Springe nei ynhâld

Ursula von der Leyen

Ut Wikipedy
Ursula von der Leyen
politikus
echte namme Ursula Gertrud von der Leyen-Albrecht
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 8 oktober 1958
berteplak Ixelles/Elsene
partij CDU, EVP
Min. foar Famylje, Alderein,
Frouljusaken en Jongerein
amtsperioade Merkel I (2005-2009)
Min. fan Wurkgelegenheid
en Sosjale Saken
amtsperioade Merkel II (2009-2013)
Min. fan Definsje
amtsperioade Merkel III (2013-2018)
Min. fan Definsje
amtsperioade Merkel IV (2018-2019)
Foarsitter Europeese Kommisje
amtsperioade 2019-2024
foargonger Jean-Claude Juncker
Foarsitter Europeese Kommisje
amtsperioade 2024-

Ursula Gertrud von der Leyen (berne as Albrecht op 8 oktober 1958 yn Ixelles/Elsene, Belgje) is in Dútsk politikus fan 'e CDU. Hja folge yn desimber 2019 Jean-Claude Juncker op as foarsitter fan 'e Europeese Kommisje.

Famylje en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ursula von der Leyen is in dochter fan 'e eardere Nedersaksyske minister-president Ernst Albrecht (1930-2014) en Heide Adele-Stromeyer (1927-2002). Har heit wurke oant 1971 foar de Europeeske Mienskippen yn Brussel. Yn dy tiid besocht hja de Europeeske Skoalle yn Ukkel.

Tusken 1976 oant 1977 studearre hja Argeology. Yn 1977 feroare se fan stúdzje en studearre hja Algemiene Ekonomy oan 'e universiteiten fan Göttingen en Múnster. Sûnt 1978 besocht hja ûnder it pseudonym de London School of Economics and Political Science. De eftergrûn dêrfan wie dat justysje foar har heit en de famylje in konkrete bedriging troch de RAF seach, in organisaasje dy't oan 'e universiteit fan Göttingen doe nochal wat sympatisanten hie.

Yn 1980 sette hja lang om let útein mei in medyske stúdzje oan 'e Medyske Hegeskoalle fan Hannover. Yn 1987 foltôge hja har oplieding mei in steatseksamen en it foech om geneeskunde út te oefenjen. Dêrnei wurkje hja as arts-assistint yn in gynaecologische klinyk fan 'e Medyske Hegeskoalle. Yn 1991 promovearre se ta doktorandus.

Ursula von der Leyen is sûnt 1990 lid fan 'e CDU.

Tusken 2003 oant 2005 wurke Von der Leyen as minister fan it Nedersaksyske Ministerium für Soziales, Arbeit, Gesundheit und Gleichstellung (Ministearje fan Sosjale Saken, Wurkgelegenheid, Sûnenssoarch en Lykweardigens).

Hja krige yn it earste kabinet fan Merkel (2005-2009) in ministerspost op it Bundesministerium für Familie, Senioren, Frauen und Jugend (Famylje, Alderein, Froulju en Jongerein). Yn it kabinet Merkel II waard hja fan 2009-2013 minister fan it Bundesministerium für Arbeit und Soziales (Wurkgelegenheid en Sosjale SakenWurkgelegenheid en Sosjale Saken). Sûnt 2013 waard Von der Leyen yn 'e kabinetten Merkel III en IV minister fan it Bundesministerium der Verteidigung (Definsje).

Undertekening Dútsk-Nederlânske gearwurkingsoerienkomst op 4 febrewaris 2015.

Op 4 febrewaris 2015 tekene Von der Leyen in gearwurkingsoerienkomst mei de doetiidske Nederlânske minister fan Definsje Jeanine Hennis-Plasschaert. Dy oerienkomst betsjut in nauwe gearwurking tusken de Dútske en Nederlânske kriichsmacht en lei de basis foar in fierdere útbou fan 'e Dútsk-Nederlânske gearwurking op it mêd fan definsje.

Von der Leyen as minister fan Definsje.

Under har lieding hie de Dútske Bundeswehr te meitsjen mei tekoarten oan personiel en materieel en swierrichheden yn 'e logistyk. Dy saken spilen al wat langer, mar ûnder har bewâld kamen se folop oan it ljocht. De Bundeswehr ferwiet de minister dat hja in soad tiid bestege oan PR en te min die oan ferbetteringen. Ek wiene der skandalen oer it oanbesteegjen fan opdrachten, dy't net transparant en wêrfan't de prosessen ûndúdlik wiene.

Urusla von der Leyen mei Donald Trump op it WEF, 2018.)

Angela Merkel skode Von der Leyen yn 2019 nei foarren as nije foarsitter fan 'e Europeeske Kommisje. Dêrom tsjinne hja har ministerstermyn net út.

Tusken jannewaris 2019 oant febrewaris 2020 ûndersocht in kommisje de rjochtmjittigens fan 'e gunning fan opdrachten troch Von der Leyen oan eksterne adviseurs foar de Bundeswehr. Neffens de Süddeutsche Zeitung wiene de foar it ûndersyk relevante mobile telefoangegevens wiske, wiene dokuminten mei opsetsin ûnlêsber makke en wiene dossiers ferneatige. De sms-berjochten fan beide mobile telefoans fan Von der Leyen wiene ferwidere.

Foarsitter Europeeske Kommisje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 desimber 2019 waard Von der Leyen nei Merkel's foardracht ta foarsitter keazen fan 'e Europeeske Kommisje. Dy beneaming wie net sûnder krityk. De krityk betrof fjouwer ferskillende redenen:

Ursula von der Leyen yn 2019 yn it Europeeske Parlemint.

1. In foarsitter wurdt ornaris keazen út de listlûkers fan 'e Europeeske partijen by de ferkiezingen fan it Europeesk Parlemint. Von der Leyen wie gjin kandidaat by de ferkiezingen en de beneaming wurdt dan ek beskôge as in politike deal efter sletten doarren tusken EU-lieders. 2. Von der Leyen krige mar 383 stimmen, yn fan 'e smelste marzjes ea foar in kommisjefoarsitter. 3. In soad parlemintariërs fûnen Usula von der Leyen skimerich oer ferskillende beliedsterreinen. Se moast op it lêste momint noch beloftes en tasizzingen dwaan om twifeljende parlemintariërs oer te heljen. 4. Troch har tiid as minister fan Definsje en de skandalen út dy tiid, twifelen parlemintariërs oan har geskiktheid foar in topfunksje.

Yn har earste termyn krige Von der Leyen te meitsjen mei ferskillende krisissen.

Ursula von der Leyen en Frans Timmermans.

Ien fan 'e meast opfallende inisjativen fan Ursula von der Leyen wie fuort nei har oantreden de Green Deal, in ambisjeus plan om de EU yn 2050 klimaatneutraal te meitsjen. De Green Deal wie foar Ursula von der Leyen foar in lang skoft de belangrykste prioriteit, ek al soe bliken dwaan dat guon lidstaten muoite hiene mei de kosten en de praktyske ynfiering fan 'e plannen. Under druk fan boeren, ekonomyske soargen en de gruttere ynfloed fan rjochtse partijen moast Ursula von der Leyen de Green Deal foar in part ôfswakke troch û.o. minder strikte stikstof- en lânbouregels en in pragmatysker yndustrybelied ôf te kundigjen.

Von der Leyen koördinearren yn it ramt fan 'e COVID-19-pandemy op Europeesk nivo it mienskiplike faksinaasjeprogramma. Hja en soarge dat de Europeeske Kommisje faksins oankocht foar de lidstaten. It ferwiderjen fan mobile appkes oer de faksinaasje troch Von der Leyen brocht kontroverse en twifel oer har transparânsje en har rol yn 'e faksinaasjestrategy. Dy ûnstie nei't bliken die dat hja persoanlike berjochten oer de ûnderhannelingen oer de oankeap fan faksins troch de Europeeske Kommisje wiske hie. Sjoernalisten ûnthullen kontakten tusken Von der Leyen en de direkteur fan Pfizer, Albert Bourla, mei wa't hja priveeberjochten útwiksele hie oer de oankeap fan faksins.

Under de lieding fan Ursula von der Leyen waarden nei de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne hurde sanksjes tsjin Ruslân ôfkundige. Hja spile in grutte rol by de militêre en finansjele stipe oan Oekraïne. Under har lieding waard de ôfhinklikens fan Russyske enerzjy fermindere en it REPowerEU-plan yntrodusearre om flugger op duorsume enerzjy oer te stappen. Dat hie lykwols as effekt dat de prizen fan enerzjy omheech skeaten mei as gefolch yn guon lidsteaten ekonomyske swierrichheden.

Ursula von der Leyen krewearre ek foar de digitale transformaasje fan 'e EU en die útstellen foar strangere regels op it mêd fan technology lykas de Digital Services Act (DSA) en de Digital Markets Act (DMA). Dy wetten hiene as doel om de macht fan grutte techbedriuwen lykas Google, Amazon en Facebook te beheinen en de privacy fan Europeanen better te beskermjen.

Nei har earste termyn as foarsitter fan 'e Europeeske Kommisje stelde Von der Leyen har op 'e nij beskikber foar in twadde termyn. By de lêste Europeeske ferkiezingen hiene rjochtse partijen in grutte winst behelle en dêrfandinne wie Von der Leyen net mear sa wis fan in automatyske werferkiezing. Dêrom die hja beloften om oan foldwaande stimmen te kommen. Sa joech Von der Leyen tastimming oan in útkearing fan 10 miljard euro subsydzje oan Hongarije, dat fanwegen korrupsje beferzen wie. Opfallend ûnderdiel wie ek it jaan fan in oantal hege posten yn it Europeesk Parlemint oan 'e euroskeptyske fraksje ECR om út dat kamp ek stimmen te winnen.[1] Ursula von der Leyen waard mei 401 fan 'e 707 stimmen foar in twadde termyn as foarsitter fan 'e Europeeske Kommisje keazen.[2]

As foarsitter fan 'e Europeeske Kommisje wurdt Von der Leyen regelmjittich bekritisearre om't hja har aktyf mei belied dwaande hâldt, dat bûten har foech leit. Soks laat ta spanningen en argewaasje, fral by lannen dy't harren nasjonale soevereiniteit beweitsje wolle.

Foarbylden dêrfan binne:

Oekraynsk-Russyske konflikt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnder oerlis mei de lidstaten ferliende hja yn jannewaris 2022 € 1,2 miljard oan makrofinansjele stipe oan Oekraïne.[3] Ek wie hja by it beslút belutsen om Russyske tegoeden te befriezen en sanksjes tsjin Ruslân ôf te kundigjen, wylst dat formeel troch de lidstaten wurdt besletten.

Besite oan Israel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Hamas-oanfal op Israel yn oktober 2023 besocht Von der Leyen Israel, om dêr har stipe sûnder fierdere betingsten út te sprekken, wylst hja swijde oer de sitewaasje fan 'e Palestinen. Dat late ta krityk fan guon lidsteaten en funksjonarissen yn 'e EU, om't hja har net hold oan 'e stânpunten fan 'e EU.[4]

Von der Leyen naam ferskate kearen hurde stânpunten tsjin Sina yn, bygelyks oer de ôfhinklikens fan Sineeske grûnstoffen en de omgong mei Taiwan.

Hja presintearre in de-risking-strategy foar de EU foar Sina oer, alhowol't sok diplomatyk belied normaal ûnder it foech fan 'e lidsteaten en de Hege fertsjintwurdiger fan 'e Uny foar bûtenlânske saken en feilichheid falt.[5]

Faksinûnderhannelingen mei farmaseuten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Coronakrisis hat Von der Leyen persoanlik mei Pfizer ûnderhannele oer de oankeap fan faksins, itjinge letter late ta krityk en ûndersyk fanwegen it brek oan transparânsje.

Tatreding Balkanlannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Von der Leyen hat har útsprutsen foar it flugge tatreding fan lannen as Oekraine, Moldaavje en Balkanlannen, wylst dat beslút nommen wurde moat troch de lidsteaten.

Bewapening Europa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't Definsje primêr in ferantwurdlikheid fan 'e lidstaten fan 'e EU is, kundige Ursula von der Leyen op 4 maart 2025 in miljardenplan oan foar de ferdigening fan Europa. Mei dat plan wurdt 800 miljard frijmakke wurde om Europa op 'e nij te bewapenjen. Dêrfoar wol Von der Leyen de Europeeske begruttingsregels fersoepelje. Dat betsjut feitlik in ein fan 'e Europeeske begruttingsregels, dy't ynsteld binne foar de ekonomyske stabiliteit en om in finansjele krisis tefoarren te kommen. Ek stelde Von der Leyen in liening fan 150 miljard euro beskikber foar mienskiplike ynvestearringen yn definsje. Jild út in fûns dat ornearre is foar earmere gebieten fan Europa mei brûkt wurde foar definsje-útjeften. [6]

It projekt VroniPlag Wiki skreau yn 2015 dat Von der Leyens dissertaasje yn 1990 foar in part út plagiaat bestie. Op 27 van de 62 siden wiene tekstoernames te finen, dy't net as sadanich markearre wiene, itjinge oerienkomt mei 43,5% fan alle siden. Trije siden bestiene foar 50 oant 75% en fiif siden foar mear as 75% plagiearre tekst.

Ein augustus 2015 fersocht Von der Leyen de Medyske Hegeskoalle fan Hannover om de dissertaasje op 'e nij te beöardielen. Op 9 maart 2016 naam de Senaat it beslút dat Von der Leyen har diploma hâlde mocht, om't de saak net hiel earnstich achte waard. In ûndersykskommissje fan 'e universiteit stelde fêst dat 20% fan it wurk plagiaat befette.

Yn Dútske media wie dêr krityk op. Spiegel Online twifele oan 'e unpartijdigens fan 'e kommisje, om't de foarsitter fan 'e kommisje en Von der Leyen inoar koene fan in ferieniging fan 'e Hegeskoalle. De redakteur Reinhard Müller hie yn 'e Frankfurter Algemeine hikkele it brek oan transparânsje fan 'e proseduere.

Troch har styl, oanpak en ferskining krige Von der Leyen yn 'e rin fan 'e tiid in soad bynammen. Fanwegen har kapsel wurdt se regelmjittich "frou Hierlak" neamd. As minister fan Definsje waard hja gekoansstekkerich Flinten-Uschi (Flinte betsjut gewear) neamd. Politike tsjinstanners neamden har yn 'e tiid fan 'e definsjeskandalen en de beskuldigingen fan plagiaat Frau Von der Lügen. Fanwegen har nauwe kontakten mei farmaseutyske bedriuwen (yn 'e tiid fan 'e Korona-krisis) en kontakten mei wapenbedriuwen krige hja de bynamme Ursula von der Lobby. Har bytiden eigenmachtige, wat autoritêre bestjoersstyl levere har de bynamme kaiserin of reine d'Europe op.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:de:Ursula von der Leyen]