Springe nei ynhâld

Koarnwert

Ut Wikipedy
Koarnwert
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 80 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,43 km², wêrfan: - lân: 4,37 km²
- wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 19 ynw./km²
Oar
Postkoade 8753
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 4' NB, 5° 23' EL
Offisjele webside
FB-side Koarnwert
Kaart
Koarnwert (Fryslân)
Koarnwert

Koarnwert is in terpdoarp noard fan Makkum yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Under it doarp falle de buorskippen Sotterum, Hou en Hiddum.

Yn it wapen en de flagge fan Koarnwert stiet in swan. Dit is in ferwizing nei de kloften swannen dy't winterdeis yn de Iselmar by it doarp oerwinterje.

Koarnwert hat 80 ynwenners(1 jannewaris 2023)[2].

Koarnwert waard yn 'e njoggende iuw foar it earst as Quirnifurt neamd en yn in dokumint fan 944 as Quirnivirt. Dy namme wie ôflaat fan it Germaanske wurd quirnu, dat 'hânmûne' betsjut, en wurth, it Aldfryske wurd foar in foar bewenning gaadlik makke opwurpen hichte. De namme kaam foar yn akten fan it Dútske kleaster fan Fulda, dy't skinkingen ûntfong fan 12 pleatsen út Koarnwert.

Yn 1275 waard it doarp yn in kopy Cornwerth neamd. Oare nammen wiene: Corneworth (1315), Cornwerth (1379), Cornwairt (1400) en, Coornwert (sechtjinde iuw). Yn it Frysk waard it yn 'e santjinde iuw Kornwirt, sûnt de achttjinde iuw Koarnwert en yn it Nederlânsk Cornwerd.

Der moat om Koarnwert hinne al yn 'e tiid fan 'e Romeinen of earder bewenning west ha. It is net wis oft der bewenning wie op de hjoeddeiske terp, mar by Sotterum binne spullen fûnen út 'e Romeinske perioade.

Bonifatiustsjerke.

De tsjerke is fan om ende by 1150 en wie foar de reformaasje wijd oan Sint-Bonifatius. Yn 'e midsiuwen wie Koarnwert in wichtich hannelsplak, want it lei strategysk oan 'e iennige farrûte fanút it noarden nei Makkum. Yn Makkum leine de slûzen nei de Sudersee, dy't fan grut belang wiene foar de wetterôffier fan 'e doe machtige Hânzestêd Boalsert. Der waard hannele mei keaplju út û.o. Hamboarch en Hollân. Ut âlde registers komme nammen as "Cornwürth" en "Coernwaert" foar. Nei de Hollânske nederlaach by de Slach by Warns op 26 septimber 1345 mochten de Hollanners mar yn trije Fryske plakken hannel driuwe en dat wiene Koarnwert, Harich en Holwert.

Yn 'e rin fan 'e 15e iuw naam de betsjutting fan Koarnwert ôf en makke Makkum opgong. Koarnwert waard mear in fiskers- en boeremienskip. Yn 1496 waard Koarnwert it toaniel fan de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers. Edo (Hidde) Jongema, dy't op 'e pleats fan Hiddum wenne, wie in foaroansteande Skieringer. De Fetkeapers ûnder lieding fan Tsjerk Walta fan Boalsert woene him krije en hy hold him foar har ferside yn 'e tsjerketoer. Tsjerk Walta kaam mei in legerke fan Boalserters en Warkumers nei Koarnwert en belegeren de tsjerketoer. Syn freon Sjoerd fan Beyma kaam mei in legerke út Wytmarsum, Arum en Frjentsjer om him te helpen en wisten Tjerk Walta en syn mannen te ferdriuwen.

Hayumerleane.

Yn 1640 waarden der 15 boerepleatsen yn Koarnwert teld. Dat Koarnwert in rike boeremienskip wie is te fernimmen oan it grutte tal ferbouwings fan de tsjerke, te witten yn 1510, 1580 en 1740, en yn 1898 doe't de âlde sealtektoer ferfongen waard troch in spitse toer, dy't ek as beaken foar de skipfeart op 'e Sudersee tsjinne. De lânbougrûn om Koarnwert hinne wie fruchtber en yn 1780 is de Silaardermar, dy't tusken Koarnwert en Wûns lei, drûchlein. Koarnwert libbe yn dy tiid fan 'e lânbou en fiskerij, mar de lêste naam ek ôf mei oanlis fan de Ofslútdyk yn 1932.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dútske stelling oan 'e kop fan 'e Ofslútdyk nei de befrijing (1945)

Mei de Dútske besetting op 10 maaie 1940 waard der om Koarnwert hinne hurd fochten. De Wûnsliny, dêr't lân fan Surch ôf oer Wûns nei Makkum ûnder wetter set waard om de fijân te kearen, rûn om Koarnwert hinne. Mar de Dútsers brutsen der troch hinne en Koarnwert waard beset gebiet. Dat duorre oant 18 april 1945, doe't de Kanadezen kamen dy't Fryslân fan de Dútske besetter befrijden. Dêrby rekken noch wat pleatsen op Hiddum en Haaium (ûnder Wûns) yn it midden fan 'e striid en rûnen in protte skea op.

Oant 2011 lei Koarnwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Koarnwertermûne.

De tsjerke giet werom op de 12e iuw. Yn 1998 is de lêste tjinst holden yn 'e tsjerke fanwege it lytse tal minsken en hja binne no oanwiisd op Makkum. De Bonifatiustsjerke is in ryksmonumint.

Oan de Sotterumerdyk by Koarnwert stiet de Koarnwertermûne, dy't sûnt 1907 oant 1972 de taak hie om de polder fan it Wetterskip Koarnwert te bemeallen. De polder bestiet út fûgeltsjelân dat no beheard wurdt troch It Fryske Gea. Der wurdt rûge dong brûkt en der wurdt let meand. Yn 2022 wurde der yn de himrik fan Koarnwert seis wynmûnen boud fan Wynpark Nij Hiddum-Hou.

Koarnwert hie in skoalle dy't yn 1934 sluten is.

Doarpshûs De Bining.

It doarpshûs fan Koarnwert hjit De Bining. Koarnwert hat in feriening foar Doarpsbelang.

De bynamme foar Koarnwerters wie eartiids "hikkespringers". Dat kaam om't men troch (of oer) in trijetal hikken moast om by de tsjerke te kommen. De grûn, dêr't in grut part fan 'e hjoeddeiske Doarpswei op leit, hearde by trije pleatsen. De boeren brûkten de hikken om it fee te kearen. De âlde tagongswei nei it doarp lei oan de noardigge fan de opfeart. Doe't oan de noardkant fan de strjitte hûzen boud waarden, waard de tagongswei fan de seedyk ôf ferlein en ferdwûnen nei yngripen fan 'e gemeente de hikken.

Ferieningslibben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009 2015 2020
Ynwenners 69 169 141 126 115 98 100 80 78 78
De Koarnwertertille mei Koarnwert.

Doarpswei, Haaiumerleane, Hollingerleane, Houdyk, Sotterumerdyk.

De Doarpswei dat troch de doarpskearn rint hat de status fan Beskerme Doarpsgesicht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje