Evangeelje fan Tomas
Evangeelje fan Tomas | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ευαγγέλιο του Θωμά ("Euangelio tou Thoma") | |
auteur | Tomas (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 40 – 140 n.Kr. |
It Evangeelje fan Tomas, yn it oarspronklike Gryksk: Ευαγγέλιο του Θωμά, Euangelio tou Thoma, inkeld ek wol ôfkoarte ta Tomas, is in yn goede steat oerlevere, ier-kristlik net-kanonyk útsprake-evangeelje, dat ta de gnostyske evangeeljes rekkene wurdt en troch alle hjoeddeiske kristlike denominaasje as apokryf beskôge wurdt. It moat net betize wurde mei it Berne-evangeelje fan Tomas, wat in hiel oare tekst is. It Evangeelje fan Tomas soe skreaun wêze troch Tomas, ien fan 'e apostels fan Jezus Kristus, dy't neffens it Evangeelje fan Jehannes fan Didymus, "Twilling", hiet, en de iennichste fan 'e dissipels fan Jezus fan Nazaret wie dy't net daliks oertsjûge wie fan Jezus syn weropstanning út 'e dea (Jehannes 20:24-29). Guon wittenskippers binne lykwols fan tinken dat dit evangeelje in pseudepigraaf is ûnder de namme fan Tomas, en dat de wiere skriuwer derfan dus anonym is. It wurdt datearre tusken 40 en 140, ôfhingjend fan 'e fraach oft men de apostel Tomas of skriuwer oanfurdet, ja of nee. As plak fan ûntstean wurdt oan Syrje tocht, dêr't de tomasynske tradysjes tige sterk wiene.
It Evangeelje fan Tomas waard yn desimber 1945, yn 'e mande mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, yn in krûk fûn troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady. Der is wol spekulearre dat de teksten begroeven binne om se te ferbergjen, nei't der foar it earst in strikte bibelkanon ôfkundige wie troch biskop Atanasius fan Aleksandrië (±297-373). It yn it Koptysk skreaune Evangeelje fan Tomas, dat nei alle gedachten weromgiet op in Gryksktalich orizjineel, bestiet net út in fertelling, lykas de fjouwer kanonike evangeeljes, mar út in 114-tal losse útspraken (logia) fan Jezus, dy't by neiere bestudearring gnostyske leauwenseleminten útdrage noch tsjinsprekke (dus de kwalifikaasje fan dizze tekst as "gnostysk" is twifelich). De útspraken steane soms op harsels, mar binne soms ek ynbêde yn koarte dialogen of likenissen. Logion 65 bestiet út in ferzje fan 'e Likenis fan 'e Wyngerd en de Hierders, dy't ek yn 'e trije synoptyske evangeeljes foarkomt (bgl. Lukas 20:9-16). Dêr jout de tekst fan Tomas in mooglike, sij it ûndúdlike ferwizing nei de dea fan Jezus; syn krusiging en weropstanning út 'e dea ûntbrekke yn Tomas lykwols, en Jezus de messias, sa't de kanonike evangeeljes him sjogge, is net de Jezus dy't út dit geskrift nei foarren komt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|