Springe nei ynhâld

Sofia

Ut Wikipedy
Sofia
Bestjoer
Lân Bulgarije
provinsje (oblast) Sofia-stêd
Boargemaster Jordanka Fandakowa (novimber 2009)
Sifers
Ynwennertal 1,263,328 (2008?)
1.402.657 (2010)
Oerflak 492 km²
Befolkingsticht. 2378 km²
Stêdekloft ynwennertal 1.700.749
Hichte 550 m
Oar
Stifting as Serdica
4e iuw f.Kr. troch Kelten
Postkoade 1000
Koördinaten
Offisjele webside
Hiemside stêd Sofia
(ingelsk/bulgaarsk)

Sofia (Bulgaarsk: София, Sofija) is de haadstêd fan Bulgarije en is mei 1.402.657 ynwenners (2010) fierwei de grutste stêd fan it lân; dêr wennet 14% fan de Bulgaarske befolking. De stêd leit yn it westen fan it lân oan de rivier de Iskar, oan de foet fan it Vitosjaberchtme.

Sofia is it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan it lân, teffens in wichtich ferkearsknooppunt mei in ynternasjonale lofthaven. De stêd hat in universiteit út 1888 en oare universiteiten, hegeskoallen, teaters, museums en tal fan oare kultuerele ynstellings.

De âldste namme fan Sofia dêr't wy fan witte is Serdica, wierskynlik neamd nei de Serden, de Trasyske stam dy't dêr tahâlde. It plak kaam yn 29 f.Kr. ûnder de Romeinen en krige de status fan municipium.

De Hunnen ferwoastgen it Romeinske Serdica; dêrnei boude de Byzantynse keizer Justinianus I de stêd fannijs as Triaditsa. De Slavyske Bulgaren neamden har Sredets (= Serdica) en doopten har yn 1376 om yn Sofia, nei de Sveti Sofiatsjerke. Seis jier letter kaam de stêd oan it Ottomaanske Ryk. De Turken soenen hast fiif iuwen bliuwe.

Yn 1878 namen de Russen Sofia yn ûnder de Russysk-Turkske Oarloch: Sofia waard neidat de Turken ferlern hienen yn 1879, de haadstêd fan it moderne Bulgarije. Op dat stuit wie it de tredde stêd fan it lân: Roese en Varna wienen allebeide grutter, mar dat soe hurd feroarje. Tusken 1879 en 1939 naam it ynwennertal bot ta fan 20.000 oant 300.000. Yn de Twadde Wrâldkriich hie Sofia swier te lijen; neitiid waard de stêd yn kommunistyske styl op 'en nij boud en útwreide.

Distrikten fan Sofia

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]