Springe nei ynhâld

Kuorbal

Ut Wikipedy
Kuorbalwedstryd tusken 'Trekvogels' en 'OZC'

Kuorbal is in balsport foar mingde partoeren. It is in doelsport foar twa partoeren fan elts fjouwer froulju en fjouwer manlju. If fjild is opdield yn twa fakken, mei yn elts fak fan elts partoer twa froulju en twa manlju. It doel is in koer, 3,5 meter heech oan in peal yn it fak fan de tsjinstanners. De spilers meie net mei de bal rinne, en meie net yn it oare fak komme. Foar 1991 wie it fjild opdield yn trije fakken, sadat in partoer doe 12 spilers hie.

Kuorbal waard yn 1902 betocht troch Nico Broekhuysen, in ûnderwizer út Amsterdam. Hy hie yn Sweden it spul Ringbal leard, en ûntwikkele dêr in ferzje út dy't dúdlik genôch wie om it syn learlingen te learen. De sport waard al gau populêr op skoallen, net allinnich by de bern, mar ek by de grutte minsken. Mei trochdat it in mingde sport wie, sadat it makliker wie genôch spilers te finen, waard de sport yn hast elk doarp spile. Hjoeddedei wurdt kuorbal yn organisearre foarm spile yn 35 lannen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]