Nijesyl (Súdwest-Fryslân)
Appearance
Nijesyl (Nederlânsk: Nijezijl) is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de iggen fan de Wide Wimerts. Nijesyl leit foar in part yn 'e himrik fan Easthim en foar in oar yn 'e klokslach fan Drylts. Oars as wat men tinke soe leit de grins net oer de Wide Wymerts, mar krekt east dêrfan. Der wenje sawat 60 minsken yn de buorskip. Nijesyl leit oan it spoar fan Ljouwert nei Starum mar is oanwiisd op it stasjon fan Drylts.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nijesyl - De haadstrjitte, dy't fan de oerdyk oan de westkant fan de buorskip noardeast troch de buorren rint. Dêrby krúst de strjitte de Wide Wymerts, en justjes fierder nei it easten ek de stêdsgrins. De hiele Nijesyl wurdt lykwols as ien strjitte beskôge en hat ek in trochrinnende nûmering.
- Sylspaad - In paad oan de westkant fan de Wide Wimerts, fan de Nijesyl nei it noarden, de kant fan it spoar út.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de feart tusken Drylts en Boalsert ferlein waard, krige Nijesyl ek in brêge. Mar omdat Drylts al in brêge hie, de Syl, waard de namme de Nijesyl.