Hannelingen fan Jehannes
Hannelingen fan Jehannes | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 150 – 200 n.Kr. |
De Hannelingen fan Jehannes is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in yn it Gryksk steld geskrift mei in foar in part gnostysk boadskip, dat tradisjoneel taskreaun waard oan Leusius Charinus, in selskipsman fan 'e apostel Jehannes, mar dat tsjintwurdich yn 'e regel datearre wurdt yn 'e twadde helte fan 'e twadde iuw, wat yn prinsipe eltse tiidgenoat fan Jehannes as skriuwer útslút. De Hannelingen fan Jehannes binne inkeld fragmintarysk oerlevere, mar wurde, tegearre mei de Hannelingen fan Paulus, beskôge as wichtichste fan 'e apokrife Hannelingen.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as oare wurken út it sjenre fan 'e hannelingen beweart de Hannelingen fan Jehannes in beskriuwing te wêzen fan 'e sindingsreizen fan ien fan 'e apostels (yn dit gefal Jehannes). It ferhellet oer twa spesifike reizen fan Jehannes, beide nei de stêd Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, dy't neffens de kanonike Hannelingen fan de Apostels ek ferskate kearen besocht is troch de apostel Paulus. De tekst stiet bol fan 'e dramatyske foarfallen en wûndertekens dy't troch Jehannes ferrjochte wêze soene.
Yn 'e oerlevere fragminten wekket Jehannes û.m. in foaroansteand boarger fan Efeze, in Lykomedes, en dy syn frou Kleopatra nei harren dea wer ta libben. Letter ferrinnewearret er de timpel fan 'e goadinne Artemis, de patroanfrouwe fan Efeze, wat ûnwierskynlikerwize liedt ta de bekearing fan in elk dy't dêr tsjûge fan is.
Yn in aparte, frij komyske passaazje oernachtsje Jehannes en syn selskipslju, wêrûnder de skriuwer, ûnderweis yn in herberge, dêr't de striematrassen optille fan it ûngedierte. Koart nei't se har deljûn hawwe, hearre syn selskipslju Jehannes sizzen: "Ik sis jimme, jim ûngedierte, hâld rekken mei in oar; ferlit jim thús foar dizze nacht en nim jim rêst op in plak dat fierôf is fan 'e tsjinners fan God!" De oare moarns fine de selskipslju it ûngedierte foar de drompel fan 'e keamer, ûngeduldich wachtsjend oant Jehannes harren tastimming jout om werom te kearen nei hûs. As de mannen Jehannes wekker meitsje, stiet dy it ûngedierte ta de matrassen wer te besetten fanwegen harren hearrigens oan 'e wil fan God.
Yn in fragmint dat letter spilet, komt de fromme Efezyske frou Drusiana te ferstjerren om't se mient foar in diel skuldich te wêzen oan 'e sûnden fan 'e duvelstsjinner Kallimachus. Nei har dea kringt Kallimachus nachts har tombe yn mei as doel om har lyk te ferkrêftsjen, mar wurdt dêrfan wjerholden troch in kreaze jongeling dy't him yn 'e tombe opwachtet en him hjit te stjerren dat er libje mei. Dêrop falt Kallimachus dea del. De oare deis geane Jehannes en Drusiana har widner Androanikus de tombe yn en moetsje dêr deselde jongeling, dy't Jezus Kristus blykt te wêzen. Kallimachus wurdt troch Jehannes wer ta libben wekke, kriget berou fan al syn sûnden en ûnderwerpt him oan 'e wil fan Kristus.
Yn it lêste oerlevere fragmint fan 'e tekst hâldt Jehannes in lange en riedselige taspraak ta it folk fan Efeze oer de natuer fan Kristus en it leauwe. It iepentlik gnostyske part fan 'e tekst is konsintrearre yn in stikmannich haadstikken (94-102 en 109), dy't hiel goed lettere tafoegings wêze kinne soene, mar dy't mooglik ek gewoan ôfspegelings binne fan 'e ûnderskate boarnen dêr't de Hannelingen fan Jehannes út gearstald is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|