Iems
De Iems (ek wol Ems of Eems) is in rivier yn it noardwesten fan Dútslân troch East-Fryslân. De rivier rint troch de dielsteaten Noardryn-Westfalen en Nedersaksen. De rivier begjint by Senne yn it Teutoburgerwâld en einiget oer de Doalert en de Waadsee yn 'e Noardsee. De Iems hat in lingte fan 371 kilometer, dêr't 238 kilometer fan befarber binne. It Iems-Jadekanaal, dat by Emden begjint, ferbynt de Iems mei rivier de Jade. It Dortmund-Iemskanaal rint foar in grut part parallel by de Iems lâns.
Oer it waad tusken de eilannen Rottumereach en Boarkum wurdt de Westeriems neamd, oarekant Boarkum en it eilân Júst hjit Easteriems.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iems wie al bekend by ferskate skriuwers út de Aldheid: Plinius de Alde yn Natuerlike Histoarje (4.14), Tacitus yn de Annalen (Boek 1), Pomponius Mela (3.3) en Strabo en Ptolemeüs, Geografy (2.10). Ptolemeüs brûkte de namme Amisios potamos, yn it Latyn Amisius fluvius. Oaren brûkten deselde namme of Amisia, of Amasios. Dat it om ien en deselde stream giet is wis, want hja jouwe it altyd in plak tusken de Ryn en de Weser oan, en boppedat wie it de iennichste rivier dy't nei it Teutoburger Wâld late.
Steden en gemeenten oan de Iems
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hövelhof
- Steinhorst
- Westerwiehe
- Schöning
- Rietberg
- Rheda-Wiedenbrück
- Harsewinkel
- Warendorf
- Telgte
- Greven
- Emsdetten
- Rheine
- Salzbergen
- Emsbüren
- Lingen
- Geeste
- Meppen
- Haren
- Lathen
- Kluse
- Dörpen
- Lehe
- Aschendorf
- Tunxdorf
- Papenburg
- Weener
- Leer
- Jemgum
- Midlum
- Critzum
- Rorichum
- Gandersum
- Emden
- Knock
- Delfsyl