Springe nei ynhâld

Brief fan de Korintiërs oan Paulus

Ut Wikipedy
Brief fan de Korintiërs oan Paulus
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±160 n.Kr.

It Brief fan de Korintiërs oan Paulus, ek wol koartwei Korintiërs oan Paulus neamd, is in algemien as apokryf beskôge tekst út 'e earste of twadde iuw, dy't oarspronklik ûnderdiel útmakke fan 'e Hannelingen fan Paulus, mar letter dêrút losmakke waard en as selsstannich geskrift sirkulearre. It brief hâldt út in reäksje te wêzen fan 'e ier kristlike gemeente yn it Grykske Korinte op 'e beide nijtestamintyske brieven dy't de apostel Paulus dêroan skreau (ntl. it Earste Brief oan de Korintiërs en it Twadde Brief oan de Korintiërs).

Yn Korintiërs oan Paulus wurdt de lear fan Simon de Tsjoender (sjoch: Hannelingen fan de Apostels 8:9-25) beskreaun, mei dêrûnder de ideeën dat God net almachtich is; dat de weropstanning ferfalske wie; dat de Kristus net wierlik de lichaamlik ynkarnearre God wie (de lear fan it dosetisme); dat de wrâld troch ingels skepen is (de Demiurch); en dat de Joadske profeten mis wiene. In beskie fan Paulus, it pseudepigrafysk Tredde Brief oan de Korintiërs makke ek ûnderdiel fan Hannelingen fan Paulus út. Korintiërs oan Paulus kin begrepen wurde as in oprop of oantrún om ketterske tinkbylden te bestriden; Korintiërs oan Paulus wie dus inkeld nedich as oanlieding foar 3 Korintiërs, en moat sadwaande it wurk wêze fan in otterdokse kristen dy't it gesach fan Paulus brûke woe as stôk om syn dosetyske en gnostyske tsjinstanners mei te slaan.

Nettsjinsteande it feit dat Korintiërs oan Paulus yn 'e Aldheid al rûnom erkend waard as in ferfalsking, hat it dochs in hoartsje diel útmakke fan 'e kanon fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus