Springe nei ynhâld

Dearsum (Súdwest-Fryslân)

Ut Wikipedy
Dearsum (Súdwest-Fryslân)
Doarpssicht
Doarpssicht
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 110 (2022) [1]
Oerflak 4,45 km²
werfan lân: 4,37 km²
werfan wetter 0,08 km²
Befolkingsticht. 25 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 05' N 5° 42' E
Offisjele webside
dearsum.nl
Kaart
Dearsum (Fryslân)
Dearsum

Dearsum is in terpdoarp yn it westen fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dearsum leit oan de autodyk N354 en de Swette, de lân- en wetterferbinings tusken Ljouwert en Snits. De Dearsumer Opfeart ferbynt it doarp mei de Snitser Aldfeart. In twadde feart foarmet de ferbining mei de Swette.

Dearsum is ûntstien oan de súdeastlike dyk fan de eardere Middelsee. Der binne fynsten yn de omjouwing dien fan foar de jiertelling. It is in âld terpdoarp, alhoewol 't dêr net folle fan te fernimmen is; lykwols binne der hjir en yn de omjouwing archeologyske fynsten dien, dy 't datearje fan foar it begjin fan de jiertelling. Nei 't de Middelsee oan- en tichtslike wie, kamen der flinke stikken nij lân by it doarp.

Pastorij

De terp fan Dearsum en de oan beide kanten beboude buert mei in soad grien, dy 't nei it suden ta rint, stiet skean op de âlde wetterkearing. Wetterherberch It Dearsumer Húske út 1787 is ien fan de âldste huzen yn it doarp en stiet bekend as de Reade Hoas. Dearsum hat in betreklik losse bebouwing fan benammen huzen mei foartunen – mei op de hoeke in brede notabele wenning – en in pear pleatsen. Foar de tsjerke en pastorije oer hat him, ticht op 'e dyk, in oanien sletten buertsje foarme. De pastorije stiet yn in royale tún; in breed bouwurk mei neoklassisistyske skaaimerken út de tiid fan de twadde helte fan de 19e iuw. It hûs hat fleugels en in hege middenpartij mei in djippe tagongsportyk en in frontonfoarmige bekroaning.

Nei 't de âlde Middelseedyk bepune wie ta in rydwei fan Snits nei Ljouwert, hat it doarp him amper by dy nije ferkearsier lâns ûntwikkele. Op de hoeke kaam wol in herberch. Letter waard dy útspanning in kafee en ytkafee. Súdwestlik fan de krusing leit in buertsje fan inkele huzen en in stjelpbuorkerij en noardlik noch wat losse bebouwing.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Dearsum diel út fan de eardere gemeente Raerderhim, neamd nei ien fan de himpolders fan de Middelsee. Sûnt dy tiid hearde Dearsum by de gemeente Boarnsterhim en doe't dy yn 2014 opheft waard, kaam Dearsum by de gemeente Súdwest Fryslân. Yn 1989 feroare de gemeente Boarnsterhim de offisjeel Nederlânske plaknamme yn de offisjeel Fryske plaknamme Dearsum.

Nikolaastsjerke
De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Dearsum).

It tsjerkje fan Dearsum is boud ein 12e iuw, mar hat doe nei alle gedachten in eardere, houten tsjerke ferfongen. Peter Karstkarel sprekt oer in Nikolaastsjerke, wylst it 19e-iuwske Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa it oer in Petrustsjerke hat.
De tsjerke hat in oantal romaanske skaaimerken (twa romaanske rûnbôgefinsters oan de noardkant), mar ek goatyske eleminten (benammen de súdmuorre), dy't dus it resultaat wêze sille fan lettere oanpassings. Sa sit der in tichtmitsele poarte yn de noardmuorre (15e iuw) en spitsbôgefinsters yn de súdmuorre (16e iuw). Dy finsters binne – krektas it ienige rûnbôgefinster yn de súdmuorre – dield troch stiennen trasearrings.
De sealtektoer hat oan alle fjouwer siden twa rûnbôge galmgatten.

Ynterieur

De tsjerke hat yn sober ynterieur. Dochs binne in pear bysûnderheden te sjen. Sa sit yn de súdside fan it koar de piskina. It is in yn de muorre oanbrochte bekken foar it ôfwaskjen fan it guod dat de preester brûkte by de eugaristy. De piskina sit yn in spitsbôge nis. Boppe de midden is in stiennen list (de ienige yn Fryslân), dêr't de ampullen op setten wurde koenen. (As de preester de ôfwask ôfspielde, liet hy Gods wetter oer Gods ikker rinne). Yn de noardmuorre sit ek in flinke nis, dy't as berchromte brûkt wêze sil. De preekstoel is 19e-iuwsk en by in renovaasje tsjin de eastmuorre setten. Dêrûnder leit in alterstien út de roomsk-katolike tiid. Hy is te werkennen oan de wijingskrúskes op de hoeken en yn de midden. De banken binne nij.

Oargel

It oargel is boud troch de Ljouwerter bruorren Adema yn 1875. It liket derop dat dit it earste ynstrumint fan de tsjerke wie. Yn de literatuer wurdt net sprutsen oer in âlder oargel, dat troch it Adema-oargel ferfongen waard. Om plak te meitsjen foar it oargel is de trekbalke út it ferwulf weihelle. De skoaren mei kaaistikken site der noch al. Ut it feit dat der gjin opskrift op de klok stiet kin opmakke wurde dat de klok tige âld wêze moat.

Pleats oan de Snitserdyk

Tsjin it ein 2015 waard yn Dearsum it nije Moetingssintrum De Finne iepene. Foar dy tiid moasten de Dearsumers it dwaan mei in keet. De bewenners hawwe safolle mooglik sels boud en oanlein. Yn 2018 waard in nije fasilitêre romte by De Finne iepene.[2]

Protestantsk Dearsum falt ûnder de PKN-gemeente Ingwert ((Raerd-Dearsum-Poppenwier-Flansum-Abbenwier). Yn de Nikolaastsjerke wurde noch út en troch tsjinsten fierd troch de PKN.

De iennige strjitte fan de doarpskom
Westlike tagong ta it doarp
  • Adam en Atze - iisklup. In bekende Dearsumer reedrider is Ids Postma.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2015 2022
Ynwenners 214 218 205 172 137 135 146 143 139 137 142 141 131 129 130 110
  • Dearsum is al mear as in iuw ferneamd om syn feefokkerij. De firma Schaap is in wrâldferneamde feefokkerij en fee-eksporteur.
  • Dearsum krige oan de ein fan de 20e iuw lanlike bekendheid as berte- en wenplak fan de ferneamde reedrider Ids Postma. Postma wie net de earste ferneamde reedrider yn it doarp: oan de ein fan de 18e iuw wie Dearsum it wenplak fan Adam Hurdrider.
  • In oare bekende Dearsumer is de skriuwer fan reisferslaggen út de tritiger jierren fan de 20e iuw, Anske van Dyk.
  • Yn 1987 hat it doarp in grutte wynturbine krigen. De mole levere stroom oan de ynwenners. Yn 1998 gie de mole stikken en yn 2006 is de kop der ôf takele.
  • Ek hie it doarp in grutte biogasynstallaasje.

Harstawei, Nûmer. Lofts fan de iennichste en ek noch dearinnende dyk stiet in brede ein-19e-iuwske wenning, dêr 't de Fryske dichter Douwe Kalma opgroeid is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje