Springe nei ynhâld

Iepenbiering fan Petrus

Ut Wikipedy
Iepenbiering fan Petrus
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 2e iuw

De Iepenbiering fan Petrus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in twadde-iuwsk pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Petrus, dat in fizioen fan 'e himel en de hel beskriuwt. Dizze tekst moat net betize wurde mei de Gnostyske Iepenbiering fan Petrus, dat in hiel oare tekst is.

De Iepenbiering fan Petrus is oerlevere yn twa ûnfolsleine ferzjes fan in ferlern gien Gryksktalich orizjineel. It iene is in Hellenistysk Gryksk manuskript, dat yn 'e winter fan 1886-1887 fûn waard by archeologyske opgravings ûnder lieding fan 'e Frânske wittenskipper Sylvain Grébaut yn in nekropolis yn 'e woastyn deunby Akhmim, yn Opper-Egypte. Dizze fragmintaryske ferzje bestie út perkamintene siden dy't mei soarch oan it grêf fan kristlike mûnts út 'e achtste of njoggende iuw tafoege wiene, en is op 't heden op 'e noed fan it Egyptysk Museum, yn Kaïro. De oare oerlevere ferzje is yn it Ge'ez (de deade tsjerketaal fan Etioopje), en waard yn 1910 ûntdutsen. De beide hânskriften wike op plakken frij sterk faninoar ôf. Foàr 1886 wie de Iepenbiering fan Petrus inkeld bekend út 'e mannichfâld foarkommende sitaten yn oare ier-kristlike geskriften.

De Iepenbiering fan Petrus befettet in ramtferhaal wêryn't de weropstiene Kristus in petear fiert mei syn dissipels. Dêrby skinkt er in fizioen oer himel en hel oan Petrus, de favoryt ûnder de apostels fan 'e bredere tsjerke (yn tsjinstelling ta Jakobus de Rjochtfeardige, dy't de favoryt wie fan 'e joadske kristenen). De tekst beskriuwt yn wiidweidich detail de bestraffings dy't de sûnders yn 'e hel krije foar eltse ûnderskate misdie. Dêrby korrespondearje de bestraffings mei de misdieden, sadat bgl. godslasterders oan 'e tonge ophongen wurde. Dat is noch ien fan 'e minst bluodderige en bizarre straffen, en as men lêst hokker ûntrêstigjende bestraffings oft de anonime skriuwer foar guon oare "misdieden" optocht hat, is it dreech om oan it gefoel te ûntkommen dat men hjir mei in sike geast fan dwaan hat. Yn 'e himel, oan 'e oare kant, hawwe alle lju in molkewite hûd en drage se blierkjende klean, makke fan ljocht, wylst se allegear mei-inoar yn harmony in koargebed sjonge mank blommen en bluossems dy't nea ferwylje.

Wat teologysk gedachteguod oanbelanget fertoant de Iepenbiering fan Petrus in opmerklike likenis mei it kanonike Twadde Brief fan Petrus. Oan 'e ein fan 'e tekst wurdt ferhelle dat God úteinlik alle sûnders út 'e hel rêde sil troch de gebedens fan dyjingen dy't ta de himel talitten binne. Dat wie yn 'e tiid dat de Iepenbiering fan Petrus skreaun waard, perfoarst in tige revolúsjonêr idee, en it hoecht jin dan ek gjin nij te dwaan dat "Petrus" syn geskrift beslút mei syn soan Klemins op it hert te drukken om dy lêste iepenbiering geheim te hâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus