Reahûs
Reahûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 195 (2022) [1] | |
Oerflak | 4,44 km² lân: 4,35 km² wetter: 0,09 km² | |
Befolkingsticht. | 49 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 04' N 5° 38' E | |
Offisjele webside | ||
reahus.nl | ||
Kaart | ||
Reahûs is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It leit oan de Frjentsjerter Feart tusken Skearnegoutum en Easterein. Yn it doarpsgebiet leit ek de buorskip Hoekens.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1956 wie Reahûs in útbuorren fan Easterein. Easterein, Itens, Hidaard en Lytsewierrum leinen oarspronklik op in eilân. Oertallich wetter fan it eilân waard û.o. lost by de Sânleanstersyl. Yn de 12e iuw slike de Middelsee stadichoan ticht. It doarp is ûntstien oan de Slachtedyk, in âlde seewarring fan it Middelseegebiet.
De skiednis fan Reahûs is nau ferbûn oan de tsjerke. Yn 1580 mocht pastoar Dominicus net langer foargean yn de tsjerke fan Easterein, hy krige in lyts pensjoentsje en gie nei de Pôle by Sânlean, dêr't in pear pleatsen stienen en dêr't er temûk trochpreke. Lang net eltsenien woe protestant wurde en de roomske tsjerke dûkte ûnder. Op de pleats Slippens (de earste skûltsjerke) en letter yn it 'Blauwe Huys' fan Bongastate (de twadde skûltsjerke) waarden om 1650 yllegale missen hâlden troch minsken dy't trou bleauwen oan it roomske leauwe. Troch it isolemint en omdat it net opfoel waard dat troch de fingers sjoen.
Yn 1709 ferhûze kapelaan Ignatius Cramers fan it hûs mei it blauwe dak (= Bongastate), dêr't doe de katolike Eastereinders gearkamen, nei de Alde Pôlle by Sânlean. Dêr waard de tredde skûltsjerke boud mei in read dak om dúdlik te meitsjen dat it dien wie mei de tsjinsten yn it 'Blauwe Huys'. Cramers wurdt dêrom ek beskôge as de stifter fan Reahûs.
De fjirde skûltsjerke waard yn 1762 ûnder pastoar Van Rijswijk boud, dat tsjerkje waard letter wat fergrutte. Doe't Ten Bokum as pastoar tsjinne waard yn 1883 besluten om hjoeddeiske tsjerke te bouwen by de Slachtedyk.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Reahûs diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel, dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de nije gemeente Littenseradiel. Op 1 jannewaris 2018 waard Littenseradiel opdield en kaam Reahûs yn de gemeente Súdwest-Fryslân te lizzen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doarpsbelang jout it krantsje Bochtwurk út. It doarpshûs hjit 'It Readhûs'. Fierder binne de tsjerke, it kafee en de skoalle foar it doarpslibben tige wichtich.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in roomske skoalle, de Sint-Bonifatiusskoalle. Op de skoalle (43 learlingen yn 2022) komme ek bern út oare doarpen.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De roomske Martinustsjerke is wijd oan Sint-Martinus.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 234 | 217 | 197 | 168 | 180 | 195 |
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- West fan Reahûs by in wiel stiet in healrûne sirkel as neitins oan in dyktrochbrek. Dat keunstwurk 'Oase is makke troch Marga Houtman.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bongapaed
- Pastoar Ten Bokumstrjitte
- Sânleansterdyk
- Slyp
- Slypsterwei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|