Gebed fan Salomo
Gebed fan Salomo | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | gebed | |
skreaun | 7e – 6e iuw f.Kr. |
It Gebed fan Salomo is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is basearre op 'e bibelpassaazje 1 Keningen 8:22-52, wêryn't in gebed fan 'e Israelityske kening Salomo beskreaun wurdt. Neffens 1 Keningen moat dit gebed útsprutsen wêze steande foar it alter en yn it bywêzen fan "de hiele gemeente fan Israel", ta gelegenheid fan 'e ynwijing fan 'e (earste) Timpel fan Jeruzalim. In selsstannich foarkommende, justjes ynkoarte ferzje fan dit gebed wurdt yn guon Latynsktalige bibels as haadstik 52 taheakke oan it deuterokanonike bibelboek Jezus Sirach. Inkeld wurdt it ek wol as in apart bibelboek tafoege drekt folgjend op Jezus Sirach. It Gebed fan Salomo is in lofsang op God, wêrby't dy tanke wurdt foar de tagedienens dy't er it Israelityske folk toand hat. It is ûnwierskynlik dat it echt troch kening Salomo skreaun is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side. |