Pseudepigraaf
In pseudepigraaf is in geskrift, yn 'e regel út 'e Aldheid, dat op grûn fan bewearings yn 'e tekst sels ûnrjochtlik taskreaun is oan in gesachhawwend skriuwer. De term komt fan it Grykske wurd pseudépigrafos, wat "ûnder in falske namme" of "skreaun ûnder in pseudonym" betsjut. Dizze oantsjutting seit fansels fierders neat oer de wearde fan 'e ynhâld fan it oangeande geskrift.
Oangeande de Bibel ferwiist de term "pseudepigrafen" ornaris nei joadske religieuze teksten út it tiidrek fan 'e twadde iuw f.Kr. oant de twadde iuw n.Kr., dy't net opnommen binne yn 'e bibelske kanon. Foarbylden dêrfan binne bgl. Jubileeën, dat Mozes skreaun hawwe soe, en de Iepenbiering fan Sefanja, dy't fan 'e hân fan 'e profeet Sefanja wêze soe. Der besteane ek pseudepigrafen dy't it Nije Testamint oangeane; dy datearje út 'e perioade fan 100 oant 300 n.Kr. In foarbyld dêrfan is it Tredde Brief oan de Korintiërs, dat troch de apostel Paulus skreaun wêze soe.