Springe nei ynhâld

3 Makkabeeërs

Ut Wikipedy
3 Makkabeeërs
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ein 1e iuw f.Kr.

3 Makkabeeërs is in joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It boek hat in misliedende titel, mei't de ynhâld eins neat fan dwaan hat mei de Makkabeeske Opstân (167-160 f.Kr.) dêr't de boeken 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs oer geane. Ynstee dêrfan fertelt it it ferhaal oer de folle eardere joadeferfolgings yn Egypte, ûnder de Ptolemidyske kening Ptoleméus IV Filopator (reg. 222-205 f.Kr.). Syn titel hat dizze tekst skynber te tankjen oan 'e oerienkomsten fan 'e hjiryn beskreaune joadeferfolgings en dy yn 2 Makkabeeërs. Mei't dat lêste boek yn 'e tekst fan 3 Makkabeeërs neamd wurdt, kin dizze tekst op syn ierst oan 'e ein fan 'e earste iuw f.Kr. datearre wurde, wylst er nei gedachten fan foàr de earste iuw n.Kr. wêze moat. De auteur wie in Aleksandrynske joad dy't it boek yn it Gryksk skreau.

3 Makkabeeërs wurdt troch alle joadske streamings, it westersk kristendom en it grutste part fan 'e oriïntaalsk-otterdokse tsjerken as apokryf beskôge. De eastersk-otterdokse tsjerken (mei dêrûnder de Gryksk-Otterdokse Tsjerke en de Russysk-Otterdokse Tsjerke) rekkenje it lykwols àl ta de kanon. Ek de oriïntaalsk-otterdokse Armeensk-Otterdokse Tsjerke hat it opnommen yn syn bibels. Yn it Westen waard it allinnich mar troch de protestantske Evangelyske Bruorregemeente (oftewol de Hernhutters of de Moravyske Bruorren) oan harren Tsjechyske Kralice-oersetting fan 'e Bibel tafoege, net as ûnderdiel fan 'e kanon, mar as nijsgjirrige apokrife taheakke.

Neffens 3 Makkabeeërs brocht Ptoleméus Filopator yn 217 f.Kr., nei't er de Seleusidyske kening Antiochus III ferslein hie yn 'e Slach by Rafia, in besyk oan Jeruzalim. Dêr waard him lykwols troch yngripen fan God de tagong ta de Timpel ûntsein. Hy ûnderfûn dat as in misjegening en fette dêrtroch in slimmen hate op tsjin 'e Joaden. Werom yn Aleksandrië liet er de hiele Joadske mienskip yn Egypte oppakke om harren ta de dea te bringen yn syn hippodroom. De Egyptyske wet skreau lykwols foar dat de nammen fan alle terjochtstelden skriftlik fêstlein wurde moasten, en alle papier yn it lân rekke op doe't besocht waard en skreau de nammen fan alle Joaden op. Dêrtroch ûntkamen hja oan 'e terjochtstelling. Doe woe Ptoleméus de Joaden ûnrjochtlik deadwaan troch har deadrukke te litten troch oaljefanten, mar ek dat mislearre troch nij yngripen fan God, ek al wiene de oaljefanten dronken fierd sadat se gjin moederaasje mei de lju hawwe soene. Uteinlik waard de kening bekeard, wêrnei't er alderlei geunsten oan 'e Joaden ferliende. De Joadske mienskip stelde dy deis yn as it Ferlossingsfeest.

3 Makkabeeërs begjint frij abrupt, wat in soad tekstûndersikers de yndruk jûn hat dat it eins in fragmint fan in (ferlern gien) langer geskrift wêze moat. De ynhâld fan 3 Makkabeeërs is legindarysk fan karakter en it hat der alle skyn fan dat it hjir om in histoaryske roman giet ynstee fan om skiedskriuwing. Guon eleminten, lykas dat de nammen fan 'e Joaden alle papier yn Egypte beslaan soene, binne dúdlik oan 'e fantasij fan 'e skriuwer ûntspruten, mar oare saken kinne troch saakkundigen net beslissend befêstige of ûntkrêfte wurde.

Der besteane ferskate teoryen oangeande 3 Makkabeeërs. Ien dêrfan waard oppenearre troch de Joadske histoarikus Josefus (37100), dy't opmurk dat in protte (mar lang net alle) Joaden yn Egypte deadien waarden ûnder it regear fan Ptoleméus VIII Fyskon (reg. 146-117 f.Kr.), fanwegen harren stipe foar syn rivale Kleopatra II, en dat harren eksekúsje yndie útfierd waard mei dronkenfierde oaljefanten. It hat wol kâns dat dat de histoaryske basis fan 3 Makkabeeërs is. In oare teory is dy fan 'e Eastenryksk-Hongaarske rabbyn en teolooch Adolf Büchler (1867-1939), dy't tocht dat it boek de joadeferfolging yn 'e Fajûm-regio fan Egypte yn 200 f.Kr. beskreau. It is bekend dat de Joadske mienskip dêre doe hommels syn stipe ferskode fan 'e Egyptyske Ptolemiden nei de Syryske Seleusidedynasty; Büchler woe hawwe dat de reden dêrfoar in ferfolging fan oerheidswegen wie. Fierders seagen de kristlike ûndersikers Ewald en Willrich yn 3 Makkabeeërs in ferhoalen polemyk tsjin 'e Romeinske keizer Kaligula, wat betsjutte soe dat de tekst letter datearre wurde moat, om it jier 40 hinne. Dizze lêste teory wurdt lykwols troch de measte oare saakkundigen fan 'e hân wiisd mei't Ptoleméus yn it boek net úthâldt dat er in god is, wylst Kaligula dat perfoarst wol die.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus