Springe nei ynhâld

Aken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aken (stêd))
Aken
Aachen
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Landkreis Stêderegio Aken
Sifers
Ynwennertal 248.878 (31 desimber 2020)
Oerflak 160,85 km²
Befolkingstichtens 1.500/km²
Hichte 125 - 440 (173) m
Oar
Koördinaten
Webside (dú) www.aachen.de
Lokaasje fan Aken yn de Stêderegio Aken
Granusturm
Dizze side giet oer de stêd yn Dútslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Aken (betsjuttingsside).

Aken (Dútsk en offisjeel: Aachen, Akensk dialekt: Oche, Frânsk: Aix-la-Chapelle, Latyn: Aquae Granni of Aquisgranum)) is in kringfrije stêd (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit deunby de grins mei Nederlân en Belgje, en sa'n 55 kilometer westlik fan de Dútske stêd Keulen. De stêd is mei likernôch 249.000 ynwenners de trettjinde stêd yn Noardryn-Westfalen en de 28e yn Dútslân

De agglomeraasje fan Aken rikt oer de lânsgrins en hat plakken lykas Vaals en Kerkrade yn Nederlân en Kelmis yn Belgje.

Aken hat in lange skiednis en in ferneamde Dom. Aken wie it plak dêr't Karel de Grutte it leafst residearre, en letter it plak dêr't de Roomsk-dútske keningen harren kroane lieten.
It is teffens in yndustriëel sintrum yn in gebiet dêr't stienkoal dylge wurdt en in wichtich spoarknooppunt mei oansluting op it hegefaasjespoar nei Keulen en Luik en de Montzenrûte nei de haven fan Antwerpen. It fleanfjild fan Aken, Maastricht Aachen Airport, leit yn Nederlân, sa'n 30 km fan de stêd, tichteby it Limburchske Beek.

De RWTH Aken (Rheinisch-Westfälische Technische Hochschule) is ien fan de wichtichste technyske universiteiten, fral foar wurktúchboukunde, auto- en produksjetechnyk.

It pleatslik dialekt, it Akensk dialekt (Oecher Platt), is in Middelfrankysk Ripuarysk regiolekt mei ynfloeden út it oanswettende Limburchsk wei. Aken leit krekt besuden de Benrather liny, dy't it Heechdútsk fan oare Westgermaanske talen skiedt. As in Rynlânske stêd is Aken, tegearre mei Keulen, Düsseldorf, en Mainz ien fan de plakken dêr't it karnaval gruts fierd wurdt. In spesialiteit út Aken wei, is de Aachener Printen in soarte fan koeke.

De namme Aken (Aachen) komt fan it Aldheechdútske Ahha, dat "wetter" of "stream" betsjut, lykas it Latynske aquae, dy't nei de hjitte boarnen ferwiist. Der wennen 5.000 jier lyn, yn it Neolitikum, al minsken, fanwegen dy waarmwetterboarnen. De Romeinske namme fan it plak waard Aquae Granni, itjinge "wetter fan Grannus" betsjut, ferwizende nei de Keltyske god fan it ljocht en it genêzen, dy't dêr oanbidden waard. It wurd waard Åxhe yn it Waalsk en Aix yn it Frânsk, en letter Aix-la-Chapelle nei't Karel de Grutte syn paltskapel dêr oan de ein fan de achtste iuw bouwe liet. Hy makke de stêd ta de haadstêd fan it Karolingyske Ryk.

As in stêd mei waarmwetterboarnen hat Aken it rjocht en neam himsels Bad Aachen, dochs waard der besletten dat net te dwaan, om't de namme oars net boppe yn de alfabetyske folchoarder stiet.

Romeinen fine de waarmwetterboarnen

Op it plak dêr't Aken hjoed-de-dei leit, wie der al bewenning yn it Neolitikum (3000-2500 f.Kr.) en yn de brûnstiid (1600 f.Kr.). Yn de izertiid fêstigen Kelten harren yn it gebiet, dêr't de waarmwetterboarnen yn de sompige delling fan Aken harren nei alle gedachten oanlutsen. Hja oanbidden de god fan it ljocht en it genêzen, Grannus, dêre.

Oan it begjin fan de earste iuw n.Kr. waarden de waarmwetterboarnen kanalisearre en setten de Romeinen útein mei it bouwen fan in kueroarde, Aquae Granni. Twa baddekompleksen, dy't mei-inoar ferbûn waarden troch in foarum, dy't omjûn waard mei pylders, ferskate badhuzen en in tempel ta Grannus wijd, moast der yn de stêd, dy't wol 25 bunder grut wie, stien hawwe.

Om 375 hinne, doe't it Grutte Folkeferfarren begûn, rûn it Romeinske gesach yn it neigean, en waarden de badhuzen en oare iepenbiere gebouwen, mank mei de villae rusticae yn de omkriten, ferneatige. De lêste Romeinske munten dy't yn it gea fûn waarden, komme fan 375-383. Rome luts syn troepen werom út de omkriten wei, mar de stêd bleau wol bewenne. Om 470 hinne kaam de stêd yn hannen fan de Ripuaryske Franken, dy't harren haadstêd yn Keulen hiene.

Model fan de keizerspalts
De bou fan Aken troch Jean Fouquet
De Wikipedy hat ek in side Ryksstêd Aken.

Nei de Romeinske tiid liet Pepyn de Koarte in kastiel yn de stêd bouwe, omreden fan de waarme boarnen, en om't it strategysk tusken it Rynlân en noardlik Frankryk yn lei. Eginhard neamt dat yn 765/766 Pepyn de krysttiid en peaske yn Aquis villa trochbrocht (Et celebravit natalem Domini in Aquis villa et pascha similiter, "en hy fierde krysttiid yn it plak Aquis, en ek peaske"). It kastiel moast dus grut genôch west hawwe om de keninklike hofhâlding foar ferskate moannen ûnderhâlde te kinnen. Yn 768 doe't Karel de Grutte kroand waard ta kening fan de Franken, fierde er foar it earst kryst yn Aken. Hy hold tige fan it plak en liet der in keningspalts bouwe. Letter liet er dêr in kapel by bouwe, dy't it hert fan de lettere Dom fan Aken wie. Om te genietsjen fan de genêskrêftige waarme boarnen bleau Karel fan 792 oant syn dea yn 814 de measte winters yn Aken. Aken waard it politike sintrum fan it Karolingyske Ryk. Doe't er ferstoar, waard er begroeven yn in tombe yn de kapel dy't er bouwe liet.

Der waarden yn dy tiid ek in soad manuskripten opmakke yn Aken.

Yn 936 waard Otto I ta kening fan it Eastfrankyske Ryk kroand yn de paltskapel. Aken waard oanfallen en plondere yn 978 troch Westfrankyske troepen ûnder lieding fan harren kening Lotarius (941-986). Keizer Freark Barbarossa liet tusken 1172 en 1176 in muorre om de palts en de stêd Aken hinne bouwe. Yn de folgjende 500 jier waarden de Roomsk-dútske keningen, dy't oer it Hillige Roomske Ryk hearskje moasten, kroand yn Aken. De oarspronklike kroaningshal, dy't troch Karel de Grutte boud waard, waard ôfbrutsen, en yn 1330 ferfongen troch it hjoeddeistige stedhûs. De lêste kening dy't dêr kroand waard, wie Ferdinand I yn 1531.

Yn de Midsiuwen wie Aken in stêd fan grut belang foar de pleatslike ekonomy, om't it net al te fier fan Flaanderen ôf lei en op wichtige hannelsrûten lei. De stêd wie in frije ryksstêd, dy't streekrjocht ûnder de keizer foel. Lykwols hie de stêd bûten syn gebiet net al tefolle macht, allinnich oer it oanswettende Burtscheid, dy't troch in Benediktynske abdij bestjoerd waard. Al it ferkear dat fan en nei Burtscheid gie, moast troch it "Ryk fan Aken" gean. Sels yn de lette achttjinde iuw waarden se ferbean in dyk te bouwen nei it oanbuorjende hartochdom Gulik. De stêd Aken stjoerde in nustje soldaten der op ôf en jei de dykbouwers fuort.

Iermoderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aken yn 1690
It hjoeddeistige swimbad fan de Elisabethhalle

It belang fan Aken rekke fan de sechtjinde iuw ôf yn it neigean, ûnder mear troch de Reformaasje en de Tachtichjierrige Kriich dy't yn de tichteby lizzende Nederlannen oan it spyljen wie. Keizer Rudolf II fan it Hillige Roomske Ryk ferballe yn 1598 alle protestanten út de stêd wei. Fierder waarden de kroanings tenei dien yn Frankfurt ynstee fan yn Aken. De reden dêrfoar wie dat Aken net mear yn it sintrum fan it Hillige Roomske Ryk lei, mar suver oan de râne. De stêd hie ek bot te lijen fan de Godstjinstkrigen fan Jeropa dy't dêrnei folgen. Yn 1656 wie der in grutte stedsbrân dy't it grutste part fan de stêd yn de jiske lei. Dêrnei waard de stêd weropboud, benammen yn barokkestyl.

De stêd boude fan it midden fan de santjinde iuw ôf in reputaasje op as kueroarde. Dêrnjonken krige de stêd ek in reputaasje troch de hoemannichte prostitúsje dy't dêrtroch ûntstie. De grutste oarsaak foar minsken en sykje genêzing wie ynearsten syfilis en oan de ein fan de njoggentjinde iuw wie de grutste oarsaak reumatyk.

Aken wie ek it plak fan in stikmannich kongressen en fredesferdraggen yn de santjinde en achttjinde iuw.

Yn 1794 hold de frije ryksstêd Aken op te bestean, om't Frânske troepen de stêd doe besetten.

Op 9 febrewaris 1801 waard by de Frede fan Lunéville de gânse westigge fan de Ryn fan it Hillige Roomske Ryk ôfstien oan Frankryk, dus Aken kaam ûnder Frânsk foech. Yn 1815 kaam Aken, nei it Kongres fan Wenen by it Keninkryk Prusen te hearren, as part fan de Prusyske Rynprovinsje.

Yn it midden fan de njoggentjinde iuw kaam de yndustrialisaasje op gong en dêrmei waarden de âlde midsiuwske wetten oangeande de hannel en produksje fan de stêd ferfongen. Alhoewol't de Frânsen it bestjoer yn de stêd yn 1801 yngripend feroaren, ek om't Aken it haadplak fan it departemint fan de Roer waard, wie de ynstelling fan it bestjoer fan de stêd noch net feroare. Nei't Prusen de stêd yn 1815 oernaam, wie Aken oant de ein fan de njoggentjinde iuw op sosjaal en polityk mêd ien fan de meast efterbleaune stêden fan it lân.

Yn 1838 waard it spoar fan Keulen nei Belgje ta, oer Aken oanlein. Yn 1880 hie de stêd 80.000 ynwenners. De stêd wie tige oerbefolke en de hygiëne wie ôfgryslik, alteast oant 1875 ta doe't de midsiuwske stedsmuorren ôfbrutsen waarden. Dêrnei waard der in wenwyk beëasten de stêd boud, mei bettere wenten en dêr't ôffier better regele waard. Yn desimber 1880 krige de stêd yn tramnetwurk, dy't yn 1895 elektrifisearre waard. Ek waard de stêd in wichtich produksjesintrum fan treinen, izer, spjelden, nullen, knopen, tabak, wollen guod en side. Yn 1890 waard it ynwennertal fan 100.000 helle.

Nei de Earste Wrâldkriich waard Aken oant 1930 troch de Alliearden beset, mank mei de rêst fan Dútslân bewesten de Ryn. Aken wie ien fan de stêden dy't belutsen wiene by de koartlibjende Rynlânske Republyk. Op 21 oktober 1923 naam in bewapene mannichte it stedhûs oer. Itselde barde yn Mönchengladbach, Duisburg en Krefeld. Dy republyk duorre krapoan in jier.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Amerikaanske soldaten komme oan yn Aken

Aken rekke swier skeind yn de Twadde Wrâldkriich. Twa bombardeminten op 11 april 1944 hawwe neffens skriuwer Jörg Friedrich yn The Fire (2008) de stêd "alhiel ferneatige". By it earste bombardemint kamen 1.525, mei 212 bern ynbegrepen, minsken om it libben, en waarden seis sikehûzen bombardearre. By it twadde bombardemint waarden twa treinstasjons ferneatige en 207 minsken kamen dêrby om it libben. 15.000 minsken rekken dakleas. De bombardeminten skeinden ek Aken-Eilendorf en Aken-Burtscheid.

De stêd en syn ommelannen leine ûnder oanfal fan 12 septimber oant 21 oktober 1944 troch de Amerikaanske 1e Ynfantery Difyzje, mei help fan de 3e Pantserdifyzje út it suden wei. Op 13 oktober kaam de Twadde Pantserdifyzje út it noarden wei en kaam oan yn Würselen, wylst de 30e Ynfantery Difyzje in krúsjale rôl op 16 oktober spile hie om de stêd te besingeljen. Mei fersterkings fan de 28e Pantserdifyzje setten se de Slach om Aken fuort as strjitfjochterijen yn de stêd sels, dy't sterk troch de Dútsers ferdigene waard. Op 21 oktober joech de Dútske garnizoen him lang om let oer.

Aken wie de earste Dútske stêd dy't yn Alliearde hannen foel, en syn ynwenners seagen de Alliearde soldaten as befrijers. Itjinge wat der noch fan de stêd oer wie waard ferneatige, op guon plakken folslein, troch Amerikaanske artillery en troch de Waffen-SS dy't de stêd besochten te ferdigenjen. Skansearre gebouwen wiene ûnder oaren de midsiuwske tsjerken fan Sint-Foillan, Sint-Paulus en Sint-Nikolaas, en it stedhûs. De Dom fan Aken wie lokkich net skeind. Nei de striid wiene der mar 11.1139 ynwenners yn de stêd, wylst de rêst evakuearre waarden. De earste boargemaster dy't troch de Alliearden oansteld waard, Franz Oppenhoff, waard lykwols fermoarde troch in SS-kommando-ienheid. Aken waard troch Amerikaanske, Britske en Belgyske troepen beset.

Nei de kriich waard de stêd weropboud en yn 1946 wennen der al wer 100.000 minsken. Op 23 augustus 1946 waard it noardlike part fan de Prusyske Rynprovinsje, dêr't Aken by hearde, in part fan de nije dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn 1971, by in weryndieing yn Noardryn-Westfalen, waarden guon buorgemeenten by de stêd Aken yndield en kaam it ynwennerttal út op 237.108.

Aken ûntjoech him as in mulpunt fan technology. De RWTH Aken (Rheinisch-Westfälische Technische Hochschule) is ien fan de wichtichste technyske universiteiten, benammen foar wurktúchboukunde, auto- en produksjetechnyk, allyksa foar ûndersyk, en it akademysk sikehûs Klinikum Aachen, dy't ien fan de grutste medyske sintrums fan Jeropa is.

Joadske mienskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Utsicht op de âlde synagoge nei't er op Kristallnacht fernield waard

Yn de Romeinske tiid wie der in warbere Joadske mienskip yn Aken. Yn de Karolingyske tiid libbe der in Joadske mienskip om de keningspalts hinne. Yn 797 reizge Isaäk, in Joadske keapman, mei twa ambassadeurs fan Karel de Grutte nei it hof fan Harun al-Rassud. Hy kaam yn 802 yn Aken werom mei in oaljefant, neamd Abdul-Abbas, as kado foar keizer Karel. Yn de trettjinde iuw bekearden der in soad Joaden ta it kristendom, sa't it yn de register fan de Dom fan Aken beskreaun stiet. Yn 1486 joegen Joaden keizer Maksimiliaan I geskinken by syn kroaning. Yn 1629 waard de Joadske mienskip fan Aken út de stêd wei ferballe. Yn 1667 mochten seis Joaden weromkomme. De measte Joaden fan Aken setten harren nei wenjen yn it oanbuorjende plak Burtscheid. Op 16 maaie 1815 bewiisde de Joadske mienskip yn syn synagoge syn eare oan de Prusyske kening Freark Willem III. Yn 1851 waard der grûn bemachtige foar in Joadske begraafplak. Yn 1933 wennen der 1345 Joaden yn Aken. De synagoge waard op Kristallnacht yn 1938 fernield. Yn 1939 wiene der nei it ferfarren en arrestearjen 782 Joaden yn de stêd. Nei de Twadde Wrâldkriich wiene der noch 62 oer. Yn 2003 wennen der wer 1434 Joaden yn de stêd. Yn Joadske teksten wurdt Aken as Aish of Ash (אש) oantsjutten.

Aken is de meast westlike stêd fan Dútslân, en leit tichteby it trijelannepunt fan Dútslân, Nederlân en Belgje. Aken leit nettsjinsteande dat yn it midden fan de Euregio Maas-Ryn. It plak Faals, krekt oer de grins yn Nederlân, leit 6 km fan it sintrum fan Aken ôf, wylst de Nederlânske stêd Hearlen, en Eupen, de haadstêd fan de Dútsktalige Mienskip yn Belgje, allebeide likernôch 20 km fan it sintrum fan Aken ôf lizze. Aken leit oan it begjin fan de iepen delling fan de Wurm, dy't hjoed-de-dei yn kanalisearre foarm troch de stêd hinne rint, en is dêrmei part fan it Maasbekken. De stêd leit likernôch 30 km benoarden de Hege Feanen, dy't de noardlike igge foarmje fan de Eifel.

De gemeente Aken hat in lingte fan it noarden nei it suden fan 21,6 km en 17, 2 km fan it easten nei it westen. De totale lingte fan de gemeentegrins is 87,7 km lang, dêr't 23,3 km de grins mei Belgje, en 21,8 km de grins mei Nederlân fan foarmje. It heechste punt fan de gemeente is 410 meter heech en leit yn it uterste súdeasten fan de gemeente. It leechste punt fan de gemeente hat in hichte fan 125 meter boppe seenivo en leit op de grins mei Nederlân.

Aken en omkriten hawwe in seeklimaat, Cfb neffens de klassifikaasje fan Köppen, mei fochtich waar, mylde winters en waarme simmers. Troch syn lizzing benoarden de Eifel en de Hege Feanen, en troch de wyn dy't dêrtroch it meast út it westen wei komt, hat Aken in hegere reindelslach (trochsneed 805 mm yn it jier) as bygelyks yn Bonn (669 mm yn it jier). De trochsneed temperatuer yn jannewaris is 3°, wylst er yn july 18,5° bedraacht. Delslach komt yn gelikense ferhâlding it hiele jier troch.

Om't de stêd omjûn is troch heuvels, en dêrtroch winliken yn in delling leit, wurdt der gauris in laach smog foarme.

Stedsyndieling fan Aken

De gemeente Aken bestiet út sân dielgemeenten, elts mei harren eigen bestjoer, en 50 wiken:

  • Aken-Sintrum (Aachen-Mitte): Beverau, Bildchen, Burtscheid, Forst, Frankenberg, Grüne Eiche, Hörn, Lintert, Pontviertel, Preuswald, Ronheide, Rosviertel, Rothe Erde, Stadtmitte, Steinebrück, West
  • Brand: Brand, Eich, Freund, Hitfeld, Niederforstbach
  • Eilendorf: Eilendorf, Nirm
  • Haaren: Haaren, Hüls, Verlautenheide
  • Kornelimünster/Walheim: Friesenrath, Hahn, Kitzenhaus, Kornelimünster, Krauthausen, Lichtenbusch, Nütheim, Oberforstbach, Sief, Schleckheim, Schmithof, Walheim
  • Laurensberg: Gut Kullen, Kronenberg, Laurensberg, Lemiers, Melaten, Orsbach, Seffent, Soers, Steppenberg, Vaalserquartier, Vetschau
  • Richterich: Horbach, Huf, Richterich

De folgjende gemeenten grinzgje oan de gemeente Aken mei de klok mei fan it noardwesten ôf:

Lagen sân- en kalkstien fan it Devoan ûnder de Sint-Adalbertustsjerke yn Aken

De geology fan Aken hat in heterogeen struktuer. It âldste stiente fan it gebiet ûnder de stêd komt fan it tiidrek fan it Devoan en befettet karboane sânstien, klaaistien en kalkstien en is part fan it Rynlânsk Laaiplato. Yn it Pennsylvanium, in subtiidrek fan it Karboan, waard troch kompresje berchtmen foarme as gefolch fan de Hersynyske orogenese. Nei dat barren, oer in tiidrek fan sa'n 200 miljoen jier, platte it gebiet stadichoan ôf.

Yn it tiidrek fan it Kryt, berikte it seewetter fan de Noardsee it berchgebiet by Aken, dêr't sediminten fan klaai, sân en kalk by efterlitten waarden. Wylst it klaai, dy't it grûnwurk foarme fan de klaaibakkerij yn it tichteby lizzende Raeren, yn it legere gea fûn waard, binne der sân- en kalkôfsettings yn de heuvels fan it Akenske Bosk en de Lousberg. Mear resinte sedimintaasje fûn plak yn it noarden en easten fan Aken troch rivier- en wynbewegings yn it Tertiêr en it Kwartêr.

Troch de fulkanyske kompresje as gefolch fan de Hersynyske orogenese, ûntstiene der wol mear as 30 waarmwetterboarnen yn Aken en Burtscheid. Boppedat leit Aken boppe op in breukline dêr't troch de platetektonyk ierdskoddings by ûntsteane. Guon grutte ierdskoddings binne dy fan Düren yn 1756 en fan Roermond yn 1992, dy't tagelyk de swierste ierdskodding fan Nederlân wie.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Domtsjerke fan Aken
De Wikipedy hat ek in side Dom fan Aken.

De Dom fan Aken waard boud yn opdracht fan Karel de Grutte en mei de bou dêrfan waard úteinset yn 796. Hy wie ree yn 798 en wie doe de grutste katedraal benoarden de Alpen. Hy waard boud troch Odo fan Metz en waard neimakke nei de Basilyk fan San Vitale fan Ravenna yn Itaalje. De katedraal waard yn Karolingyske styl boud mei moarmeren muorren en mozaiken yn de koepel. Karel de Grutte waard nei syn dea yn de katedraal begroeven en leit der hjoed-de-dei noch hieltyd. De katedraal waard yn de iuwen dêrnei útwreide mei in unyk en nijsgjirrich griemmank oan boustilen. De katedraal wie it plak dêr't 600 jier lang de Roomsk-dútske keningen kroand waarden. De katedraal is hjoed-de-dei in UNESCO-wrâlderfgoed.

Skatkeamer fan de Dom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skatkeamer fan de Dom fan Aken is in museum fan tsjerklike en midsiuwske keunst dy't mei de Dom fan Aken te krijen hawwe. Yn it museum binne ien fan de wichtichste en bêst bewarre tsjerkeskatten fan Jeropa, benammen midsiuwske keunst. De skatkeamer heart tegearre mei de Dom ta it UNESCO-wrâlderfgoed. It museum is eigendom fan it Bisdom Aken, mar wurdt beheard troch it Akenske domkapittel.

It Stedhûs fan Aken

It Stedhûs fan Aken is it âlde riedhûs fan de stêd. Hy waard boud yn 1330 en leit foar de Dom oer tusken de pleinen Katschhof en Markt. Hy is, njonken de Dom, it meast foaroansteande gebou yn it sintrum fan de stêd. Ien toer, de Granusturm, komt út de tiid fan Karel de Grutte wei. De Kroaningsseal yn it stedhûs waard eartiids brûkt foar it kroaningsmiel dy't folge op de kroaning fan de Roomsk-dútske keningen.

Oare besjenswurdichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Carolus Thermen mei mineraalwetter fan 47° út de Roazeboarnen wei
  • Grashaus; in letmidsiuwsk gebou oan de Fischmarkt. It is ien fan de âldste net-tsjerklike gebouwen yn de stêd. Hy wie eartiids it stedhûs oant de hjoeddeistige stedhûs dy funksje oernaam.
  • Elisenbrunnen; ien fan de meast ferneamde attraksjes yn de stêd. Hy is in neoklassyk gebou dy't ien fan de waarmwetterboarnen fan de stêd bedekt. Hy is in inút rinnen fan de Dom ôf. Justjes fierder yn súdeastlike rjochting is it njoggentjinde iuwske teätergebou.
  • Twa poarten fan de âlde stedsmuorre, dy't noch bewarre bleaun binne; de Ponttor, 800 meter benoardwesten de Dom, en de Marschiertor, tichteby it stasjon. Der binne ek noch in stikmannich oerbliuwsels fan de âlde stedsmuorre, mar de measte dêrfan binne yn lettere gebouwen yntegrearre, wylst oare parten noch hieltyd te sjen binne. Der binne ek noch fiif tuorren, dêr't guon fan bewenne wurde.
  • Sint-Michaeltsjerke; boud yn 1628 as in tsjerke fan it jezuïtekolleezje. It is yn in pleatslike Renêssânse-styl boud.
  • De Synagoge fan Aken waard op Kristallnacht fernield, mar waard op 18 maaie 1995 fannijs ynhuldige.
  • De Hillige Herttsjerke (Herz-Jesu-Kirche) yn Burtscheid fan 1908.
  • Trijefâldichheidstsjerke (Dreifaltigkeitskirche) is de grutste protestantske tsjerke yn Aken.

Fierder binne der noch oare opmerklike santjinde en achttjinde iuwske gebouwen, benammen yn barokke styl dy't typysk is foar dy omkriten. Ek binne der noch in stikmannich standbylden, monuminten, parken, begraafplakken, ensafuorthinne. Guon museums binne it Suermondt-Ludwig-Museum, dy't in samling byldzjende keunsten befettet, en it Couven-Museum, dy't ynrjochte is mei achttjinde en njoggentjinde iuwske stylkeamers mei Akensk-Luikske meubelstyl.

It undersyksintrum fan Ford
Leveringsbuske fan DHL fan Streetscooter fan it merk Work

Aken is it sintrum foar de koalmynyndustry yn de omkriten. Produkten dy't yn Aken makke wurde, binne ûnder oaren elektrysk guod, tekstyl, glês, rubberprodukten, meubels, metaalprodukten, masinen, gemyske produkten, plastik, kosmetika, nullen, spjelden, en itensguod lykas sûkerarje en snobbersguod.

Elektryske auto's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 2010 rjochten Achim Kampker en Günther Schuh it bedriuw Street Scooter GmbH op. Yn augustus 2014 waard it ta StreetScooter GmbH omneamd. It begûn ynearsten as in privee-ûndersyksinysjatyf op de RWTH-Universiteit, dat letter in selsstannich bedriuw waard. Kampker wie tagelyk ek de stifter en foarsitter fan de European Network for Affordable and Sustainable Electromobility. Yn maaie fan 2014 waard troch it gemeentebestjoer fan Aken buorkundich makke dat de gemeente en de sparbank Aachen elektryske reauwen fan it bedriuw besteld hiene. Yn ein 2014 wurken der likernôch 70 minsken dy't 200 reauwen yn it jier makken op it plak fan Waggonfabrik Talbot, it eardere Talbot/Bombardierfabryk yn Aken.

Yn desimber fan dat jier kocht Deutsche Post DHL Group StreetScooter, dy't dêrnei noch hieltyd ûnder syn eigen merknamme operearjen bleau. Yn april 2016 waard bekend makke dat der 2000 elektryske buskes ûnder de merknamme Work foar de ein fan it jier produsearre wurde soene.

Yn 2015 waard e.Go Mobile troch Günther Schuh oprjochte, dy't yn april 2019 mei it meitsjen fan de e.Go Life elektryske passazjiersauto's úteinsette.

Yn april 2016 makke StreetScooter GmbH bekend dat se harren produksje ta likernôch 10.000 reauwen it jier yn Aken opskale soene, begjinnende yn 2017.

It haadkantoar fan RWTH Aken

De RWTH Aken {Rheinisch Westfälische Technische Hochschule Aachen) is mei mear as 45.000 studinten ien fan de grutste en wichtichste universiteiten yn Jeropa en de grutste technyske universiteit fan Dútslân. Hy waard yn 1870 oprjochte mei as doel ynzjenieurs foar it net fier ôf lizzende Roergebiet op te lieden. It is hjoed--de-dei in ûndersyksuniversiteit en hat 144 stúdzjefakken.

Fierder is der de FH Aachen - Aachen University of Applied Sciences mei 15.000 studinten en 250 professors. De technyske skoalle fan it Dútske leger is fêstige yn Aken. Ek binne der fêstigings fan de Katholische Hochschule Nordrhein-Westfalen en de Hochschule für Musik und Tanz Köln.

De jierlikse CHIO (Frânsk: Concours Hippique International Officiel) is it grutste rutersportevenemint fan Dútslân. Aken organisearre ek de Wrâldruterspullen yn 2006. De pleatslike fuotbalklup, Alemannia Aachen, spilet yn de Regionalliga West, de fjirde difyzje fan Dútslân.

It fleanfjild fan Aken is it ynternasjonale fleanfjild Maastricht Aachen Airport, dy't beide Maastricht en Aken tsjinnet, en 28 km benoardwesten Aken leit yn de Nederlânske provinsje Limburch.

It Sintraal Stasjon (Hauptbahnhof)

It Sintraal Stasjon (Hauptbahnhof) fan Aken waard yn 1841 boud en hat ferbinings oer it spoar mei Keulen, Düsseldorf en Luik. Ek stopje de treinen fan ICE fan de hegefaasjeline fan Brussel oer Keulen nei Frankfurt en fan Thalys fan Parys nei Keulen yn Aken. Fierders binne der fjouwer lytsere stasjons: Aachen West, Aachen Schanz, Aachen-Rothe Erde en Eilendorf dêr't stadigere treinen stopje. Aachen West waard wichtiger troch it útwreidzjen fan RWTH Aken.

Aken hat in stedsbusnetwurk, ASEAG (Aachener Straßenbahn en Energieversorgungs AG), mei 68 busrûten oer in totale lingte fan 1248 km. Guon busrûten rinne oer de grins mei Nederlân en Belgje hinne.

It knooppunt Aken ferbynt de A4 fan Keulen nei de Nederlânske grins rjochting Hearlen, de A44 fan Düsseldorf nei de Belgyske grins rjochting Luik en de A544, dy't it knooppunt mei it sintrum ferbynt.

Typyske Akenske strjitte mei iertweintichste iuwske huzen fan de Gründerzeit
Mear huzen út de Gründerzeit

De Scotch Club yn Aken wie de earste diskoteek yn Dútslân, dy't iepen wie fan 19 oktober 1959 oant 1992. Klaus Quirini wie as DJ Heinrich de earste DJ ea. De blackmetalsêne fan Aken is ien fan de meast warbere yn dútslân mei bands lykas Nagelfar, The Ruins of Beverast, Graupel en Verdunkeln. De spesjaliteit fan Aken is de Aachener Printen, in soarte fan breakoeke, dy't troch it brûken fan swiete sjerp ferskilt fan oare Dútske breakoeken.

Aken leit oan de westlike ein fan de Benrather liny, in isoglosse dy't it Heechdútsk yn it suden fan de oare Westgermaanske talen yn it noarden skiedt. It pleatslike dialekt fan Aken, it Oecher Platt, heart ta de Ripuaryske dialekten.

  • Yn 1372 waard yn Aken de earste munten getten mei de ynskripsje Anno Domini derop.
  • Asteroïde 274835 Aachen, ûntdutsen troch amateur astroom Erwin Schwab yn 2009, waard nei de stêd neamd.

Dêrnjonken is der ek in stêdebân mei Montebourg (Frankryk), dy't sûnt 1960 bestiet. Montebourg hie in stêdebân mei de eardere gemeente Walheim. Dy waard oernommen troch de dielgemeente Kornelimünster/Walheim.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Literatur en Einzellnachweise op dizze side.


Noardryn-Westfalen Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise

Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte

Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

· · Berjocht bewurkje