Sjetlâneilannen
De Sjetlâneilannen (Skotsk-Gaelysk: Sealtainn, Ingelsk: Shetland Islands) binne in eilannekloft yn de Atlantyske Oseaan, noardlik fan it fêstelân fan Skotlân. De eilannen berinne in oerflak fan 1.426 km²; it haadeilân Mainland beslacht dêrfan in twa treddepart. It plak Lerwick op Mainland is it bestjoerlike sintrum fan de Sjetlâneilannen. Yn 'e mande mei de súdliker leine Orkney-eilannen foarmje de Sjetlâneilannen de Noardlike Eilannen fan Skotlân. Sûnt 1975 is Sjetlân fierders ek ien fan 'e Skotske riedsgebieten.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hiele eilannekloft bestiet út likernôch 100 eilannen dêr't fyftsjin fan bewenne binne. Op dy fyftjin bewenne eilannen wenje om ende by 23.167 minsken yn 2011, dêr't 17.750 fan op it haadeilân Mainland wenje (2005).
De oare bewenne eilannen binne:
- Bressay (400 ynwenners)
- Burra
- Fetlar (60 ynwenners)
- Foula
- Muckle Roe
- Papa Stour
- Trondra
- Unst (806 ynwenners)
- Vaila
- Whalsay (sa. 1.000 ynwenners)
- Yell (sa. 960 ynwenners)
By de eilannen yn de Sjetlânkloft wurde ek rekkene: Fair Eilân yn it suden, en Housay en Bruray yn de Out Skerries yn it easten.
De Sjetlâneilannen steane bekend om de grutte koloanjes seefûgels dy't dêr te finen binne. Under oare de seepappegaai en Mallemok briede der yn grutte oantallen. De eilannekloft leit op deselde breedtegraad (60° NB) as de súdpunt fan Grienlân, Kaap Farwel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de begjin fan de Midsiuwen waarden de eilannen beset troch Wytsingen; de spoaren fan harren oanwêzigens binne noch oeral te sjen. Sjetlân waard yn 1472 by Skotlân foege as ûnderdiel fan in keninklike breidskat.
Op de Sjetlâneilannen stean in protte oerbliuwsels út eardere tiden. Alde forten lizze ferspraat oer de eilannen en kinne besichtige wurde. Yn Jarlshof op Mainland is in doarp út de Brûnstiid opgroeven.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wolfgang Schlick:Die Orkney und Shetland-Inseln : Landschaft und Kultur im Nordatlantik. DuMont, Keulen 1989, 298 siden (DuMont Kultur-Reiseführer) ISBN 3-7701-2174-0
- Elizabeth Balneaves: The windswept isles: Shetland and its people. Londen: Gifford, 1977. (328 siden)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside fan de Rie fan de Sjetlâneilannen
- Visit Shetland op de webside fan Visit Scotland