Hannelingen fan Barnabas
Hannelingen fan Barnabas | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 5e iuw |
De Hannelingen fan Barnabas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in yn it Gryksk steld pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Jehannes Markus, dy't beweart de sindingsreizen fan 'e apostel Barnabas, de selskipsman fan Paulus, te beskriuwen. Dêrby wurdt fral yngien op dy syn stifting fan 'e earste kristlike mienskippen op Syprus.
It taalgebrûk en de ûnderlizzende tsjerkepolitike polemyk ferriede lykwols dat it hjir giet om in fyfde-iuwske tekst, dy't bedoeld is om 'e ûnôfhinklikheidsstriid fan 'e Syprioatyske tsjerke te ûnderstypjen en fan in apostoalysk fûnemint te foarsjen. De Tsjerke fan Syprus besocht him nammentlik fan it Earste Konsylje fan Efeze, yn 431, ôf los te meitsjen fan it Patriargaat fan Antiochië (wat yn 478 slagge). De Hannelingen fan Barnabas moatte net betize wurde mei it ier-kristlike Brief fan Barnabas of mei it Midsiuwske Evangeelje fan Barnabas.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |