Skuzum
Skuzum | ||
Doarpswei | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 205 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 0,51 km² | |
Befolkingsticht. | 206 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 2' NB, 5° 25' EL | |
Himrik fan Skuzum | ||
Kaart | ||
Skuzum is in doarpke besuden Makkum yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
Skuzum hat 205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard yn 1270 Ytsingahusum neamd en in iuw letter ferbastere yn Idsingahusen. Eartiids wie Skuzum allinnich oer de seedyk te berikken. Doe't de Makkumer Mar yn 1876-1878 drûchlein waard, wie it mooglik om oer de Brekkenwei nei Allingawier te gean.
It Skústerfjild is in smel stik grûn efter de seedyk fan Gaast oant Koarnwert, dy't troch it Fly dellein is. It Fly foarme ek de heger lizzende ouwerwâlen, de lettere hege savelgrûnen. Oan ien fan de kriken is oan it begjin fan 'e jiertelling de Skústerterp oanlein. Dat die bliken út de fynst fan twa amuletten, wêrfan ien tichtby de seedyk by Piaam fûn is (twadde iuw nei Kr.) en de oare by Skuzum (út deselde tiid). Op dy lêste steane de wurden Terra-Sigillata.
De frij wolfarrende terpbewenners hienen lân oant Altena's pleats op de kromming fan de Grutte Sylroede by Makkum. Ek de lettere mûnen oan 'e Lytse Sylroede stienen op it grûngebiet fan Skuzum.
Spanjerts
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de gefjochten tusken Skieringers en Fetkeapers diene ek Skuzumers mei om yn 1500 Heinrich fan Saksen te ferjeien. De omkriten fan Makkum, dat ek Skuzum, hawwe lange tiid beset west troch de Spanjerts. Omdat men bang wie foar oanfallen fan de Wettergeuzen oer de Sudersee, moasten de doarpen mankrêft en hynders leverje foar wachtrinnen op 'e seediken. Om 1580 waarden de Spanjerts ferjage en briek in rêstiger tiid oan.
It wetter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wetter bliuwt de grutste fijân en elk doarp fan Wûnseradiel krijt in fak fan de dyk tawiisd om te ûnderhâlden. De doarpsrjochters hawwe it tafersjoch. By de dykferhegingen fan 1530 en 1570 binne de dykfearten (ek: seadfearten) groeven. Yn it gebiet tusken Makkum en de Skústertille, leit in stik leechlân tusken de dyksfeart en de hegere lânbougrûnen, wat wiist op it weiheljen fan grûn foar dykferhegingen. De roerige Frânske tiid fan striid tusen patriotten en prinsgesinden liket oan Skuzum foarby te gean, krektas de striid oer tsjerklike en skoallekwestjes.
De tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Skúster tsjerke waard yn 1874 boud en ferfong in âldere tsjerke dy't brekfallich waard. Yn it houten geveltuorke hinget in klok dy't yn 1696 getten waard. It oargel fan 'e tsjerke waard yn 1908 boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. Súdeastlik fan de tsjerke stiet de eardere pastorij. Sûnt 1971 binne der gjin tsjinsten mear yn'e tsjerke. Sûnt draacht de Stifting Skúster Tsjerke soarch foar it ûnderhâld fan 'e tsjerke.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 2011 lei Skuzum yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Sûnt de weryndieling yn dat jier heart it doarp by de gemeente Súdwest-Fryslân.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]"Jimmeroan" is de namme fan 'e feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs hjit "De Treffer". Juny is de moanne foar it doarpsfeest en yn septimber organisearret it doarp mei Piaam alle jierren in barbecue. De bynamme fan 'e ynwenners is "beantsjefretters". De nôtier yn it doarpswapen ferwiist nei de lânbou.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Begraffenisferiening.
- Feestkommisje Oer Twa Brêge.
- Toanielferiening Skuzum/Piaam.
- Feriening Skûster Doarpsmoune.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2011 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 77 | 179 | 163 | 145 | 120 | 91 | 109 |
Berne yn Skuzum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Durk Mozes (1894-1985), sosjalistysk foaroanman.
- Sjoerd Hofstra (1898-1983), sosjolooch en antroplooch.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|