Hannelingen fan Andréas
Hannelingen fan Andréas | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 1e of 2e iuw |
De Hannelingen fan Andréas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Andréas, dat yn elts gefal datearje moat fan foar de trêde iuw, om't dernei ferwiisd wurdt yn it trêde-iuwske Manigeeske Psalmboek. Hoewol't it ferskate skaaimerken hat fan in mids twadde-iuwske oarsprong, wize oare saken, lykas it net neamen fan 'e organisaasje fan 'e tsjerke en it swijen oer Jezus fan Nazaret as histoaryske persoan, op in noch eardere datearring, fan foar't it kristlik leauwe ta in fêste foarm bestjurre.
Oerlevering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hannelingen fan Andréas is ûnfolslein oerlevere yn twa manuskripten. It iene is in ier Koptysk hânskrift, dat in diel fan it ferhaal werjout en dat de bibleteek fan 'e Ryksuniversiteit Utert op 'e noed hat. It oare foarmet ûnderdiel fan it Gryksktalige Martyrium. Fierders binne der noch fragminten en sitaten yn oare teksten oerlevere wêrfan't men tinkt dat dy ta de missende dielen heard hawwe. Mei-inoar soe dat de Hannelingen fan Andréas dan op in lingte fan 65 haadstikken bringe.
Tradisjoneel tinkt men dat de Hannelingen fan Andréas basearre binne op 'e Hannelingen fan Jehannes en de Hannelingen fan Petrus, en dat dy trije teksten sels deselde auteur hawwe soene, de (wierskynlik fiktive) Leusius Charinus, oan wa't withoefolle twadde-iuwske apokrife teksten taskreaun waarden. De Hannelingen fan Andréas en Mattias, dy't oarspronklik as ûnderdiel fan 'e Hannelingen fan Andréas sjoen waard, beskôget men no as in selsstannige tekst.
Njonken de beide oerlevere oarspronklike foarmen bestiet der fan 'e Hannelingen fan Andréas ek noch in drastysk yn lingte werombrochte ferzje dy't omtrint 593 skreaun waard troch de tsjerkfaar Gregoarius fan Tours. Gregoarius liet frijwol alle apokrife passaazjes wei, en ek oare stikken fan 'e tekst, lykas it ferhaal wêryn't it preekjen fan in asketyske libbenswize troch Andréas de frou fan in Romeinske prokonsul derta oanset om by har man wei te gean (soks wie sosjaal en moreel ûnakseptabel foar Gregoarius syn Merovingyske lêzers). Boppedat foege Gregoarius oar materiaal ta.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hannelingen fan Andréas waard gauris klassifisearre as in gnostysk geskrift, oant yn 1945 de ûntdekking fan in grut tal wiere gnostyske teksten, by it Egyptyske Nag Hammady, it moderne begryp fan it gnostisisme fergrutte. Tsjintwurdich wurdt de Hannelingen fan Andréas mar komselden mear as gnostysk beskôge. De histoarikus Dennis MacDonald oppenearre yn syn boek Christianizing Homer: The Odyssey, Plato, and the Acts of Andrew ("It Kristenjen fan Homearus: De Odyssee, Plato en de Hannelingen fan Andréas") de teory dat de Hannelingen fan Andréas in kristlike werfertelling fan Homearus syn Odyssee foarmet.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hannelingen fan Andréas beskriuwt sabeare de sindingsreizen fan 'e apostel Andréas en de wûndertekens dy't er ferrjochtet, en einiget mei syn marteldea. De wûndertekens hawwe in heech boppenatuerlik gehalte en binne tige útwrydsk. Njonken de wenstige wûnders fan it genêzen fan 'e blinen en it wer ta libben wekjen fan 'e deaden, ensfh., oerlibbet Andréas it as er mank ferskuorrende wylde bisten smiten wurdt, bêdet er stoarmen del en ferslacht er hiele legers troch himsels inkeld te krúskjen. De Hannelingen fan Andréas befetsje ek in protte moralisearjen; sa feroarsaket er de dea fan in oerwûn embryo (om it oars te sizzen, hy fiert dus in abortus út, mar inkeld om't it bern bûtenechtlik is). Fierders rêdt er in jonge fan in ynsestueuze relaasje mei syn mem, wêrnei't de mem falske beskuldigings tsjin Andréas ynbringt, sadat er yn it tichthûs bedarret. Dêrop stjoert God in ierdbeving om Andréas en de jonge te befrijen. As er úteinlik oan it krús slein wurdt, sprekt Andréas noch trije dagen lang preken út ear't er stjert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |