Hylpen
Hylpen | ||
De Sylroede mei op eftergrûn de Slûs en dêrnjonken it Sylhús | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 850 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8713 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 24' EL | |
Grutte Tsjerke en dêrnjonken Museum Hindeloopen | ||
Kaart fan Hylpen | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Stedsgebiet fan Hylpen yn de eardere gemeente Nijefurd |
- Dizze side giet oer de stêd Hylpen. Foar de eardere gemeente, sjoch: Hylpen (gemeente).
Hylpen (argaysk ek Hynljippen; Nederlânsk en offisjeel: Hindeloopen; Hylpersk: Hielpen) is in stêdsje yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Hylpen yn de eardere gemeente Nijefurd. It is nei Sleat de lytste fan de Fryske âlve stêden. It leit oan de Iselmar.
Hylpen wie in selsstannige gemeente oan 't it yn 1984 mei Warkum en Starum en in grut part fan Himmelumer Aldefurd opgie yn de nije gemeente Nijefurd.
Dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as yn de buorstêd Starum wurdt yn Hylpen gjin Stedsk praat, mar in fonologysk sjoen tige behâldend Frysk dialekt, it Hylpersk. Om't Hylpen isolearre fan it efterlân lei en in woltierige seehannel hie, waard der hannel bedreaun mei de lannen om de Eastsee, Skandinaavje en Ingelân. De talen dêre hawwe in ynfloed op it Hylpersk hân. Ek hat it in tige behâldende lûdlear en wurdskat dêr't noch in soad fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is. Troch it grutte ferskil yn útspraak en wurdskat mei it Standertfrysk is de fersteanberens net grut. Der binne likernôch 400 sprekkers.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Hylpen giet werom oant yn de achtste iuw, doe't it as delsetting ûntstie. It hie dêrnei al gau te lijen ûnder de Noarmannen. Yn 825 komt de namme Hindelop foar yn i oarkonde as de namme foar de delsetting. Yn de tsiende iuw is yn Ingelân de namme Hintlop bekend. Yn de tolfde iuw stie der al in kapel en yn de fjirtjinde iuw in tsjerke.
Hylpen krige yn de trettjinde iuw, mooglik yn 1225 stedsrjochten, wêrtroch it ien fan de âlve stêden is. Om't de Fryske lannen net troch in lânshear bestjoerd waard, dy't stedsrjochten ornaris joech, ûntstiene de stedsrjochten dêre stadichoan of se waarden ûntfongen. De âldste kearn wie om it strjitsje de Buorren hinne en wreide doe út nei de Tunen, dêr't earder grientetunen wiene.
De stêd hie lang gjin haven mar allinnich in ree yn de Sudersee; dochs wie it in lange tiid in wichtich fiskers- en hannelsplak en wie foar in skoft ferbûn mei de Hânze wylst it sels gjin Hânzestêd wie. De stêd hie in soad hanneslrelaasjes mei Lübeck en oare Hânzestêden. De houtfeart mei Noarwegen en it Eastseegebiet en de hannelskontakten mei Amsterdam wiene fan belang foar de bloeitiid fan de stêd. Yn 'e tiid fan de Skieringers en Fetkeapers wie Hylpen fan strategysk belang. Bytiden fêstige er in hearsker yn de stêd en wiene der terjochtstellings. De namme Galgepolle docht weromtinken oan dy snuorje.
De skippen fan de fiskers hiene de registraasjeletters HI. De grutte bloeiperioade fan it stedsje lei tusken 1650 en 1790, doe't Hylpen in grutte float hie fan mear as tachtich skippen. Om't Hylpen sels gjin seehaven hie dêr't grutte skippen net yn del komme koene, waard Amsterdam as thúshaven foar de Hylper skippersfloat brûkt. Oan de kapitale kapteinshuzen út de 17e en 18e iuw is noch te sjen hoe ryk oft de Hylpers wienen. De kapteinshuzen hienen faak in lyts ankerke yn de gevel om sjen te litten dat de kaptein thús wie. As de kaptein simmerdeis de see op wie gienen de froulju mei de bern yn de likhûzen, dat binne lytsere húskes dy't efter yn de tún tsjin it wetter oanboud wiene.
Yn de achttjinde iuw buorke de skipfeart en hannel efterút en komt der in ein oan de ekonomyske bloei. It tal skippen nimt yn oantal ôf en it ynwennertal sakke fluch. Sels de Grutte Tsjerke waard by ferbou ferlytse. Lykwols oan de ein fan de njoggentjinde iuw like it derop dat de ekonomy fannijs ferbettere, omreden de flugge groei fan de fiskerij oan de Fryske westkust. Nei it bouwen fan de Ofslútdyk yn 1932 hold dat ek wer op en naam de grutte fan de fiskersfloat fluch ôf. Ek it sanearringsbelied fan de oerheid spile dêrby in rôl.
Njonken de âlde haven waard yn 1970 de nije Jachthaven Hylpen oanlein.
De namme Hylpen wie lang allinnich de eigen namme fan de stêd, stavere as Hielpen, wylst it Standertfrysk Hynljippen hie. Tsjin de ein fan de 20e iuw is de eigen namme lykwols algemien wurden.
It stêdsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hylpen leit mei de stedskearn op in lântonge dy't oan trije kanten troch de Iselmar omsletten wurdt. de stedskearn bestiet út smelle strjitsjes, stegen en grêften mei lytse brêgen. De wetters Sylroede, Yndyk en Easterfeart (Hylpersk: Aesterfaart) rinne troch Hylpen hinne.
Hylpen hat in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek al is Hylpen lyts, der is in protte te sjen. In part fan Hylpen is Ryksbeskerme Stedsgesicht, ien fan de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân. Alhoewol't Hylpen lyts is, is der in soad te besjen:
- Westertoer út 1593
- Kapteinswenten
- Grutte Tsjerke út 1632
- it eardere stedhûs, dêr't no Museum Hindeloopen yn fêstige is.
- it eardere Havengebou no as Sylhûs, mei iepen klokke(stoel)toer, út 1619.
- De Slûs, fuortendaliks njonken it Sylhûs
- eardere oerdekte fiskôfslach, no Leagenbank út 1785.
- gevelbyldnis op it Slûshûs de "Wonderbare fiskfangst" út 1911.
- de âlde fiskershaven yn 2006 rekonstruearre nei de haven út 1934.
- Earste Fryske Redensmuseum
- It badpaviljoen justjes súdlik fan de stêd.
Hylpen hat (of hie) syn eigen dracht, en de Hylper skilderkeunst is wiidferneamd. Tsjintwurdich draacht allinnich de folkloristyske sjong- en dûnsgroep "Aald Hielpen" de Hylper klaaiïng noch by optredens yn Hylpen of fier dêrbûten, oant Amerika en Japan ta.
Tsjintwurdich is Hylpen benammen populêr by toeristen dy't fral yn de maitiid en simmerdeis it stedsje oandogge. Ek is der in grutte jachthaven. En in lytsere âlde gemeentefiskershaven, dy't hjoed de dei in passantehaven fan de Feriening Hylper Haven is. De eardere Suderseeslûs (fan 1785) wurdt noch altyd mei de hân betsjinne, de slûs is 20 meter lang, 5 meter breed en de drompelhichte is 1 meter 30.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De niisneamde Grutte Tsjerke (Hylpersk: Graet Serke) fan 1632 mei de Westertoer út 1593, fan earder de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, hjoed-de-dei fan de PKN. Tichteby steane de Grutte Fermanje, in minniste tsjerke fan 1653, en Lytse Fermanje (Hylpersk: Likserke), dy't ta wente ferboud is.
Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de wettersport en musea binne der nettsjinsteande it lytse ynwennertal yn ferhâlding in soad foarsjennings yn Hylpen. Sa is der in lytse middenstân en in tsiental horekagelegenheden. De jachthaven Hylpen is in 4-stjerren jachthaven mei in protte foarsjennings. De âlde fiskershaven biedt ek gelegenheid foar oernachting. Fierders binne tichtby Hylpen 3 kempings, yn de stêd Hylpen 3 pensjons en 2 hotels.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mienskipssintrum hjit De Foeke. Ek Pleatslik Belang hat hjir syn gearkomsten.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Folkloaristyske sjong- en dûnsgroep "Aald Hielpen"
- Iisklub Hielpen
- Grietje Sprot - fiskwivekoar
- Aucke Wybesz - shantykoar
- Damklup
- Skaakklub
- SV Hielpen - fuotbal
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Op 14 novimber 1981 en op 23 novimber 1991 wie Hylpen it plak wêr't de lanlike yntocht fan Sinteklaas wie. In dy fan '81 makke Michiel Kerbosch syn debút as de wolbekende Paadwiispyt.
- Op in oarkunde út 1355 hinget in segel mei in hartesoarte der op. Op it stedswapen stiet ek sa'n hart.
- Hylpers wurde ek wol ribbekliuwers neamd. It soe komd wêze trochdat de ynwenners op it iis ynstee fan redens ribben ûnderbûnen.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museum Hindeloopen Hylper skilderkeunst, kostúms en skipfearhistoarje
- Earste Fryske Reedridersmuseum
Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stasjon Hylpen (Arriva), oan it spoar Ljouwert – Snits – Starum.
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle Strjitten yn Hylpen
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Haven
-
Tsjerke
-
Tsjerketoer
-
Grêft
-
Komboerd
Byldzjende keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Leagenbank (bjusterbaarlike fiskfangst)
-
Leagenbank (wapen)
-
Justitia
-
Aukje (Hylpen) (Evert van Hemert)
-
Aukje (Hylpen) troch Evert van Hemert
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hylpen fan Wikimedia Commons. |
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân |
---|
Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum |
wizigje |