Springe nei ynhâld

Wûns

Ut Wikipedy
Wûns
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 290 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,09 km², wêrfan:
- lân: 7,02 km²
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 39,17 km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 5' NB, 5° 25' EL
Offisjele webside
hiemside Wûns
Kaart
Wûns (Fryslân)
Wûns
Kaart
Himrik fan Wûns yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel

Wûns is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wytmarsum. Under it doarp falle de buorskippen Doanjewier, Haaium, Goaium, Mountsjewier en De Wearen. It eardere doarp Ingwier foel foar in skoft ek ûnder Wûns.

It doarp hat 290 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De earste kear dat Wûns neamd wurdt is as 'Wildinghe yn 1270. Letter wie der ek sprake fan Veldenzee (1290), Weldenzie (1298), Wildinghe (1310), Weldinghe (1327), Woldens (1374 en 1474), Wildinge, Wondenze (1404) , Woudens en yn 1495 wie it Wons.[3] Op de lytse terp hawwe nea huzen stien, mar nei alle gedachten waard der earder rjocht sprutsen.

Yn 1728 is yn it stee fan in midsiuwske tsjerke in achthoekich protestantske tsjerke boud mei in piramidefoarmich dak mei in klokkoepeltsje. De âlde klok út 1595 klok waard yn 'e oarloch meinommen troch de Dútsers. Op de toer stiet ynstee fan in wenstige hoantsje in hart. It doarpswapen fan Wûns hat ek in hart. De tsjerke stiet bekend as it 'Wûnzer teebuske'.

De Fryske dichter Jan Cornelis Pieter Salverda, (Boalsert (28 juny 1783 - Wûns 7 maart 1836) wie skoalmaster yn Wûns. Syn tragyske libbensrin en spjalten persoanlikheid waarden troch syn freon en beskermer Joast Halbertsma oangripend beskreaun. Der sit in tinkstien oan him yn de tsjerkemuorre.

Monumint oan 'e Wildingheleane foar de fallen Kanadeeske soldaten fan it 1Queen's Own Rifles of Canada-rezjimint, dy't ferstoaren by de befrijing fan Europa en wêrfan allinne by Wûns seis soldaten omkamen.

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich wienen de stellingen Wûns en Koarnwertersân tige wichtich.

Oant 2011 lei Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Oan de Noarderleane stiet doarpshûs It Bynt. It doarp hat in feriening foar doarpsbelang en de doarpskrante hjit Us it Hert.

Wûns hie oant 2015 in basisskoalle; de JCP Salverdaskoalle. De skoalle waard sletten om 't it tal bern ûnder de noarm fan 23 bern sakke.[4]

De Protestanske tsjerke fan Wûns is tsjintwurdich by in stifting ûnderbrocht.

Komboerd fan Wûns.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 172 462 423 380 348 302 300 285 296

Boarne 2015 en 2020: Alle Cijfers

Goaiumerleane, Haaiumerleane, Tsjerkestrjitte, Noarderleane, Alde Skoalpaad, Pastorijelân, Rykswei A7, Salverdastrjitte (neamd nei Jan Cornelis Pieter Salverda), Terpwei, Wearsterwei, Wildingheleane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje