James Cook
James Cook (Marton, Yorkshire, 27 oktober 1728 - Hawaï, 14 febrewaris 1779) wie in Britske ûntdekkingsreizger, seefarder en kartograaf, dy't ferneamd wurden is troch syn trije ûntdekkingstochten nei de Grutte Oseaan.
James Cook krige fan de Britske regearing opdracht om te ûndersykjen oft âlde leginden oer in ûnbidich grut kontinint yn it suden, it saneamde "Terra Australis" op wierheid berêste. Hy soe de earste seefarder yn de skiednis wurde dy't de Súdpoalsirkel (71°10' suder breedte) passearje soe op 17 jannewaris 1773.
Op syn reizen hat James Cook tûzenen kilometers ûnbekende kusten ûndersocht en yn kaart brocht. Sa koenen in protte mysterys fan it Pasifysk gebiet oplost wurde. Hy stifte ek in protte hannelsposten yn dy nije gebieten. James Cook wie in tûke kaptein dy't sawol baas wie oer syn skip as syn manlju. By him foelen gjin slachtoffers troch skuorbûk, ien fan de grutte problemen op lange reizen. Hy joech syn bemanning soerkoal om dat tsjin te gean. Wat ek by him opfoel wie dat er op in freedsume wize kontakt socht mei de lokale befolking dy't er op syn reizen tsjin kaam. As earste Jeropeaan hied er in protte kontakt mei de locals. Teffens is troch Cook de K1 Gronometer foar it earst brûkt om de lingtegraad presys fêst lizze te kinnen.
Earste reis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Ingelân waarden plannen makke foar in wittenskiplike ekspedysje nei de Grutte Oseaan. De reis hie as doel de ôfstân te berekkenjen tusken ierde en sinne en it sykjen nei Terra Australis. Om de ôfstân útrekkenje te kinnen wie it fan belang op 3 juny 1769 in astronomysk ferskynsel, de Fenusoergong op Tahity mei te meitsjen.
Kaptein Cook waard útkeazen om de ekspedysje te lieden dy't út in grutte groep wittenskippers bestie, te witten natoerûndersiker Joseph Banks, de astronoom Charles Green, de biologen Daniel Solander en Hermann Sporing en tekener Alexander Buchan. It skip dat foar de ekspedysje brûkt waard wie de HMS Endeavour.
Cook gie op 30 july 1768 út Deptford wei, sylde om Kaap Hoarn hinne en fear yn noardwestlike rjochting nei Vahitahi en ferfolgens nei Tahity, dêr't mei de sukses de Fernusoergong waarnaam waard. In grut tal eilannen waarden besocht en it plante- en dierelibben dêre ûndersocht.
Dêrnei ferfolge Cook syn reis op siik nei it heimsinnige Terra Australis en fear nei it suden oant 40°SB, mar ûntduts gjin lân. Hy gie werom oant er de kust fan Nij-Seelân berikte, dy't al earder yn 1643 troch de Nederlanner Abel Tasman ûntdutsen wie. Troch him waarden de kusten fan beide eilannen alhiel yn kaart brocht.
Dêrnei fear hy wer nei it westen mei as doel Tasmaanje te berikken, mar troch de wyn sylde hy noardliker en berikte de eastkant fan Austraalje by Port Hicks. Hy folge de kust nei it noarden, ûntdiek Botany Bay en Port Jackson en neamde it gebiet Nij-Súd-Wales. Fierder nei it noarden rekke it skip lek doe't hy op in part fan it Grut Barriêrerif stjitte, mar Cook slagge deryn it skip farrende te hâlden en de kust te berikken sadat it reparearre wurde koe. Hy stelde fêst dat Austraalje en Nij-Seelân troch in see fan elkoar skieden wienen en kearde fia Batavia en om Kaap de Goede Hoop werom nei it Feriene Keninkryk. Op 12 july 1771 arrivearre hy by Dover.
Twadde reis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De twadde reis fan Cook stie lykas de earste reis foar it grutste part yn it teken fan de syktocht nei it Terra Australis. Diskear krige hy de beskikking oer twa skippen, de Resolution dêr't hy sels op foer en de Adventure en der fearen 193 manlju mei.
Cook fear op 13 july 1772 út Plymouth wei en fia Kaapstêd gie de reis op it suden oan. Safier bekend waard op dy reis foar de earste kear oer de Súdpoalsirkel hinne gien en kamen hja oant 67°15' suderbreedte. Cook ûntduts gjin lân, alhoewol't er nei no bliken docht oant inkele kilometers Antarktika tichterby kommen wie. Dêrnei sette er ôf op syk nei de Kerguelen, wêrby't de beide skippen elkoar kwyt rekken. Dat sa'n situaasje foarfalle koe wie al rekkening mei hâlden en beide skippen moetsje elkoar wer by Nij Seelân.
Tegearre fearen de skippen fierder nei it easten sûnder lân tsjin te kommen en ferfolgens gie de reis nei Tahity. Oer Tonga kearden hja werom nei Nij-Seelân dêr't de skippen opnij it kontakt ferlearen. Diskear slagge it net elkoar wer te finen. De Adventure kearde dêrnei werom nei Ingelân. Cook fear yn súdwestlike rjochting en stiek opnij de poalsirkel oer. Ferfolgens fear hy eastoan lâns it pakiis en berikte de súdlike breedte fan 71°10', wat oant 1841 de súdlikste breedte bliuwe soe dat troch minsken berikt wie. Cook kearde nei oardeheal moanne by it iis lâns fearn te hawwen werom nei Tahity, ûnderweis besocht hy noch Peaske-eilân en brocht de Markwesas yn kaart, dy't sûnt Mendaña (1595) foar safier bekend net mear troch Jeropeanen sjoen wienen. Nei syn besyk oan de Selsskipeilannen ferkende hy Tonga en de Nije Hebriden. Hy ûntduts Nij-Caledoanje en brocht it yn kaart. Ferfolgens fear hy nei it easten nei Fjoerlân.
Begjin 1775 ûndersocht Cook it suden fan de Atlantyske Oseaan en ûntduts Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen. Fia opnij Kaapstêd kearde hy werom nei Ingelân en kaam op 29 july 1775 oan yn Plymouth.
Mei syn twadde reis hie Cook foargoed fêststeld dat Terra Australis net bestie en wie hy deryn slagge, yn in tiid dêr't it normaal wie dat op in lange reis in tredde oant de helte fan de skipslju stoar, mar 4 man te ferliezen, wêrfan gjin ien oan skuorbûk. Hy brûkte soerkoal as boarne foar fitamine C foar syn manlju.
Tredde reis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1776 giet Cook foar de tredde kear op reis. It doel is diskear om it noarden fan de Grutte Oseaan te ferkennen, en mear spesifyk de kust fan Noard-Amearika. Cook woe sjen oft it mooglik wie fia dy rûte nei Aazje komme te kinnen. De ekspedysje telde twa skippen, de Resolution ûnder Cook sels en de Discovery ûnder Charles Clerke, mei-inoar 384 man. De Resolution set útein fan Plymouth op 12 july 1776, de Discovery op 1 augustus. Yn Kaapstêd waarden beide skippen mei elkoar feriene en fearen tegearre nei it easten. De Crozeteilannen en de Kerguelen waarden ûntdekt en op de kaart setten en fia Van Diemen's Lân (Tasmaanje) kaam de ekspedysje yn Nij-Seelân oan. Rarotonga, de Cookeilannen en de Tubuay-eilannen waarden ûntdekt, en de reis gie fjirder nei Tonga ear't op Tahity inkele moannen rêst hâlden waard.
Fan Tahity fear Cook nei it noarden en seach in eilân dat er Santa Island neamde (distiid Kiritimati) en in kloft eilannen dy't er Sandwicheilannen neamde, mar tsjintwurdich bekend stean as Hawaï. By syn besite die er allinnich de twa westlike eilannen Niihau en Kauai oan. By Heceta Head yn Oregon berikte hy lang-om-let de kust fan Noard-Amearika, it eigentlike doel fan de reis. Hy folge de kust fjirder nei it noarden en brocht ek dy yn kaart, lykwols miste er de Strjitte fan Juan de Fuca Hy berikte fia Unalaska de Beringstrjitte, mar waard op 70°41'NB troch it pakiis tsjinhâlden. By de Siberyske kust fan Beringstrjitte gie Cook wer nei it suden en ûntdekt dêrby St. Lawrence Island. Fia Unalaska kearde hy werom nei Hawaï.
Maui wie it earste eilân dat Cook te sjen krige en dat eilân waard lykas de rest fan it arsjipel yn kaart brocht. De eilânbewenners wienen ynearsten freonlik en seagen Cook oan foar Lorono, harren god fan foarspoed. De situaasje feroare hiel bot doe er fuort gean woe. Troch it minne waar moast er it eilân eilân Hawaï oandwaan en mei it mei de bewenners oar 'e stok krige. It tal foarfallen wêrby't mei wapens drige waard, naam ta. En doe't der in boat fan Cook stellen waard troch de eilânbewenners gie Cook oan wâl. Hy woe in gizeler nimme om dêrmei de boat werom krije te kinnen. De situaasje rûn lykwols út 'e hân en ien fan de Britten skeat in Hawajaan del. Fuort kaam it ta in gefjocht dêr't Cook en fjouwer fan syn manlju by omkamen. It stee dêr't dat foarfoel wei by de Kealakekua Bay en hiet no Captain Cook.
Clerke naam it kommando fan de ekspedysje oer en besocht op 'e nij troch de Beringstrjitte hinne te kommen. Hy hie likemin suskes en stoar ûnderweis oan tuberkuloaze en it wie lang-om-let John Gore ûnder waans kommando de skippen yn oktober 1780 werom kamen yn Ingelân.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Aughton, Peter: Endeavour: The Story of Captain Cook's First Great Epic Voyage (2002).
- (in) Collingridge, Vanessa: Captain Cook: The Life, Death and Legacy of History's Greatest Explorer (2004), ISBN 0-09-188898-0.
- (ned) Enquist, Anna: De thuiskomst (2005).
- (ned) Horwitz, Tony: De ongetemde wereld: Op reis met kapitein Cook (2002) ISBN 90-234-1034-3.
- (in) Hough, Richard: Captain James Cook a biography (1994) ISBN 978-0-340-82556-3.
- (in) Obeyesekere, Gananath: The Apotheosis of Captain Cook: European Mythmaking in the Pacific (1992) ISBN 0-691-05752-4.
- (in) Richardson, Brian: Longitude and Empire: How Captain Cook's Voyages Changed the World (2005) ISBN 0-7748-1190-0.
- (in) Thomas, Nicholas: Cook: The Extraordinary Voyages of Captain James Cook (2003) ISBN 0-8027-1412-9.
- (in) Williamson, J.W.: Cook and the opening of the Pacific (1946).