Po (rivier)
De Po (Latyn: Padus en Eridanus; Italjaansk: Po) is in rivier yn Noard-Itaalje. Mei in langte fan sa'n 652 kilometer is er de langste fan Itaalje. Hy ûntspringt by de berch Monviso yn de Kottyske Alpen, rint dêrnei nei it easten oer ûnder oaren Turyn, Piacenza en Ferrara nei de Adriatyske See, dêr't er in delta fan 380 km² foarmet. Yn de delta waard in beskerme natuergebiet ynrjochte, it Parco regionale del Delta del Po.
It ôfwetteringsgebiet fan de Po beslacht 71.000 km², ûnder mear in grut part fan de súdlike Alpen. De Po lost in ûnbidige mannichte wetter ôf ferlike mei oare gruttere rivieren. It hert fan it streamgebiet fan de Po, de Poflakte (Italjaansk: Pianura Padana), is it wichtichste ekonomyske - en yndustriële en tichtstbefolke gebiet fan Itaalje.
De Po is ferbûn mei Milaan troch in stelsel fan kanalen, de navigli, dy't noch mei help fan Leonardo da Vinci ûntwurpen binne.
Sydrivieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste fan de 141 sydrivieren binne (L foar linker, R foar rjochter sydrivier):
- Pellice (L)
- Varaita (R)
- Maira (R)
- Dora Riparia (L)
- Stura di Lanzo (L)
- Orco (L)
- Dora Baltea (L)
- Sesia (L)
- Tanaro (R)
- Scrivia (R)
- Agogna (L)
- Ticino (L)
- Versa (R)
- Lambro (L)
- Trebbia (R)
- Nure (R)
- Adda (L)
- Arda (R)
- Taro (R)
- Parma (R)
- Enza (R)
- Oglio (L)
- Mincio (L)
- Secchia (R)
- Panaro (R)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Po fan Wikimedia Commons. |