It Prinsdom Oranje (Frânsk: Principauté d'Orange, útspr.: [pʀʌ̃sipo:'te: do:'ʀɔ̃ʒ], likernôch: "preons-si-poo-tee doo-rânzj; Oksitaansk: Principat d'Aurenja, útspr.: [prinsi'pat do'rεnʒa], likernôch: "pryn-si-pat doo-ren-zja) wie in ûnôfhinklik minysteatsje oan 'e rivier de Rône yn súdlik Frankryk. It bestie fan 1163, doe't de Hillige Roomskekeizer Freark I it BoergondyskeGreefskip Oranje ferhefte ta in soevereinprinsdom binnen it Hillige Roomske Ryk, oant 1713, doe't it foargoed yn Frânske hannen kaam en opgie yn it doetiidske Keninkryk Frankryk. Fan 1530 ôf wie it Prinsdom Oranje in besitting fan ferskate tûken fan it Hûs Nassau. Begjinnend mei Willem fan Oranje ûntstie dêrtroch in bân mei de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen dy't wol wat wei hie fan in personele uny. De namme fan it Hûs Oranje-Nassau, it Nederlânske keningshûs, giet werom op it prinsdom, en sa ek it feit dat oranje de nasjonale kleur fan Nederlân is.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.