Springe nei ynhâld

Sacharoaze

Ut Wikipedy
Struktuer fan sacharoaze

Sacharoaze (C12H22O11, ek wol súkroaze, saccharoaze of sûker neamd) is in disacharide dat bestiet út in glukoaze-ienheid en in fruktoaze-ienheid. It wurd komt fan it Arabyske "shakar".

It wurdt wûn út sûkerbiten, sûkerreid of sûkerpalm. Dat giet mei in raffinaazje-proses. By dat proses wurdt de sûker út de plant oplost yn hjit wetter, en troch werkristallisaasje en filtraasje suvere.

Sacharoaze, lykas folle oare koalhydraten, is in poerbêste leveransier fan enerzjy oan it lichem. De enerzjy-ynhâld is likernôch in fearn fan dy fan fetten.

By de fertarring fan sacharoaze moat as earst de bining tusken dizze twa ienheden (glukoaze en fruktoaze) brutsen wurde. Hjirtroch is de beskikberheid fan de enerzjy neffens dy fan glukoaze in bytsje sleau; dochs wurdt der by sportdrinkens wol sacharoaze brûkt. It frijmeitsjen fan de ienheden bart noch wol sa hurd, dat nei ynnimmen fan in mannichte sacharoaze in dúdlike pyk yn it bloedsûkergehalte sjoen wurde kin.

Sacharoaze lost poerbêst op yn wetter (by keamertemperatuer wol 2 kilogram yn in liter, by it siedpunt likernôch 5 kilogram[1]). In sêde sûkeroplossing is de swietste floeistof dy't er bestiet. Gjin inkelde swietstof is swieter.

Sûker wurdt brûkt om iten swiet te meitsjen. Yn it ferline waard sûker yn grutte stikken ferkoft, dy't troch de klant yn lytse klûntsjes brutsen waarden. Dêrom wurdt sûker foar tee of kofje hieltyd noch wol yn klûnten brûkt. No binne dat lykwols yn it fabryk foarfoarme klûntsjes.

Sacharoaze wurdt ek brûkt by de produksje fan polyoalen, dy't grûnstoffen binne foar polyuretanen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Science.edu.sg