Kanons fan de Apostels
Kanons fan de Apostels | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 341 – 375 n.Kr. |
De Kanons fan de Apostels is in ier kristlik traktaat dat heart ta de tsjerkeregels. It is in pseudepigrafyske tekst dy't sabeare troch de tolve oarspronklike apostels skreaun wêze soe, mar dy't yn wurklikheid út Syrje ôfkomstich is, en mooglik datearret fan 'e midden fan 'e fjirde iuw (yn elts gefal fan nei 341, mei't it swier stipet op it Konsylje fan Antiochië, dat yn dat jier holden waard). De tekst befettet 85 tsjerkewetlike kanons, dy't yn 692 troch it easterske Konsylje fan Trullo befêstige waarden. Yn 'e westerske tsjerke sirkulearren mar fyftich fan dizze kanons, dy't om 500 hinne oerset wiene troch Dionysius Eksiguus, en dy't ôfwiisd waarden troch paus Konstantinus I (pont. 708-715).
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kanons fan de Apostels hat foar it meastepart te krijen mei it amt en de plichten fan kristlike biskoppen, de kwalifikaasjes en it hâlden en dragen fan 'e geastlikheid, it leauwenslibben fan 'e kristlike gemeente (mei de klam op seksuële ûnthâlding en fêstjen), en de sakraminten (doop, jûnsmiel, houlik). Teffens giet de tekst yn op ekskommunikaasje, it hâlden fan tsjerklike synoaden en hoe't men omgean moat mei heidens en joaden. Koartsein is de Kanons fan de Apostels in handige gearfetting fan 'e wetjouwing fan 'e iere tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |