Karolingen
De Karolingen wienen in dynasty dy't oer it Frankyske Ryk regearde fan de 8e oant de 10e iuw. Sy namen de hearskippij oer fan de Merovingen yn 751, troch Pippyn de Koarte. De namme is ôflaat fan Karel Martel (dy't as bastertsoan) net as in folslein lid fan de Pippyniden sjoen wurdt.
Der wurdt sein dat de dynasty fan de Pippyniden stifte waard troch Arnulf fan Metz, biskop fan Metz op de ein fan de 7e iuw. Dizze hie in protte macht yn it Merovingyske keninkryk. In neisiet fan him Pippyn fan Herstal, hofmeier fan it keninkryk Austraasje, hie yn syn tiid de feitlike macht yn hannen. Pippyn waard, nei in opfolgingskriich troch erfgenamten, opfolge troch syn bastertsoan, Karel Martel. Dêrmei wûn de partij fan de Karolingen it fan de Pippyniden.
Karel Martel wie de heit fan Pippyn de Koarte, de earste Frankyske kening fan de dynasty, dy't de lêste Merovingyske kening Gilderik III ôfsette. Yn 732 makke hy in ein oan de opmars fan Moaren yn Súd-Jeropa troch it Moarske leger by Toers te ferslaan.
Karel de Grutte joech de Karolingen noch mear oansjen. Hy wreide it ryk fierder út nei it noarden en easten en wie in krêftich bestjoerder dy't foar ienheid soarge yn it ryk.
Nei de ferparting fan it Frankyske Ryk yn it Ferdrach fan Ferdun yn 843 bleaunen de Karolingen noch in skoftlang oan de macht.
- Yn it westen, it lettere Frankryk bleau de dynasty oan it bewâld, oant it Hûs Kapet, in besibbe staach fan de famylje, de troan oernaam.
- Yn it midden, Noard-Itaalje en yn Lotaringen bleau de haadstaach trochregearen oant 887.
- Yn it easten, dat letter it Hillige Roomske Ryk wurde woe, bleaune de Karolingen regearen oant 911, doe't sy opfolge waarden troch it Hûs fan Saksen.
Karolingyske Hûs (751 oant 987)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 751 - 768: Pippyn de Koarte
- 771 - 814: Karel de Grutte
- 814 - 840: Loadewyk de Fromme
- 840 - 877: Karel de Keale
- 877 - 879: Loadewyk de Stammerder
- 879 - 882: Loadewyk III
- 882 - 884: Karloman, kening fan Francië
- 884 - 887: Karel de Grouwe
- 888 - 898: Odo I, greve fan Parys (Robertingyske Hûs)
- 898 - 922: Karel III de Ienfâldige
- 922 - 923: Robert (Robertingyske Hûs)
- 923 - 936: Rudolf, greve fan Boergonje (Robertingyske Hûs)
- 936 - 954: Loadewyk IV
- 954 - 986: Lotarius
- 986 - 987: Loadewyk V de Loaie