Springe nei ynhâld

Wâldmies

Ut Wikipedy
wâldmies
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miesfûgels (Paridae)
skaai ûnechte swartmiezen (Periparus)
soarte
Periparus ater
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     wintergast

De wâldmies (Periparus ater) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan de miesfûgels (Paridae). De wâldmies komt meast foar yn nuddelbosken. Oars as de blaumies en de blokmies, komt de wâldmies net faak by de minsken yn de tún. De wâldmies hat in swarte krún en in wite flek yn de nekke en wite wangen. Yn it grutste part fan Jeropa komt dizze fûgel it hiele jier foar.

Aaien fan 'e wâldmies.

Oare Fryske namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wâldmies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Swarte Mies.

De wâldmies yt it meast ynsekten en de yn de nuddelbosken te finen liere- en dinne-appels.

De wâldmies is in hoalebrieder. It wyfke bret 2 wike allinnich op de 7-10 aaien. De jongen wurde 15-17 dagen troch beide âlden fersoarge foar at se útfleane.