Springe nei ynhâld

Ingwier

Ut Wikipedy
Ingwier
Ingwier en omkriten
Ingwier en omkriten
Bestjoer
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Himrik Makkum
Sifers
Ynwennertal 8
Oar
Postkoade 8754
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 4' N 5° 24' E
Kaart
Ingwier (Fryslân)
Ingwier

Ingwier (earder ek Ingwierrum en eartiids Abbenwier en Abbingawier) is in buorskip en earder doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Ingwier leit benoarden Makkum, dêr't er offisjeel ûnder falt, yn de polder De Wearen. Ingwier leit fierder súdeastlik fan Koarnwert en súdwestlik fan Wûns, dêr't er 400 jier tsjerklik mei ferbûn wie.

De buorskip bestiet út trije pleatsen en ien hûs dat eartiids in arbeiderswente wie. De buorskip telt likernôch 8 ynwenners. Foar 1902 stie der in tsjerkje yn Ingwier. It âld tsjerkhôfke, mei ien grêfstien, is der noch hieltyd en wurdt troch beammen omjûn. De âlde terp is ek noch yn it lânskip werom te kennen. Ien fan de pleatsen stiet op in twadde terp.

Ingwier lei eartiids oan de Silaardermar.

Ingwier ûntstie is nei alle gedachten op in terp ûntstien. Yn de midsiuwen rûn der in slinke fan de Marneslinke fan Harkesyl súdlik by Ingwier del om justjes noardlik fan Makkum yn 'e Sudersee út te mûnjen. Dat joech Ingwier in gaadlike ferbining oer it wetter. Dy slinke slike sa stadichoan ticht. Noardlik fan Ingwier lei eartiids de Silaardermar, dy't oan de ein fan de achttjinde iuw drûchmeald waard. Dy mar is mooglik nei in âlde terp Silaard, dy't tichteby stie, neamd.

Ingwier wie nea in grut doarp. Hy wie it lytste doarp yn de gritenij Wûnseradiel en hie mar 6 stimmen. It bestie út in tsjerke, in trijetal pleatsen, en troch de jierren hinne waarden in stikmannich arbeidershuzen byboud. Fan dy huzen is der mar ien oerbleaun. Wol binne der oerbliuwsels fan weromfûn. Op kaarten en it kadaster binne se lykwols net werom te finen. Yn 1840 telde Ingwier trije pleatsen en ien hûs mei 31 ynwenners.

Ingwier wie foar 400 jier tsjerklik ferbûn mei it buordoarp Wûns. It doarp wie mei in tsjerkepaad, mei in tille oer de Molkfeart mei Wûns ferbûn.

Yn 1949 ferlear Ingwier syn status as doarp en besleat it gemeentebestjoer fan Wûnseradiel om de buorskip by de himrik fan Makkum te foegjen. De Ingwierderleane nei Makkum ta waard dêrtroch ferbrede en dêrtroch fertuteaze it tsjerkepaad nei Wûns stadichoan, allyk de ferbining oer de Inwierstertille nei de Wearsterwei. By de ruilferkaveling fan Wûnseradiel-Súd yn de 1990-er jierren wiene der plannen en help it âlde tsjerkepaad wer op. Oant no ta is dat noch hieltyd net útfierd.

Yn 2011 waard de buorskip part fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân dêr't de gemeente Wûnseradiel yn op gie.

Tsjerke fan Ingwier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fan Ingwier komt fan om-ende-by 1300 en wie in tsjerkje mei in sealtektoer. It ûnderhâld fan de tsjerke waard bekostige troch it ferhieren fan lân. Letter rekke de tsjerke dochs yn it neigean. Yn 1864 stoarte de toer en de westmuorre yn. It is net dúdlik wêrom, mar mooglik troch in stoarm. It waard net yn de boeken neamd. Lang om let yn 1882 waard besletten de tsjerke fannijs op te bouwen, nettsjinsteande dat der mar ien herfoarme hûshâlding yn it doarp wenne. Yn 1902/1903 waard it tsjerkje lykwols wer ôfbrutsen, om't der gjin leden mear wiene en it ûnderhâld te djoer waard. De klok waard skonken oan in tsjerkje yn de Limburchske mynstreek.

Hjoed-de-dei binne der noch oerbliuwsels fan de kelder fan it tsjerkje, en is it tsjerkhôf, dy't troch beammen omjûn wurdt, mei ien grêfstien der noch hieltyd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje