Springe nei ynhâld

Olympyske Simmerspullen 1928

Ut Wikipedy
IXe Olympiade
Olympysk Stadion fan bûten
Olympysk Stadion fan bûten
holden yn Amsterdam, Nederlân
jier 1928
dielnimmende atleten 2.883 (2.606 manlju, 277 froulju)
eveneminten 109, yn 14 sporten
iepeningsseremoanje 17 maaie
slutingsseremoanje 12 augustus
edysjes
foarige 1924 Parys
folgjende 1932 Los Angeles
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1928, offisjeel de Spullen fan de IXe Olympiade, wienen de achtste Spullen yn de rige fan de moderne Olympyske Spullen. De Spullen waarden yn Amsterdam, Nederlân holden.

De Olympyske Spullen fan 1928 wienen de earste Spullen dêr't De Coubertin net de foarsitter fan wie. De Coubertin hie yn 1925 it foarsitterskip oan de Belch Henri de Baillet-Latour jûn.

Mei-inoar waarden der 327 medaljes útrikt. It YOK stelde offisjeel gjin medaljeklassemint op, mar joech dochs in medaljetabel foar kundskip. Yn it klassemint wurdt earst sjoen nei it tal gouden medaljes, dan nei it tal sulveren medaljes en dan nei it tal brûnzen medaljes.

Yn de ûndersteande tabel stiet de top-10 fan de Olympyske Spullen.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 22 18 16 56
2 Dútslân Flagge fan Dútslân GER 10 7 14 31
3 Finlân Flagge fan Finlân FIN 8 8 9 25
4 Sweden Flagge fan Sweden SWE 7 6 12 25
5 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 7 5 7 19
6 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 7 4 4 15
7 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 6 10 5 21
8 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 6 9 4 19
9 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 4 5 0 9
10 Kanada Flagge fan Kanada CAN 4 4 7 15

Fryske medaljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Medalje Namme Sport Ûnderdiel
Sulver Jan Ankerman[1] Hokky Manlju, team

Tawizing fan de gaststêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frederik van Tuyll van Serooskerken hie Amsterdam al as gasthear opjûn foar de Olympyske Simmerspullen fan 1912, krekt foar de stifting fan it Nederlânsk Olympysk Komitee. Yn 1916, wienen der gjin Spullen yn ferbân mei de Earste Wrâldkriich. Yn 1919 liet it Nederlânsk Olympysk Komitee it kandidaatskip fan Amsterdam falle, om't se de nominaasje fan Antwerpen foar de Spullen fan 1920 stipen. Yn 1921 waard Parys keazen as gaststêd fan de Olympyske Spullen fan 1924, ûnder it betingst dat de Olympyske Spullen fan 1928 al yn Amsterdam hâlden wurde soenen. Dy kar waard, stipe troch it Nederlânsk Olympysk Komitee, wrâldkundich makke troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee op 2 juny 1921. De Amerikanen koenen it net lykfine mei dy beslissing, mar harren fersyk om de Spullen fan 1928 nei Los Angeles ta te heljen waard yn 1922 ôfwiisd, yn 1923 barde dat in twadde kear.[2] Los Angeles waard letter ferkeazen ta gasthear fan de Olympyske Spullen fan 1932.

Krityk yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reaksjes út de Nederlânsk befolking oer de Olympyske Spullen 1928, mei Amsterdam as gaststêd, wienen foar it grutste part posityf. De krityk kaam benammen fan tige religieuze mienskippen. Dy fûnen de Spullen in "heidensk barren".[3] Foar it organisearjen fan de Spullen wie 2 miljoen gûne nedich. De gemeente Amsterdam stie noed foar goed fjouwer ton en de provinsje Noard-Hollân foar ien ton. Dêrnjonken waard rûze dat de Spullen in heal miljoen opsmite soe oan bydragen fan banken, sponsors en entreejilden. Dat der moast noch ien miljoen bykomme. Dat soe troch de steat bydroegen wurde, mar de konfesjonelen yn de Twadde Keamer wienen it dêr net mei iens. It foarstel dêrta waard dan ek net oannommen. Om it jild dochs byelkoar te krijen waard in oprop oan it folk dien yn ferskate grutte kranten. Yn twa wike tiid waard sa likernôch 1,5 miljoen gûne ophelle.

Iepeningsseremoanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foar it earst yn de skiednis wurdt de olympyske flamme oanstutsen.

De iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spullen fan 1928 wie op 28 july yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Dy seremoanje hie in stik as wat nijsgjirrichheden yn ferliking mei eardere edysjes fan de Spullen. Sa waard by dizze Olympyske Spullen foar it earst de olympyske flamme oanstutsen, boppe op de Maratontoer fan it Olympysk Stadion.[4] De flamme waard lykwols net oanstutsen troch in ferneamde sporter, sa’t hjoed-de-dei gewoan is, mar troch in meiwurker fan it gasbedriuw.[5] Foar it oanstekken fan de olympyske flamme waard by de Spullen fan Amsterdam noch gjin esfatte rûn mei de toartse dy't hjoed-de-dei brûkt om de flamme mei oan te stekken, dy waard pas foar de earste kear rûn by de Olympyske Spullen fan 1936 yn Dútslân. It lân dat foar it earst in lanneparade by de iepeningsseremoanje hie wie Grikelân. Dy tradysje bestiet hjoed-de-dei noch.[6]

Yntocht fan de Dútske sporters fan de Spullen by de iepeningsseremoanje.

Keninginne Wilhelmina wie net by de iepeningsseremoanje. De keninginne wegere derby te wêzen om't sy net frege wie by it fêststellen fan de datum fan de iepening. Dêrnjonken soe se op dat stuit in wichtige reis nei Noarwegen meitsje moatte. Dat wie lykwols net sa, om't de keninginne gjin offisjele besikings die, sadat har reis nei Noarwegen in ynformelen-ien wie.

Neffens it protokol fan de Olympyske Spullen moat de iepeningsseremoanje ôfnaam wurde troch it steatshaad.[7] Ynstee fan de keninginne sels naam Prins Hendrik, de man fan Keninginne Wilhelmina, út namme fan de keninginne de seremoanje ôf. De keninginne wie wol by de slutingsseremoanje.

By de iepeningsseremoanje wie njonken it oanstekken fan de olympyske flamme en de lanneparade ek in optreden fan in gearwurking fan ferskate koaren út Haarlim, De Haach, Amsterdam, Rotterdam, Breda, Maastricht en De Bosk (dy’t ûnder oare it folksliet fan Nederlân hearre liet), in taspraak fan Dr. J. Th. De Visser (de eardere Minister fan Underwiis, Keunst en Wittenskip) en in taspraak fan baron Schimmelpenninck van der Oye (foarsitter fan it Nederlânsk Olympysk Komitee). Nei de taspraak fan Schimmelpenninck krige Prins Hendrik it wurd, wêrnei't hy de Spullen offisjeel iepene.[8] Dêrop waard de olympyske flagge hiest en waard de olympyske ûnthjit ôflein troch Henri Dénis, in Nederlânsk fuotballer.[9]

Slutingsseremoanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sluttingsseremoanje fan de Olympyske Spullen wie op 12 augustus. Oars as by de iepeningsseremoanje wie Keninginne Wilhelmina der no al by.

De seremoanje hie plak nei it lêste ûnderdiel op de Spullen, de springwedstriden fan it hynsteriden. Oars as hjoed-de-dei waarden alle prizen by de slutingsseremoanje útrikt. De gouden medaljes waarden útrikt troch de keninginne, de sulveren medaljes troch Prins Hendrik en de brûnzen medaljes troch Henri de Baillet-Latour, de foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.[10] Fuort nei dat barren waard in taspraak holden troch De Baillet-Latour, wêrnei't de Olympyske flagge mei de Nederlânske flagge, de flagge fan de Feriene Steaten en de Frânske flagge omleech helle waarden. De flaggen fan de lannen waarden omheech helle as symboal fan de Olympyske Spullen yn it ferline, de notiid en de takomst.[11] Ta beslút waard de Olympyske flagge oerjûn oan fertsjintwurdigers fan Los Angeles, dêr't de Olympyske Spullen fan 1932 plak hawwe soenen.

By de Olympyske Simmerspullen fan 1928 waard der sport yn 16 dissiplines yn 14 sporten. Yn totaal wienen der 109 eveneminten.


Atletyk foar froulju en turnjen wienen nij by de Olympyske Spullen fan 1928. De 800-meter-rin foar froulju einige mei ferskate dielnimmers folslein efter de pûst, wêrnei't besletten waard dat rineveneminten langer as 200 meter foar froulju net mear yn it programma opnommen wurde soenen. Pas by de Olympyske Spullen fan 1960 waarden soksoarte evenminten wer yn it programma opnommen.

Tennis wie foar it earst yn de skiednis fan de moderne Olympyske Spullen net opnommen yn it programma. De sport soe pas by de Olympyske Spullen fan 1968 weromkomme, earst as in demonstraasjesport, en op de Olympyske Spullen fan 1984 pas wer as fêst ûnderdiel fan de Spullen.

Demonstraasjesporten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1992 waarden der demonstraasjesporten holden op de Olympyske Spullen. [12] Neffens de regleminten fan de Olympyske Spullen mocht it organisearjende lân twa demonstraasjesporten oan it programma tafoege. It moast dan gean om ien nasjonale sport út it lân dêr’t de Spullen holden waarden en ien ynternasjonale sport, in sport dy’t yn it gastlân hast gjin bekendheid hie. [13]

Nasjonale sporten dy’t as demonstraasjesport yn 'e beneaming kamen foar de Olympyske Spullen fan 1928 wienen bôgesjitte, rugby, kegelje, kuorbal en keatsen. [13] De earste trije opsjes foelen, om ferskate redenen, al gau ôf, wêrnei’t keatsen en kuorbal oerbleaunen as mooglike ûnderdielen. De ôfspraken mei it Nederlânske Keatsbûn wienen al frij betiid makke. It bûn hie sels al in brief tastjoerd krigen dêr't yn sein waard dat it keatsen sa goed as wis keazen wurde soe as demonstraasjesport, der moast lykwols al rekkenskip mei hâlden wurde dat der op it lêst dochs noch in oare sport keazen wurde koe. [14] Lang om let keas it Nederlânsk Olympysk Komitee dochs foar kuorbal en net foar it keatsen, om't Baron Van Tuyll van Serooskerken, foarsitter fan it Nederlânsk Olympysk Komitee, it Nederlânske Kuorbalbûn al tasein hie dat kuorbal de demonstraasjesport wurde soe by de Spullen. [14]

Om't der dochs al heale ôfspraken makke wienen mei it Keatsbûn waard letter besletten om it keatsen ‘ûnoffisjeel’ ta te litten as demonstraasjesport. Der waarden twa demonstraasjes jûn op it krikketfjild.

As ynternasjonale demonstraasjesport waard lacrosse ferkeazen boppe hânbal, basketbal, pelota (in balsport út it Spaansk-Baskelân en Kataloanje en besibbe oan it keatsen), kanofarre en glima (in wrakselsport út Yslân). [15]

Keunstwedstriden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de fjirde kear waarden op de Olympyske Spullen keunstwedstriden hâlden. Yn fiif kategoryen waarden medaljes útrikt foar wurken dy't ynspirearre wienen troch spor; arsjitektuer, literatuer, muzyk, skilderjen en byldhouwen. Nei de Olympyske Spullen fan 1928 waard troch it YOK besletten dat de keunstwedstriden net langer in offisjeel part fan it olympyske barren wienen. De wedstriden binne net mear yn de databank werom te finen en komme ek net foar yn de medaljespegel fan de Olympyske Spullen fan 1928.

Loftfoto fan it Olympysk Stadion ûnder de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spullen.
It Harry Elte Stadion, dêr't it hokky-evenemint fan de Spullen hâlden waard.

Foar de Olympyske Spullen fan 1928 waard gebrûk makke fan fjirtjin lokaasjes foar it beoefenjen fan de sporten.

Lokaasje Sport(en) Kapasiteit Boarne
Amersfoort Moderne fiifkamp (hynsteride) Net bekend. [16]
Amsterdam Dykhurdfytse Net bekend. [17]
IJ Hurdsile 2.263 [18]
Hilfertsom Hynstesport (gjin springûnderdielen), Moderne fiifkamp (hurdrinne) 4.763 [19]
Krachtsportgebouw Bokse, Gewichtheffe, Wrakselje 2.840 [20]
Monnikenhuize Fuotbal 5.000 [21]
Harry Elte Stadion Hokky 29.000 [22]
Olympysk Sportpark Swimstadion Keunstdûke, Moderne fiifkamp (swimme), Swimme, Wetterpolo 4.440 [23]
Olympysk Stadion Atletyk, Baanhurdfytse, Hynstesport (springe), Fuotbal, Gymnastyk 31.600 [24]
Schermzaal Skermje, Moderne fiifkamp (skermje) 559 [25]
Sloten Roeie 2.230 [26]
Sparta Stadion Het Kasteel Fuotbal 11.026 [27][28][29]
Zeeburg Sjitakkomodaasje Moderne fiifkamp (sjitte) 10.455 [30]
Sudersee Sile 2.263 [18]

Nei de Olympyske Spullen binne in pear fan de stadions fuort ôfbrutsen, wêrûnder it Olympysk Sportpark Swimstadion, dat spesjaal foar de Olympyske Spullen boud wie. Itselde jildt foar de Skermseal. It Harry Elte Stadion waard ek sljochte, hjoed-de-dei stiet der in wenwyk op de grûn fan it stadion. Monnikenhuize waard pas nei de Twadde Wrâldkriich ôfbrutsen, yn 1950.

Stadions lykas dat fan de Rotterdamske fuotbalklup Sparta ('Het Kasteel') en it Olympysk Stadion yn Amsterdam waarden oan 'e ein fan de 20e iuw renovearre.

Fryske dielnimmers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der dienen sân yn Fryslân berne dielnimmers mei oan dizze edysje (tusken skrapkes de sporten wêr't hja yn út kamen).[31]

De offisjele poster foar de Spullen fan Amsterdam wie in ûntwerp fan Jos Rovers. Der waarden troch de organisaasje 10.000 stiks fan printe en ferspraat. De poster lit in hurdrinnende manlike atleet yn wite klean sjen, mei op de eftergrûn it Olympysk Stadion en de Olympyske flagge. Opfallend oan de poster is de ûnnatuerlike posysje fan de atleet, syn lofterfoet en syn lofterearm swaaie nei foaren, in hâlding dêr't it lykwicht gau ferlern yn giet.

It YOK hat de auteursrjochten fan de poster fan Rovers nea krije kind, ek net by de erven fan Rovers. Ut praktyske oerwagings wurdt yn YOK-publikaasjes dêrom in oare poster brûkt, mei de Dútske tekst Olympische Spiele en in foar in part yn de Nederlânske flagge klaaide atleet mei in fredestûke yn ‘e hân. Dat ûntwerp wie makke foar de omslach fan it Dútske boek oer de Spullen. [32]

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielnimmende lannen. Yn it blau debutearrende lannen. Yn it grien lannen dy't al earder dielnamen.

Der dienen 46 lannen mei oan de Spullen yn Amsterdam. Nijkommers wienen Malta, Panama en Rodeezje, it hjoeddeiske Simbabwe. Dútslân wie foar it earst wer útnûge nei't it lân net talitten waard ta de Olympyske Spullen fan 1920 en 1924 as gefolch fan de Earste Wrâldkriich


  • Arnoldussen, P. (2008). Amsterdam 1928, de Spelen in Nederland. De Bezige Bij. ISBN 978-90-6005-755-1.
  • Hiddema, B. (2008). De Olympische Spelen Amsterdam 1928. Amstel Sport. ISBN 978-90-482-0013-9.
  • Paauw, R. & Visser, J. (2008). Model voor de Toekomst. De Olympische Spelen van Amsterdam 1928. Uitgeverij De Buitenspelers. ISBN 978-90-71359-28-6.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: 1928 Summer Olympics – foto, fideo en harktriemmen
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje


Olympyske Simmerspullen 1928

Atletyk | Baanhurdfytsen | Boksen | Dykhurdfytsen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen



Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografy Jan Akkerman op Sports-Reference (sjoen op 4 novimber 2010)
  2. Heidens spektakel werd trendsettend feest, VKGeschiedenis.nl (sjoen op 4 novimber 2010)
  3. Heidens spektakel werd trendsettend feest, VKGeschiedenis.nl (sjoen op 4 novimber 2010)
  4. Amsterdam 1928 Summer Olympics, offisjele hiemside fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (sjoen op 4 novimber 2010)
  5. Stadsarchief Amsterdam en de Olympische Spelen van 1928, Sportgeschiedenis.nl (sjoen op 4 novimber 2010)
  6. Amsterdam 1928 Summer Olympics, offisjele hiemside fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (sjoen op 4 novimber 2010)
  7. The Ninth Olympiad – Amsterdam 1928: Official report, side 294 (sjoen op 4 novimber 2010)
  8. The Ninth Olympiad – Amsterdam 1928: Official report, side 307 (sjoen op 4 novimber 2010)
  9. The Olympic Oath, Olympic-museum.de (sjoen op 5 novimber 2010)
  10. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report. Side 913.
  11. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report. Side 914.
  12. Van demonstratiesport tot officiële status Sportgeschiedenis.nl (sjoen op 5 novimber 2010)
  13. 13,0 13,1 The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 902 (sjoen op 5 novimber 2010).
  14. 14,0 14,1 The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 903 (sjoen op 5 novimber 2010).
  15. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 907 (sjoen op 5 novimber 2010).
  16. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report side 277.
  17. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report side 264.
  18. 18,0 18,1 The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 271-2, 274.
  19. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 167, 271-8.
  20. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 200-1, 205.
  21. FIFA.com 1928 Summer Olympic CHI-MEX results.
  22. 1928 The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 173-80.
  23. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 193, 205-9, 277.
  24. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 173-205.
  25. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 170, 202, 205.
  26. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 172, 267-72.
  27. Interlands Nederlands elftal in Spangen, Voetbalstasts.nl
  28. Nederland - België, Wereldvanoranje.nl (sjoen op 5 novimber 2010)
  29. Nederland - Chili, Wereldvanoranje.nl (sjoen op 5 novimber 2010)
  30. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report side 277.
  31. Sports-Reference (sjoen op 4 novimber 2010)
  32. Henk van Gelder. De Spiele in Amsterdam (op ynternet allinnich mei abonnemint te rieplachtsjen), NRC Handelsblad 30 july 1996 (sjoen op 6 novimber 2010).