Goaiïngea
Goaiïngea | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 244 (2022) [1] | |
Oerflak | 3,61 km, werfan: - lân: 3,52 km² - wetter 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 69 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 3' N 5° 42' E | |
Offisjele webside | ||
Side Goaiingea | ||
Kaart | ||
Goaiïngea is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It leit yn De Legeaën en it is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goaiïngea ûntstie as in terpdoarp eastlik fan de eardere Middelsee op de grins fan klaaigrûn dat yn noardwestlike rjochting leit en it leechfeangebiet nei it súdeasten. Foar it oanmeitsjen brûkte de befolking de leechfeangrûnen om turf te stekken. Fierders libben de minsken fan de it fiskjen en op de wat steviger grûn fan it hâlden fan fee. It doarp ûntwikkele him as in dykdoarp mei hjir en dêr groepkes huzen. Earst yn de 20e iuw ûnstiene der njonken de buorren oare strjitten.
Yn de 13e iuw waard it doarp as Goingum neamd, yn 1335 as Goynghum, yn 1427 as Goengma en yn de 16e iuw as Gonynghum, Goeijingum, Goyngha, Geongum en Goijinga. De namme tsjut nei alle gedachten op it wenplak (hiem/um) fan it skaai Goinga. '
De oan de apostel Willibrord wijde midsiuwske tsjerke fan it doarp waard healwei de 18e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn 1787 krige de tsjerke in tuorke mei in ynsnuorre spits tafoege. Fan de midsiuwske tsjerke is de klok bewarre bleaun, dy't yn 1342 getten waard.
Foar Willem Gerbrandy (1915-1943) en Simon Heeringa (1915-1943), de twa Goaijengeaster slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch, waard yn 2019 ta harren neitins in betinkingsstien oan de tsjerke oanbrocht.[2]
Oant 2011 lei Goaiïngea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Midden jaren 1990 is de eardere konsistoarje fan de herfoarme tsjerke omboud ta doarpshûs mei as namme ‘De Kosterij’. Yn it doarpshûs komme de doarpsgenoaten by elkoar yn ferieningsferbân of om gewoan in praatsje te meitsjen. Playbackshows, toaniel of muzykjûnen wurde der ek hâlden. It doarp hat in keatsfjild en in Jeu de Boulesbaan.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Goaiïngea.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biljertklub De Klosserij
- Dartklub De Dartelarij
- Frouljusferiening Bidt en Werkt
- Jeu de Boulesklub
- Keatsferiening K.F. De Lege Geaen
(sjoch doarpsside foar mooglike feroarings)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2013 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 183 | 364 | 344 | 338 | 299 | 267 | 258 | 234 |
Jier | 2015 | 2020 | 2022 | |||||
Ynwenners | 239 | 235 | 244 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pieter Sjoerds Gerbrandy (1885-1961), abbekaat en steatsman (ûnder oaren minister-presidint fan de Nederlânske regearing yn ballingskip yn de Twadde Wrâldoarloch)
- Willem Gerbrandy (1915-1945), Ingelânfarder
- Pieter Huistra (1967), fuotballer en fuotbaltrener
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'t Pollehout, Aldfeartsdyk, De Boppeslach, Goaiïngeamieden, Hege Wier, It Mediel, Midlânsdyk, Sickengawei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Goaiïngea fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|