Underrjocht fan Silvanus
Underrjocht fan Silvanus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 150 n.Kr. |
It Underrjocht fan Silvanus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It waard yn desimber 1945 fûn troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei.
It Underrjocht fan Silvanus, dat sels net in gnostysk geskrift is, wurdt yn 'e regel datearre om 150 hinne. De wiere skriuwer is ûnbekend, mar yn 'e tekst sels wurdt it pseudepigrafysk taskreaun oan 'e apostel Silas, ien fan 'e selsskipslju fan Paulus fan Tarsus (dêrfandinne "Silvanus", wat in langere foarm fan deselde namme is). Ofsjoen fan in pear anty-gnostyske warskôgings yn 'e fersen 110:14-19, binne de ynsteressantste passaazjes de fersen 99:13, wêryn't steld wurdt dat Jezus Kristus ien inkele geastlike identiteit hie (en dus net in dûbele godlik-minsklikenien), en 102:3, dêr't sein wurdt dat Kristus syn geastlike identiteit it minsklike ferstân te boppen giet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |