Swartsturthazze
swartsturthazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus californicus | ||||||||||||
Gray, 1837 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
lânseigen fersprieding yntrodusearre troch de minske as eksoat |
De swartsturthazze (wittenskiplike namme: Lepus californicus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dizze soarte heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus). It is in grutte hazzesoarte, dy't foarkomt yn it westen en súdwesten fan 'e Feriene Steaten en it noarden en noardwesten fan Meksiko. Nettsjinsteande it feit dat syn ferspriedingsgebiet frijwat nei it noarden ta trochrint, hâldt er gjin wintersliep. Syn dieet is herbivoar en syn fuortplantingssyklus, dy't yn it suden fan syn areaal it hiele jier trochgiet, berikt in hichtepunt yn maaie. De IUCN klassifisearret de swartsturthazze as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartsturthazze komt foar yn grutte dielen fan it westen en súdwesten en de midden fan 'e Feriene Steaten. De fersprieding fan dit bist beslacht it hiele of frijwol it hiele grûngebiet fan 'e Amerikaanske steaten Arizona, Nij-Meksiko, Nevada, Kalifornje, Teksas, Kansas en Nebraska, mei dêropta dielen fan Washington, Oregon, Idaho, Montana, Wyoming, Utah, Kolorado, Súd-Dakota, Iowa, Missoery, Oklahoma, Arkansas en Louisiana.
Op 't heden wreidet de swartsturthazze syn fersprieding stadichoan nei it easten ta út oer de Grutte Flakten, yn it neidiel fan 'e prêrjehazze (Lepus townsendii). Dêrnjonken is de swartsturthazze troch de minske as eksoat yntrodusearre yn 'e Everglades op 'e súdpunt fan it Floarida-skiereilân en by de Atlantyske kust fan 'e steaten Marylân, Nij-Jersey en Firginia lâns.
Fierders is er yn Meksiko lânseigen yn it hiele noarden fan it lân, mei yn it binnenlân in grutte útrinner nei sintraal Meksiko. It areaal fan dit bist omfiemet ek it hiele Kalifornysk Skiereilân, yn it noardwesten fan it lân. De fersprieding fan 'e swartsturthazze berikt yn Meksiko inkeld yn it uterste noardeasten de kust fan 'e Golf fan Meksiko, mar dat komt om't de fierder nei it suden ta libjende Tamaulipashazze (Lepus altamirae), dy't lang as in ûndersoarte fan 'e swartsturthazze beskôge waard, yn 2019 erkenning krigen hat as in selsstannige soarte.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartsturthazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 47–63 sm, mei in sturtlingte fan 5–11,2 sm en in gewicht fan 1,4–2,7 kg. Dêrmei is it ien fan 'e grutste hazzesoarten fan Noard-Amearika, dy't wat grutte oanbelanget yn syn eigen ferspriedingsgebiet inkeld oertroffen wurdt troch de ezelhazze (Lepus alleni) en de prêrjehazze (Lepus townsendii). Ek de folle noardliker libjende poalhazze (Lepus arcticus) en Alaskahazze (Lepus othus) binne justjes grutter.
De pels fan 'e swartsturthazze is op 'e rêch en de kop ljochtbrún mei swarte hierren dertrochhinne. De siden en de bûtenkant fan 'e poaten binne ljochtbrún en de bealch en de binnenkant fan 'e poaten binne krêm oant wyt. De ekstreem lange earen, dy't 10–13 sm mjitte, hawwe swarte úteinen, en de sturt, dêr't dit bist syn namme oan tanket, is inketswart fan boppen en griis fan ûnderen. Der bestiet in beskate seksuele dimorfy by de swartsturthazze, yn 'e sin dat de moerhazzen waarnimber grutter fan stal binne as de rammen, mar der binne gjin ferskillen yn kleuring.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartsturthazzen libje yn in ferskaat oan biotopen, fan gerzige flakten en steppen oant woastinen en berchtmen. Se komme ek foar yn jong nullewâld, mar net yn folwoeksen nullewâld mei in ticht wâldtek. Se hawwe ferlet fan strewelleguod en jonge nullebeamkes foar fuortplanting, beskûl tsjin rôfdieren en beskutting tsjin 'e winterske kjeld.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartsturthazze is net spesifyk in nachtdier. Hy is wol nachts aktyf om te foerazjearjen op 'e iepen romte, mar ek oerdeis komt er op 'e lapen en bepluzet dan syn kostje út it beskûl fan strewelleguod wei. Op in dei kin in swartsturthazze op dy manear wol in ôfstân fan 3–16 km ôflizze (net yn in rjochte line). It territoarium fan dit bist beslacht sa'n 1–3 km². Foar beskerming tsjin predaasje hawwe swartsturthazzen twa strategyen, dy't se as it nypt efterinoar yn 'e praktyf bringe. Earst ferstiivje se en fertrouwe se op harren skutkleur om ûnsichtber te bliuwen foar rôfdieren. As dat net slagget, of wannear't it rôfdier troch klearebare tafal te deunby komt, springe se ynienen oerein en naaie mei hege faasje út.
Swartsturthazzen grave sels gjin hoalen; ynstee meitsje se, lykas de measte oare hazzesoarten, gebrûk fan in leger, in ûndjip dobke dat se oanlizze middenmank opgeande fegetaasje. It is lykwols waarnommen dat se soms om oan rôfdieren te ûntsnappen of tsjin 'e winterkjeld wolris gebrûk meitsje fan in ferlitten hoale fan oare soarten bisten. Swartsturthazzen migrearje net, noch hâlde se winterdeis in wintersliep.
De fuortplantingssyklus is by swartsturthazzen fariabel en hinget ôf fan it klimaat. Yn 'e noardlike regioanen fan it ferspriedingsgebiet, lykas Idaho, duorret de peartiid fan febrewaris oant en mei maaie, wêrby't tsjin ein april 75% fan 'e moerhazzen al drachtich is. Nei it suden ta duorret de peartiid hieltyd langer: yn Utah fan jannewaris oant en mei july en yn Kansas fan jannewaris oant augustus. Yn it Amerikaanske Súdwesten en Meksiko plantsje swartsturthazzen har it hiele jier rûn fuort, mei hichtepunten yn 'e winter (jannewaris oant en mei maart) en yn 'e reintiid (juny).
De draachtiid duorret by de swartsturthazze 41–47 dagen, wêrnei't de moerhazze yn har leger in nêst fan 1–6 jongen smyt. Yn Idaho leit it gemiddelde tal jongen op 4,9, yn Utah op 3,8 en yn Arizona op 2,2. Dat hat dermei te krijen dat moerhazzen yn súdliker, waarmere klimaten mear nêsten jongen yn 't jier produsearje, sadat de smeetgrutte dêr lytser wêze kin. Yn Idaho smyt in moerhazze trochinoar 2 nêsten jongen yn 't jier en yn Arizona 7 nêsten. Lykas by hazzen wenstich is, komme de jongen te wrâld mei de pels der al op en de eachjes iepen. Se binne mobyl binnen inkele minuten nei de berte. De moerhazze bliuwt net by de jongen om se te beskermjen en komt allinnich in pear kear deis del om se drinke te litten.
It is noch altyd ûndúdlik wannear't de jongen ôfwûn wurde. Yn finzenskip binne swartsturthazzejongen pas mei 8 wiken folslein ôfwûn. It is net bekend oft dat yn it wyld ek sa is, mei't de jongen sa goed kamûflearre binne dat se dêr frijwol nea sjoen wurde. Jonge swartsturthazzen binne mei 7 moannen geslachtsryp en nimme ornaris mei likernôch 1 jier foar it earst oan 'e fuortplanting diel. Soms dogge jonge wyfkes dy't ier yn it jier berne binne dat al oan 'e ein fan itselde jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartsturthazzen hâlde in herbivoar dieet oan, dat by 't maityd en simmerdeis fral bestiet út gerzen, krûden en planteknoppen. Hjerstmis en winterdeis frette se benammen blêden fan strûken, oanfolle mei beamskoars as it iten echt krap wurdt. Harren drinken helje swartsturthazzen ornaris út har fretten.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e swartsturthazze binne rôffûgels as de reade rûchpoatmûzefalk (Buteo regalis), de wytsturtmûzefalk (Geranoaetus albicaudatus), de prêrjemûzefalk (Buteo swainsoni), de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis), de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de hoale-ûle (Athene cunicularia), de keningsearn (Aquila chrysaetos) en de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus).
Dêrnjonken stiet de swartsturthazze ek op it menu foar guon lânbûne rôfdieren, lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de foks (Vulpes vulpes), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de sulverdas (Taxidea taxus), de grize wolf (Canis lupus) en de poema (Puma concolor). Ek ferwyldere of los omspanende hûnen en húskatten foarmje in gefaar. De waskbear (Procyon lotor) en it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) kinne wolris in jong haske snippe, mar binne ûngefaarlik foar folwoeksen eksimplaren. Dat jildt net foar ferskate soarten rattelslangen (Crotalus) en de hoasbânslange (Thamnophis sirtalis).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartsturthazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 16 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e swartsturthazze (Lepus californicus):
- L. c. asellus
- L. c. bennettii
- L. c. californicus
- L. c. curti
- L. c. deserticola
- L. c. ememicus
- L. c. festinus
- L. c. magdalenae
- L. c. martirensis
- L. c. melanotis
- L. c. merriamai
- L. c. richardsonii
- L. c. sheldoni
- L. c. texianus
- L. c. wallawalla
- L. c. xanti
Foarhinne waard de Tamaulipashazze (Lepus altamirae) ek ta de ûndersoarten fan 'e swartsturthazze rekkene, mar yn 2019 waard dy erkend as in aparte soarte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|