Noardsee
Noardsee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Noardwest-Jeropa, de Britske Eilannen en Skandinaavje | |
lân | Belgje Denemark Dútslân Feriene Keninkryk Frankryk Nederlân Noarwegen | |
koördinaten | 56° N, 3° E | |
ûnderdiel fan | Atlantyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 960 km | |
maks. breedte | 580 km | |
oerflak | 570.000 km² | |
djiptegemiddelde | 95 m | |
djipste punt | 700 m | |
wetterfolume | 54.000 km³ | |
In satellytfoto fan de Noardsee. |
De Noardsee is in see fan de Atlantyske Oseaan, dy't leit tusken Noarwegen en Denemarken yn it easten, Dútslân, Nederlân, Belgje en It Kanaal yn it suden en Grut-Brittanje yn it westen. In útrinner fan de Noardsee is it Skagerrak, tusken Denemarken, Noorwegen en Sweden, dat de Noardsee mei de Baltyske See ferbynt troch it Kattegat, Sont, de Grutte Belt en de Lytse Belt. Yn it suden wurdt de Noardsee mei de rest fan de Atlantyske Oseaan ferbûn troch It Kanaal, en yn it noarden troch de Noarske See. Dizze lêste grins wurdt meast op 61° noarderbreedte lein, of minder formeel tusken Bergen en Sjetlân.
Belangrike rivieren dy't yn de Noardsee útkomme binne:
- de Forth, by Edinboarch,
- de Elbe, by Cuxhaven,
- de Weser, by Bremerhaven,
- de Iems (by Emden),
- de Ryn en Maas, by Rotterdam en yn Seelân,
- de Skelde, yn Seelân,
- de Teems, by Southend-on-Sea,
- de Humber by Hull.
It Kieler Kanaal, ien fan de wrâld syn drokste troch minsken makke wetterwegen, ferbynt de Noardsee mei de Baltyske See.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt fan de relaasje fan de Noardsee mei it lân fan de Friezen. Sy wenje direkt súdlik fan de Noardsee, bewesten de Eastsee, noard fan de eardere Sudersee (no de Iselmar) en oan beide siden fan de tsjintwurdich ynpoldere Middelsee.
Yn de periode fan de Romeinen waard de Noordsee ek wol Mare Frisicum neamd. Dit kaam om't de Friezen om een grut diel fan dy see wennen en sy ek folle op de see farren. Yn klassike tiden waard de Noardsee ek as Oceanum Germanicum of Mare Germanicum oantsjutten, wat Germaanske Oseaan as See betsjutte. Dizze namme waard gewoanwei brûkt yn it Ingelsk en oare talen nêst de namme Noardsee, oant it begjin fan de 18e iuw. Tsjin de tiid fan de lette 19e iuw wie Germaanske See in seldsume, wittenskiplike term wurden. Yn it Deensk hjit de Noardsee nêst Nordsøen ek Vesterhavet, de Westsee, om't de Noardsee west fan Denemark leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekkens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Kromer Tiid wie der in natuerlike daam fan kalk tusken it South Foreland en Wytkaap, de Ingelske Lânbrêge. Dy is lykwols trochbrutsen, nei alle gedachten yn de Elster Iistiid. Sûnt dy tiid is de Tekselspoar, in richel tusken Frisia en noard Norfolk, it heechste part fan de ferbining tusken kontinintaal Europa en Grut-Brittanje. Yn iistiden, mei in leech seenivo, wurdt dizze ferbining in lânbrêge.
Yn de tuskenperioaden, mei in heger seenivo, ferdwynt de Tekselspoar ûnder wetter en wurdt sa in seerichel dy't it bêd fan de Noardsee yn twa bekkens opdielt. In perioaden mei in leech seenivo falle de bekkens drûch. It súdlike bekken wetteret dan ôf op it Kanaal, wylst it Noardlike bekken ôfwetteret op de Noarske See. Yn guon iistiden hat it part noard fan de Tekselspoar ûnder it iis lein wylst it part besuden de richel tûndra wie.
De geology is noch altyd wichtich. Sa is de Kanaaltunnel, mei it gruttefaasjespoar tusken Dover en Kales dat hjoed de dei Ingelân en Frankryk ferbinet, boud yn de kalk fan it restant fan de Ingelske Lânbrêge.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it lânskip fan Fryslân hat de Noardsee ek tige wichtich west. De balstienliemlagen en it sân dat it iis fan de iistiden efterlitten hie, kamen tegearre mei it sân fan de doetiidsk drûge Noardsee yn Fryslân te lizzen. Under it Holoseen ûntstiene oan de râne fan de Noardsee dêr't it sân opwaaide strânwâlen. Efter dizze strânwâlen besonk sân en wat fierderop klaai. Doe't oan de lânkant ek plantegroei him goed festige hie, en it hjirfan ôfstoarne plantemateriaal ûnder wetter kaam te stean, ûntstie der ek noch fean. Troch it opwaarmjende klimaat kaam it seenivo hieltyd heger te lizzen, mar der wiene altyd wer tiidrekken dat it wer efkes leger lei. Dizze perioade fan transgresje en regresje makken dat der in wikselwurking tusken it lân en de Noardsee wie dy't der foar soarge dat der op Fryslân hieltyd wer sân, klaai of fean kaam te lizzen, of fuortslein waard troch de see. Dit kombinearre mei de ôfwetterings fan rivieren en slinken, en lâns dizze plakken ûntstiene kwelderwâlen dêr't de ofsettings wat dikker lizze as earne oars. Sa is it Fryslân fan foar de ynpolderings ta stân kaam, mei tank oan de Noardsee.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist de natuerlike skiednis hat de Noardsee in rike minsklike skiednis. In drok befarren stik wetter sûnt de folken yn de lannen om de Noardsee hinne kamen te wenjen, is it noch altyd in belangrike skipfeartrûte. Belangrike seehavens as eartiids bygelyks Dorestêd en de Hânzehavens en no London, Rotterdam en Hamburch hienen of hawwe iepen ferbinings mei de Noardsee.
Oerstreamings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek hat de Noardsee syn slachtoffers easke. Nêst ûntelbere ferdronkene sielen, hat de Noardsee in stikmannich ymposante oerstreamings feroarsake. De bekendste is de Grutte Stoarm, dy't yn de nacht fan 13 op 14 desimber 1287 de súdlike Noardseekust fan foarm feroare, mei as wichtichste gefolch it trochbrekken fan de see nei de Flevomar wat late ta it ûntstean fan de Sudersee. Resinter is de wettersneedramp fan 1 febrewaris 1953, doe't 1.835 minsken yn Seelân en Noard-Hollân fersûpten.
Natuerlike boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte boarnen fan ierdoalje en ierdgas lizze ûnder it seebêd. De lannen om de Noardsee hinne hawwe allegear maatskippijen dy't aktyf dwaande binne mei it ûntginnen fan dizze boarnen. Fierders hat de Noardsee foar in part min berikbere kusten, dy't ryk binne oan dierlik libben, lykas de Waadsee en de Wash. Ek binne de banken yn de Noardsee wichtige ridden. Hoe't de iene foarm fan natoerlike rikens beskerme wurde moat tsjin de gefolgen fan it winnen fan de oare liedt yn de lannen om de Noardsee hinne nochalris ta diskusje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Noardsee
- Rânesee fan de Atlantyske Oseaan
- See yn Jeropa
- Wetter yn Belgje
- Wetter yn Denemark
- Wetter yn Dútslân
- Wetter yn Ingelân
- Wetter yn Nederlân
- Wetter yn Noarwegen
- Wetter yn Skotlân
- Wetter yn Grinslân
- Wetter yn Fryslân
- Wetter yn Noard-Hollân
- Wetter yn Súd-Hollân
- Wetter yn Seelân
- Wetter op Flylân
- Wetter op Skylge
- Wetter op It Amelân
- Wetter op Skiermûntseach