in terp, dy’t ek ôfgroeven is. Op Ysgum yn it suden, eartiids ek in terpbuertsje, stiet noch mar ien pleats.

De Dedzjumer himrik is mar lyts, it liket dat de huzen en buorkerijen yn buerten yn it noarden en it suden groepearre binne, by de tsjerke is de bebouwing mear iepen. De terp mei tsjerke is sterk ôfgroeven, wat foaral oan de súdkant goed te sjen is. Der stiet op in kearmuorre in fraai izeren stek om it tsjerkhôf hinne. Der is noch in foto bewarre bleaun fan in flinke 13e-iuwske tsjerke mei in healrûn koar en in sealtektoer. Dy tsjerke is yn 1889 ferfongen troch in nij tsjerkegebou. De fraaie poarte is destiids oerbrocht nei it doe krekt stichte Frysk Museum yn Ljouwert, mar de sniene banken binne opromme.

Yn 855 wurdt it doarp al neamd. De lânhear Folker jout dan lân oan it Dútske kleaster yn Werden. Der wurdt dan skreaun oer "Deddingiuuerbe", wat op in eigennamme (Deddingi) wiist. Neffens ûndersiker Jan de Cock silger, soe dy namme wize op in ferbân mei aadlike lju út Turingen, dy't troch de Karolingen yn Fryslân bejeftige waarden mei grûnbesit nei de oerwinning fan de Franken op de Friezen. It soe yn dat gefal om de famylje fan de Immedingen gean. Net eltsenien is it mei De Cock iens, mar it falt wol op, dat it earste part fan dy famyljenamme, Imme, ek yn it plakje Ymswâlde sit. In oare persoansnamme út de famylje Immedingen, Abbo, sit yn Abbegea. Abbegea en Ymswâld lizze beide tichte by Dedzjum. As it wier is, hâldt it ek yn, dat de niisneamde plakken der al wienen yn de 8e iuw. Dedzjum ûntstie yn elts gefal oan de bopperin fan de rivier de Marne, dy't by Kimswert yn see útkaam. It doarpke past dêrom by plakjes as Hieslum, Parregea en Tsjerkwert, dy't yn deselde tiid ûntstien binne. It is ek net útsletten, dat der út it rivierke wei nei it suden ta in kanaal groeven is nei Warkum. Sa kaam Dedzjum in skoftlang oan in belangryk pleatslik farwetter te lizzen.

Tsjerke
De âlde tsjerke (1889).
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Dedzjum.

Dedzjum hat yn de 13e iuw in bakstiennen tsjerke krigen. Nei de reformaasje bleaune in soad ynwenners roomsk, healwei de 19e iuw wie dat noch jimmeroan 62% fan de befolking. Dat feroare letter pas mei't in soad Dedzjumers nei Blauhûs ferhûzen.

Protestantsk Dedzjum waard nei de reformaasje yn 1580 kombinearre mei Parregea en Hieslum. Dy sitewaasje hat lykwols net sa lang duorre, want al yn 1617 is Dedzjum by Tsjerkwert fiege en dat is dêrnei ek sa bleaun. Ien fan de opmerklikste dûmny's wie Abraham Walsweer, dy't fan 1645 oant 1678 yn Tsjerkwert en Dedzjum stie. Hy moast him ris ferantwurdzje dat er spul stellen hie út it hûs fan famylje yn Boalsert. Mar ek syn houlik mei de dochter fan in lommertbaas waard him swier oanrekkene. Sa'n ien koe gjin lidmaat fan de tsjerke wêze, lit stean in dûmny, sa fûnen guont. Mar Walsweer hie as ferwar, dat skoanheit syn rykdom te tankjen hie oan besit yn Savoye en oan in oandiel yn in rederij. Nuver dat er it mear as tritich jier yn Tsjerkwert en Dedzjum úthâlden hat.

De midsiuwske tsjerke waard yn 1889 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. Yn de âlde toer hong in klok út 1654. Yn 1890 kaam der in nije klok. Dy is yn 1943 troch de Dútske besetters rôve. Nei de oarloch kaam der in oarenien.

Arkum

Dedzjum lei mei it útbuorrentsje Arkum eartiids yn de Arkumerhim, in binnenpolder yn de rige fan de himmen tusken Makkum en Raerd. Neffens de wettersteatsdeskundigen Klaas Rienks en Georg Walther hearde de krite fan Arkum en Dedzjum earst by de folle gruttere Ymswâlderhim, mar omdat it om in úthoeke gyng, is der in dyk lein tusken Maskeboersherne en Tsjerkwert. It ein dyk dat de Ymswâlderhim omsleat, waard hjirmei in stik koarter, mar it betsjutte wol, dat de dyk fan de Arkumerhim úteinlik net sa heech waard as dy fan de Ymswâlderhim. De einierden fan de lytse delsettinkjes Arkum en Dedzjum sille de kosten dêrfan net opbringe kind hawwe. De skieding soe neffens Rienks en Walther al yn de 12e iuw plakfûn hawwe.

Skoalle

Opmerklik genôch hat der yn it lytse doarp ek al hiel lang in skoalle west. Yn 1615 wurdt der yn Dedzjum al in skoalmaster neamd, Lieuwe Haarmens. Yn de `Tegenwoordige Staat' dy't ferskynde koart foar't J. Gardenier Visscher syn tekening makke, wurdt Dedzjum neamd, dat leit tusschen de Workumer jaagvaart en het Sensmeer, in een polder, benevens de buurtjes Arkum en Ysgum, waarvan het water door de Dedgumer- en Spakezyl ontlast wordt. Der hearre ûnder Dedzjum njoggen stimdragende pleatsen.

It Skil

Om 1700 hie Dedjum in kalkbaarnderij. De nedige skulpen waarden oanfierd oer de Lytse Mar, offisjeel Ypenbuerster Mar. Der moasten altyd skulpen yn foarrie wêze en dy waarden opslein op it Skil. It wurd "Skil” is oflaat fan "skulpen” en betsjut skulpegrús. De kalkûnen stiene sawat op it plak dêr't no de Harmonie is. Parregea wie in lange streek oan de Trekfeart, by de brêge ek wat huzen oan de oare kant fan it wetter, de "Rinteniersbuert" de kant fan Hieslum út, mar foaral it hert fan it doarp: de tsjerke mei de Tsjerkebuorren en it Skil.

De Pinfisker is de doarpskrante foar Parregea, Hieslum, Dedzjum en omkriten. Om 1930 hinne bestie de feriening Doarpsbelang ek al. De jiergearkomsten wiene yn de winters in hichtepunt foar it manfolk. Froulju seagen je der net: de emansipaasje wie doe noch net útfûn.

Oare ferienings:

  • Begraffenisferiening Tsjerkwert-Dedzjum
  • Fûgelwacht Parregea-Hieslum-Dedgum e.o.
  • Keatsferiening De Twa Doarpen
  • 60+ soas Tsjerkwert–Dedzjum

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2022
Ynwenners 178 156 145 120 97 93 98

Arkumerleane, Bueren, Fiskersbuorren, Ysgumerwei, Krabbedyk.

  • Lângoed Dedzjum State is in park mei fakânsjehúskes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje