Evangeelje fan Jakobus
Evangeelje fan Jakobus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±145 n.Kr. |
It Evangeelje fan Jakobus, ek wol bekend as it Berne-evangeelje fan Jakobus of it Proto-evangeelje fan Jakobus, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Dit geskrift wurdt yn 'e regel om it jier 145 hinne datearre, en is in pseudepigraaf ûnder de namme fan Jakobus, de healbroer fan Jezus, dy't neffens dizze tekst in foarsoan fan Joazef wie. It is oerlevere yn net minder as 130 Grykske manuskripten en teffens besteane der hânskriften yn it Syrysk, it Ge'ez (de deade tsjerketaal fan Etioopje), it Koptysk, it Georgysk, it Armeensk, it Aldtsjerkeslavysk, it Arabysk, it Iersk en it Latyn (hoewol't de Latynske ferzjes allegear út 'e Midsiuwen of letter stamje). De manuskripten út 'e Aldheid hawwe yn 'e regel titels dy't in fariaasje binne op it tema De Berte fan Marije.
It Evangeelje fan Jakobus is in saneamd berne-evangeelje, dat op grûn fan 'e ferhalen oer de bernetiid fan Jezus fan Nazaret yn 'e kanonike evangeeljes fan Mattéus en Lukas fierder útwreidet oer syn jonkheid, en dêrby yn dit gefal ek yngiet op 'e berte en it opgroeien fan Jezus syn mem Marije. It is de âldste boarne wêryn't beweard wurdt dat Marije foar, ûnder en nei de berte fan Jezus faam wie en bleau. De tekst bestiet út trije gelikense dielen dy't elkmis acht haadstikken beslane. It earste diel ferhellet fan 'e berte fan Marije en har jonkheid; it twadde diel set útein as hja tolve jier is, en fertelt hoe't troch de tuskenkomst fan in ingel fan God Joazef oanwiisd wurdt as har man; en it trêde diel giet yn op 'e berte fan Jezus en it ferbergjen fan 'e lytse poppe foar Heroades de Grutte, dy't him deadwaan wol fanwegen de foarsizzing dat er "kening fan 'e Joaden" wurde sil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |