De Hommerts
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2006) | 611 | ||||
Webstee | http://www.jutrijp-hommerts.nl |
De Hommerts (ek wol: Hommerts) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Snits. It doarp hat likernôch 611 ynwenners (2006). Oant 2011 lei De Hommerts yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp is in lintdoarp de N354 bylâns en foarmet in twillingdoarp mei Jutryp dat krekt noardliker oan de dyk fan Snits nei De Lemmer leit. Dizze strjitwei is yn 1843 oanlein. Dêrfoar wienen beide doarpen oanwiisd op ferfier oer it wetter. Se wurde ek wol yn ien siken neamd: De Hommerts-Jutryp. Oan de súdside fan De Hommerts leit yn de Jeltesleat it Jeltesleatakwadukt.
By de Hommerts heart ek it buorskip Lippenwâlde dat by de súdein fan it doarp leit. It Johan Frisokanaal rint foarby it doarp.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It yn 1988 ferboude en opknapte doarpshûs "Oan it Far" jout mooglikheden oan it ferieningslibben. De skoalle is neamd nei Van Haersma Buma.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuotbalferiening HJSC
- Iendracht - iisclub
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De buslinen oer De Hommerts wurde fersoarge troch Qbuzz. De folgjende linen ride oer De Hommerts:
- Line 42 Snits - De Lemmer fia Spannenburch: Snits - Drylts - Heech - Nijbou - De Hommerts Súd - Kûfurderrige - Wâldsein - Tsjerkgaast - Spannenburch (Tsjerkgaast) - Follegea - Jistergea - De Lemmer
- Line 44 Boalsert - Snits fia Gaasterlân: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Koudum - Himmelum - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Balk - Ypekolsgea - Wâldsein - Kûfurderrige - De Hommerts Súd - Wei nei Heech - Smitspôle - Jutryp - Snits
- Line 45 Snits - Himmelum fia Wâldsein: Snits - Jutryp - Smitspôle - Wei nei Heech - De Hommerts Súd - Kûfurderrige - Wâldsein - Ypekolsgea - Ealahuzen - Aldegea - Kolderwâlde - Himmelum
- Line 46 Snits - Aldegea en Heech: Snits - Jutryp - Smitspôle - Wei nei Heech - Nijbou - Heech - Aldegea - Idzegea - De Gaastmar - Heech - Nijbou - Wei nei Heech - Smitspôle - Jutryp - Snits
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hoep, De Toer, Hettingawei, Hofdyk, Iewei, Jeltewei, Krimwei, Lippenwâlde, Pampuswei, Reidskar, Scheltingastrjitte, Stinswei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|