Springe nei ynhâld

Kanadeeske lynks

Ut Wikipedy
Kanadeeske lynks
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai lynksen (Lynx)
soarte
Lynx canadensis
Kerr, 1792
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Kanadeeske lynks (wittenskiplike namme: Lynx canadensis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Kanada en fan 'e Amerikaanske steat Alaska, wylst it ek foarkomt yn 'e Rocky Mountains en de krite direkt bewesten de Grutte Marren yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. De Kanadeeske lynks is in middelgrutte karnivoar, dy't benammen de Amerikaanske hazze (Lepus americanus) bejaget. Hy falt op troch syn bûtenproporsjoneel grutte, swier behierre poaten, de "bakkeburden" oan wjerskanten fan it kin en de toefkes op 'e punten fan 'e earen. De Kanadeeske lynks is nau besibbe oan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), en moat net betize wurde mei in oar lid fan it lynkseskaai dat yn Noard-Amearika foar in diel yn itselde gebiet foarkomt, de reade lynks of bobcat (Lynx rufus).

De Kanadeeske lynks is in bewenner fan 'e boreäle nullewâlden, dy't lânseigen is yn hast hiel Kanada, mei útsûndering fan it Arktyske noarden, de beamleaze prêrjes, de westkust fan Britsk Kolumbia en Súd-Ontario. Ek komt er tsjintwurdich net mear foar op ferskate eilannen oan 'e eastkust (wêrûnder Prins Edwardeilân), it súdwestlike diel fan Nij-Breunswyk en it fêstelân fan Nij-Skotlân, hoewol't der yn 'e bergen fan it ta de Nij-Skotlân hearrende Kaap Bretoneilân noch wol in populaasje libbet. Ek op Nijfûnlân komt er noch foar.

Yn 'e Feriene Steaten beslacht syn areaal hast de hiele steat Alaska, útsein it uterste noarden, de súdwestkust, de Aleoeten en it grutste part fan sawol it Alaska-skiereilân as de Alaskaanske Panhandle. Yn 'e legere 48 steaten besteane florearjende populaasjes yn 'e steaten Montana en Idaho, en fierders yn it Cascadesberchtme yn it Amerikaanske Noardwesten en yn it Nasjonaal Park Yellowstone en it Nasjonaal Wâld Medicine Bow, beide yn 'e steat Wyoming. Yn 'e súdliker Rocky Mountains (yn Utah en Kolorado) is de Kanadeeske lynsk seldsum, krekt as yn Opper-Michigan en yn it noarden fan Minnesota, Wiskonsin en Nij-Ingelân.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kanadeeske lynks hat trochinoar in kop-romplingte fan 70-100 sm, mei in sturtlingte fan 5-14 sm, in skofthichte fan 50-60 sm en in gewicht fan 8-11 kg. De mantsjes binne wat grutter as de wyfkes. Kanadeeske lynksen hawwe in tichte pels dy't normaal sulverich brún is mei mooglik swarte plakken, al skaait er simmerdeis faak wat readbrunich út. Under it kin hawwe se in oan wjerskanten nei ûnderen ta útstekkende hierrige kraach mei swarte úteinen, dy't liket op in twapuntich burd. De yn ferhâlding ta oare kateftigen lytseftige earen binne elk toaid mei in nei boppen ta wizend toefke. De Kanadeeske lynks hat lange skonken mei oergrutte, swierbehierre poaten, dy't bedoeld binne om it gewicht fan it bist sa te ferdielen dat er net sa gau troch in sniedek hinne sakket.

In ferliking fan 'e koppen fan 'e reade lynks (boppe) en de Kanadeeske lynks.

Al mei al liket de Kanadeeske lynks tige by tige op 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), dy't yn Jeropa en Aazje foarkomt. Dat is ek net sa nuver, want dy beide soarten binne nau besibbe. It súdlike diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Kanadeeske lynks oerlapet dat fan 'e reade lynx of bobcat (Lynx rufus), wêrmei't er net betize wurde moat. Oer it generaal binne Kanadeeske lynksen grutter fan stal as reade lynksen, mar de grutte fan 'e Kanadeeske lynks is in stik minder fariabel, mei as gefolch dat grutte reade lynksen grutter wêze kinne as Kanadeeske lynksen. It dúdlikst ferskille de beide soarten yn it oansjen fan 'e kop, mei't de kinkraach fan 'e Kanadeeske lynks folle grutter is, en de reade lynks boppedat amper toeften oan 'e earen hat.

Kanadeeske lynksen binne wâldbewenners, dy't har it bêst thúsfiele yn 'e útstrutsen nullewâlden fan it noarden. Se weagje har wolris bûten de bosk, mar fiele har dêr neat te noflik en bliuwe yn sokke gefallen frijwol altyd binnen 100 m fan 'e wâldsigge, en by gefaar of fersteuring lûke se har gau-gau tusken de beammen werom. Yn gebieten dêr't har areaal dat fan oare rôfdieren fan ferlykbere grutte oerlapet (lykas de reade lynks of de prêrjewolf) jeie Kanadeeske lynksen benammen op terrein mei djippere snie of dat heger yn 'e bergen leit.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kanadeeske lynks is almeast nachts aktyf, hoewol't er strikt nommen gjin nachtdier is om't er ek oerdeis wol foar 't ljocht komt. It grutste part fan 'e dei bringt er lykwols yn rêst yn in útsûnderlik ticht stik wâld troch. Kanadeeske lynksen hawwe in grut territoarium, fan trochinoar 15-50 km², ôfhinklik fan 'e gesteldheid fan it terrein en de beskikberens fan proaidieren. It territoarium wurdt ôfset mei geurflaggen fan urine of kjitte. Hoewol't de Kanadeeske lynks eins in solitêr libjend bist is, jeie wyfkes en healfolwoeksen jongen soms mienskiplik. Iepen terrein hâlde Kanadeeske lynksen net fan, mar swimmen wurde se net oars fan; der is in gefal bekend fan in lynks dy't waarnommen waard by in swimtocht fan 2½ km by it oerstekken fan 'e rivier de Yukon.

In Kanadeeske lynks fan deunby.

De peartiid duorret foar de Kanadeeske lynks likernôch in moanne, fan maart oant maaie, ôfhinklik fan it pleatslike klimaat. Dêrby binne yndividuële wyfkes mar 3-5 dagen maartsk. Mantsjes wurde oanlutsen trochdat sokke wyfkes geurflaggen fan mantsjes oerdekke mei har eigen urine en trochdat se om it hoartsje leven jouwe. Wyfkes pearje mar mei ien mantsje per pearseizoen, mar mantsjes binne faak polygaam.

Nei in draachtiid fan sa'n 64 dagen wurde der yn maaie of begjin juny 1-4 jongen berne yn in nêst dat it wyfke oanlein hat yn in tichte pôle strewelleguod, ornaris op 'e súdlike of súdwestlike skeante fan in heuvel of berch. As der in protte proaidieren foarhâns binne, is de smeet grutter as wannear't dat net it gefal is. Sterker noch, as fretten krap is, reitsje wyfkes faak hielendal net maartsk. De jongen weagje by de berte 175-235 g, hawwe in griisbêzje pels mei swarte plakken, en binne de earste fjirtjin blyn en helpleas. Mei 5 wiken ferlitte de jongen it nêst, en mei 12 wiken wurde se ôfwûn. Yn 't earstoan bringt de mem harren dan libbene proai, dêr't se mei omboartsje meie foar't se it opfrette. Dit wrede hâlden en dragen is ûnmisber foar it oanlearen fan jachtfeardichheden. De jongen begjinne te jeien as se 7-9 moannen âld binne, en kinne dan selsstannich oerlibje. Se ferlitte har mem mei 10 moannen, oan it begjin fan it folgjende pearseizoen.

Kanadeeske lynksen binne folgroeid as se twa jier âld binne. Wyfkes binne al geslachtsryp mei 10 moanne, mar plantsje har yn 'e regel pas yn har twadde jier fuort. Mantsjes binne pas mei 2-3 jier geslachtsryp. Yn finzenskip kin de Kanadeeske lynks wol 14 jier âld wurde; hoewol't oer de libbensspanne yn it wyld gjin sifers foarhâns binne, is dy nei alle gedachten folle koarter. Natuerlike fijannen hawwe Kanadeeske lynksen net in protte; soms falle se ta proai oan wolven of poema's, mar dêr hâldt it wol mei op. De Amerikaanske oehoe, dy't himsels faak boppe jeiende Kanadeeske lynksen stasjonearret en dan besiket en gean mei de proai oan 'e haal foar't de lynks dy gripe kin, is mear in ergernis as in gefaar.

In pear jongen fan 'e Kanadeeske lynks.

Fierwei it wichtichste proaidier fan 'e Kanadeeske lynks is de Amerikaanske hazze (Lepus americanus), dy't 60% oant wol 97% fan syn dieet útmakket. Sadwaande folget de populaasjegroei en -ôfname fan 'e Kanadeeske lynks de tsienjierrige hazzepopulaasjesyklus. Fral simmerdeis, lykwols, frette Kanadeeske lynksen ek wol oare proaien, lykas kjifdieren en beskate fûgels. Soms snippe se ek wolris in grutter bist, lykas in hartejong. Ek frette se wol ies as dat beskikber is. Om geande te bliuwen moatte Kanadeeske lynksen trochinoar 600-1.200 g fleis deis ite. Se jeie sawol fanút mûklagen as troch efterfolging en litte har strategy fierhinne ôfhingje fan 'e terreinsgesteldheid. As se in efterfolging prebearje, moatte se de proai gau te pakken krije, want lynksen binne sprinters dy't gjin úthâldingsfermogen hawwe. As in Kanadeeske lynks in proai oerweldige hat dy't te grut is om yn ien kear te beplúzjen, ferskûlet er de rest ûnder in strûk of in rots, sadat er der letter nochris fan ite kin.

In Kanadeeske lynks.

De Kanadeeske lynks hat de IUCN-status fan "net-bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Lykwols is dizze soarte troch habitatferlies en oerbejaging (foar de pels) op in protte plakken yn 'e knipe kommen. Sûnt 2000 hat de Kanadeeske lynks yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten de status fan in bedrige bistesoarte. Behalven fan 'e minske hat de Kanadeeske lynks ek te lijen fan konkurrinsje mei de reade lynks en mei krusings tusken de Kanadeeske lynks en de reade lynks, de saneamde "blynks" (in gearlûking fan bobcat en lynx). Sûnt 1999 is der in programma geande om 'e Kanadeeske lynks te reyntrodusearjen yn Kolorado, dêr't er yn 'e 1970-er jierren útstoarn wie. Nettsjinsteande tsjinwurking troch streupers en bistehaters, dy't ferskate fan 'e útsette lynksen deaskeaten, waard dit programma yn 2011 útroppen ta in súkses.

Der binne 3 erkende ûndersoarten fan 'e Kanadeeske lynx:

  • Lynx canadensis canadensis
  • Lynx canadensis mollipilosus
  • de Nijfûnlânske lynks (Lynx canadensis subsolanus): dizze ûndersoarte is grutter fan stal as de fêstelânske Kanadeeske lynks, en jaget wol op rindierkeallen as der gjin Amerikaanske hazzen foarhâns binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.