Omgong fan Itaalje
Giro d'Italia | ||||
Logo Giro 2018 | ||||
holden yn | Itaalje | |||
data | maaie, juny | |||
sport | hurdfytsen | |||
organisator | RCS Sport | |||
earste edysje | 1909 | |||
edysjes | ||||
foarige | Omgong fan Itaalje 2024 | |||
folgjende | Omgong fan Itaalje 2025 | |||
|
De Omgong fan Itaalje (Italjaansk: Giro d'Italia, ek wol ôfkoarten oant Giro) is in hurdfytswedstryd yn Itaalje. De omgong, is yn fan de trije Grutte Omgongen yn it hurdfytsseizoen, wurdt yn de maitiid yn etappen troch gâns Itaalje fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is meastal yn Milaan.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 7 augustus 1908 waard yn de Italjaanske sportkrante Gazzetta dello Sport de earste Omgong fan Itaalje oankundige. Yn neifolging fan in autorace troch hiel Itaalje, dy't organisearre waard troch konkurrint Corriere della Sera, presintearre de krante yn sân grutte kolommen de Italjaanske tsjinhinger fan de Omgong fan Frankryk. De earste etappe fan de Giro sette útein op 13 maaie 1909 fan it Loretoplein yn Milaan en einige yn Bologna. Yn dy earste edysje waard 2448 kilometer oerbrêge, dy 't ferdield wiene oer acht etappes. De Italjaan Luigi Ganna waard mei 25 punten de winner fan it evenemint.
De Giro fan 1912 waard ferriden yn ploechferbân [1], mar in jier letter kearde de organisaasje al wer werom nei it orizjinele konsept.
By de Omgong fan Itaalje 1924 soe de earste en iennichste frou ea dielnimme. Alfonsina Strada die mei oan de race as "Alfonsin Strada" om har geslacht te ferbergjen. Se ried earder tsjin manlju yn de Omgong fan Lombardije yn 1917 en 1918. Se waard yndertiid algemien beskôge as de bêste froulike hurdfytser fan Itaalje. Har identiteit waard ûntdutsen en iepenbier makke troch La Gazzetta dello Sport op 14 maaie doe't se it artikel "Alfonsina e la bici" publisearren. Strada foltôge de earste sân etappes, mar einige bûten de tiidslimyt op de achtste etappe dêr't se foel en kaam fyftjin oeren nei de start yn Perugia oan. De organisatoaren fregen har lykwols om troch te riden nei de finish fan de omgong fanwege de tanommen belangstelling foar de omgong fanwegen har dielname oan in manljus-evenemint. 64 jier nei dielname fan Alfonsina Strada oan de omgong, kaam der yn 1988 de Omgong fan Itaalje foar froulju.
Yn de earste jierren wie it parkoers fan de Omgong fan Itaalje faak in stik minder swier as dat fan har Frânske tsjinhinger, de Tour. Pas yn de jierren 30 en 40 wurdt it parkoers fan de Giro seleksjever, as der berchetappes troch de Alpen en de Dolomiten opnommen wurde yn it rûteskema. Yn 1931 wurdt ek de earste rôze trui, yn it Italiaansk maglia rosa neamd, útrikt, de trui is rôze om't de Giro troch in op rôze papier printe krante organisearre wurdt. Learco Guerra is dan de earste rozetruidrager. Twa jier letter wurdt it berchklassemint ynfierd en fan 1966 ôf is der ek in punteklassemint.
De Giro waard yn 1946 ferfette. De organisatoaren foegen de swarte trui ta foar de lêste hurdfytser yn it algemien klassemint. De tolfde etappe soe troch Pieris gean op wei nei Triëst; yn Pieris] en Triëst wiene der ûngeregeldheden om 't sawol Joegoslavië as Italië de stêd Triëst as diel fan harren grûngebiet opeasken. De etappe waard healwei ôfblaasd en de hurdfytsers waarden ûnder begelieding yn feilichheid brocht.
De Giro is it faakst wûn troch in Italjaan. Oant 1950 ta wûn sels noch gjin inkelde bûtenlanner de Giro. De Switser Hugo Koblet wie de earste net-Italjaan dy 't deryn slagge om de omgong te winnen. Mar yn 'e jierren dêrnei wiene it hieltyd wer Italjanen dy 't wûnen. Pas fan 1968 ôf wûn hieltyd faker in bûtenlanner it einklassemint.
Ynearsten starte en einige de Omgong fan Itaalje alle jierren yn Milaan, de stêd dêr 't de organisearjende sportkrante La Gazzetta dello Sport syn haadkantoar hat. Nettsjinsteande in pear útsûnderingen wie Milaan oant foar 1960 it fêste start - en finishplak, sûnt dat jier ferskilt it plak fan fertrek yn it jier, De Omgong fan Itaalje 1965 wie de earste omgong dy't net yn Itaalje fan start gie mar yn San Marino. Ek as oankomstplak waard Milaan yn de jierren dêrnei geregeld ôflost: sa lei de einstreek yn 1975 sels ienkear op de Stelviopas. Yn de perioade fan 1981 oant en mei 1989 lei de finish fan de Giro sels gjin inkelde kear yn Milaan. Yn 1990 waard de tradysje lykwols wersteld en de jierren dêrnei soe de oankomst wer yn Milaan lizze. Yn de edysje fan 2009 waard opnij mei de tradysje brutsen: de Omgong sleat yn dat jier ôf mei in yndividuele tiidrit yn Rome. Dêrnei wiksele de omgong wer geregeld fan finishplak.
Lykas de Omgong fan Frankryk syn dopingskandalen ken, is ek de Omgong fan Itaalje dat net besparre bleaun. Sa moasten Eddy Merckx en Marco Pantani fanwegen dopinggebrûk de omgong ferlitte wylst se yn de rôze trui fytsten.
De earste etappe fan de Omgong fan Itaalje 1986 waard ûntsierd troch in grutte falpartij op sa'n 10 km fan de finish, wêrby't Emilio Ravasio swiere ferwûningen oprûn mar wol wist troch te fytsen oant de einstreek. Koart nei de etappe rekke er yn koma, twa wiken letter ferstoar Ravasio oan syn ferwûnings.
Yn 2009] stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Itaalje. Maarten Tjallingii fan Ljouwert einige dat jier as 100ste.
Yn 2011 yn de tredde etappe by it ôfsakjen fan de Passo del Bocco kaam de belgyske hurdfytser Wouter Weylandt mâl te fallen en ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings. De fjirde etappe waard der net kompetytyf fytst. Yn stee dêrfan waard de etappe foarôfgien troch in minút stilte, en rieden alle 23 teams, ôfwikseljend elk ûngefear 15 minuten foaroan yn it peloton en leden fan de groep fan Weylandt finishten tegearre as earste mei de earms om inoar hinne slein.
De fiifde etappe, mar in dei nei de neutralisearre etappe fanwegen it ferstjerren fan Wouter Weylandt, wûn Pieter Weening fan De Harkema as earste Fries in etappe yn de Omgong fan Itaalje. De etappe hie in oankomst berchop en ferskate ûnferhurde stikken. Nei de etappe oerwinning krige er de Rôze trui, hy wist dizze trui mar leafst fjouwer etappes te behâlden.
Yn 2014 wûn Pieter Weening foar de twadde kear, yn de njoggende etappe fan Lugo nei Sestola bleau Weening de Italjaan Davide Malacarne foar.
De omgong fan 2020 waard útsteld oant 3 oktober, as gefolch fan de koroanapandemy. De iennige kear yn de skiednis dat de Giro net ferriden waard yn maaie of juny. [2]
Omgong fan Itaalje foar froulju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Omgong fan Itaalje foar froulju yn it Italjaansk Giro d'Italia Internazionale Femminile of koartwei Giro Donne is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Itaalje. De wedstriid stiet sûnt 1988 op de kalinder en ken per edysje in bot wikseljend tal etappes. Yn de jierren 90 duorre de rûne faak tolve dagen, yn 'e earste jierren fan 'e 21e iuw bestie de koers meastal út tsien etappes. Yn april 2013 waard lykwols in wertekene en oant acht ritten ynkoarte omgong oankundige dy 't yn july ferriden waard. Fan 2014 ôf duorret de Giro foar froulju wer tsien dagen.
Omgong fan Itaalje yn sifers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Startplak | Finishplak | Tal etappes |
Totale ôfstân |
Dielnimmers | Utfallers |
---|---|---|---|---|---|---|
1909 | Milaan | Milaan | 8 | 2.448 km | 127 | 79 |
1910 | Milaan | Milaan | 10 | 2.984 km | 101 | 81 |
1911 | Rome | Rome | 12 | 3.526 km | 86 | 62 |
1912 | Milaan | Bergamo | 9 | 2.436 km | 54 | 34 |
1913 | Milaan | Milaan | 9 | 2.929 km | 99 | 64 |
1914 | Milaan | Milaan | 8 | 3.162 km | 81 | 71 |
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich | ||||||
1919 | Milaan | Milaan | 10 | 2.984 km | 63 | 48 |
1920 | Milaan | Milaan | 8 | 2.632 km | 49 | 39 |
1921 | Milaan | Milaan | 10 | 3.107 km | 69 | 42 |
1922 | Milaan | Milaan | 10 | 3.095 km | 75 | 60 |
1923 | Milaan | Milaan | 10 | 3.202,7 km | 96 | 58 |
1924 | Milaan | Milaan | 12 | 3.613 km | 90 | 60 |
1925 | Milaan | Milaan | 12 | 3.520,5 km | 126 | 87 |
1926 | Milaan | Milaan | 12 | 3.249,7 km | 206 | 166 |
1927 | Milaan | Milaan | 15 | 3.758,3 km | 266 | 186 |
1928 | Milaan | Milaan | 12 | 3.044,6 km | 298 | 172 |
1929 | Rome | Milaan | 14 | 2.920 km | 166 | 67 |
1930 | Messina | Milaan | 15 | 3.095 km | 298 | 172 |
1931 | Milaan | Milaan | 12 | 3.012 km | 109 | 44 |
1932 | Milaan | Milaan | 13 | 3.235 km | 109 | 43 |
1933 | Milaan | Milaan | 17 | 3.343 km | 97 | 46 |
1934 | Milaan | Milaan | 17 | 3.712,7 km | 109 | 57 |
1935 | Milaan | Milaan | 20 | 3.577 km | 101 | 39 |
1936 | Milaan | Milaan | 21 | 3.766 km | 89 | 44 |
1937 | Milaan | Milaan | 23 | 3.840 km | 98 | 57 |
1938 | Milaan | Milaan | 21 | 3.645,8 km | 94 | 44 |
1939 | Milaan | Milaan | 19 | 3.011,4 km | 89 | 35 |
1940 | Milaan | Milaan | 20 | 3.574 km | 91 | 44 |
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich | ||||||
1946 | Milaan | Milaan | 20 | 3.039,5 km | 79 | 39 |
1947 | Milaan | Milaan | 20 | 384,3 km | 84 | 35 |
1948 | Milaan | Milaan | 19 | 4.164 km | 77 | 33 |
1949 | Palermo | Monza | 19 | 4.088 km | 105 | 40 |
1950 | Milaan | Rome | 18 | 3.981 km | 105 | 30 |
1951 | Milaan | Milaan | 20 | 4.153 km | 98 | 23 |
1952 | Milaan | Milaan | 20 | 3.964 km | 112 | 14 |
1953 | Milaan | Milaan | 21 | 4.035,5 km | 112 | 40 |
1954 | Palermo | Milaan | 22 | 4.337 km | 105 | 38 |
1955 | Milaan | Milaan | 21 | 3.871 km | 98 | 26 |
1956 | Milaan | Milaan | 23 | 3.523,45 km | 105 | 62 |
1957 | Milaan | Milaan | 21 | 3.926,7 km | 150 | 64 |
1958 | Milaan | Milaan | 20 | 3.341,1 km | 120 | 43 |
1959 | Milaan | Milaan | 22 | 3.657 km | 130 | 44 |
1960 | Rome | Milaan | 23 | 3.481,2 km | 140 | 43 |
1961 | Turyn | Milaan | 21 | 4.001 km | 170 | 78 |
1962 | Milaan | Milaan | 21 | 4.180 km | 130 | 83 |
1963 | Napels | Milaan | 21 | 4.063 km | 120 | 34 |
1964 | Bolzano | Milaan | 22 | 4.119 km | 130 | 33 |
1965 | San Marino | Florâns | 22 | 4.051 km | 100 | 20 |
1966 | Monako | Triëst | 22 | 3.976 km | 100 | 17 |
1967 | Treviglio | Milaan | 22 | 3.572 km | 130 | 60 |
1968 | Campione d'Italia | Napels | 23 | 3.917,3 km | 130 | 32 |
1969 | Garda | Milaan | 24 | 3.851 km | 130 | 49 |
1970 | San Pellegrino Terme | Bolzano | 20 | 3.292 km | 130 | 33 |
1971 | Lecce | Milaan | 21 | 3.567 km | 100 | 25 |
1972 | Feneesje | Milaan | 23 | 3.725 km | 100 | 31 |
1973 | Verviers | Triëst | 21 | 3.801 km | 140 | 27 |
1974 | Fatikaanstêd | Milaan | 23 | 4.001 km | 137 | 41 |
1975 | Milaan | Stelviopas | 23 | 3.963 km | 90 | 20 |
1976 | Cantania | Milaan | 22 | 4.161 km | 120 | 34 |
1977 | Bacoli | Milaan | 27 | 3.968 km | 140 | 19 |
1978 | Saint-Vincent | Milaan | 22 | 3.610,5 km | 130 | 40 |
1979 | Florâns | Milaan | 20 | 3.301 km | 130 | 19 |
1980 | Genua | Milaan | 23 | 4.025 km | 130 | 41 |
1981 | Triëst | Verona | 24 | 3.895,6 km | 130 | 26 |
1982 | Milaan | Turyn | 23 | 4.010,5 | 162 | 52 |
1983 | Brescia | Udine | 24 | 3.922 km | 162 | 22 |
1984 | Lucca | Verona | 23 | 3.808 km | 171 | 28 |
1985 | Verona | Lucca | 24 | 3.998,6 km | 180 | 45 |
1986 | Palermo | Meran | 23 | 3.858,6 km | 171 | 28 |
1987 | San Remo | Saint-Vincent | 24 | 3.915 km | 180 | 47 |
1988 | Urbino | Vittorio Veneto | 23 | 3.579 km | 180 | 55 |
1989 | Taormina | Florâns | 23 | 3.418 km | 198 | 57 |
1990 | Bari | Milaan | 20 | 3.450 km | 198 | 35 |
1991 | Olbia | Milaan | 22 | 3.715 km | 180 | 47 |
1992 | Genua | Milaan | 22 | 3.843 km | 180 | 32 |
1993 | Porto Azzurro | Milaan | 21 | 3.702 km | 180 | 48 |
1994 | Bologna | Milaan | 23 | 3.730 km | 153 | 54 |
1995 | Perugia | Milaan | 22 | 3.736 km | 198 | 76 |
1996 | Atene | Milaan | 22 | 3.990 km | 162 | 64 |
1997 | Feneesje | Milaan | 22 | 3.912 km | 180 | 70 |
1998 | Nice | Milaan | 23 | 3.830 km | 162 | 68 |
1999 | Agrigento | Milaan | 22 | 3.757 km | 162 | 46 |
2000 | Rome | Milaan | 22 | 3.676 km | 180 | 53 |
2001 | Montesilvano | Milaan | 22 | 3.356 km | 180 | 44 |
2002 | Grins | Milaan | 21 | 3.354.5 km | 198 | 59 |
2003 | Lecce | Milaan | 21 | 3.476,5 km | 170 | 73 |
2004 | Genua | Milaan | 21 | 3.423,9 km | 171 | 31 |
2005 | Reggio Calabria | Milaan | 21 | 3.447,15 km | 198 | 45 |
2006 | Seraing | Milaan | 21 | 3.526,2 km | 198 | 48 |
2007 | Caprera | Milaan | 21 | 3.486 km | 198 | 57 |
2008 | Palermo | Milaan | 21 | 3.407 km | 197 | 56 |
2009 | Lido di Venezia | Rome | 21 | 3.456,5 km | 198 | 29 |
2010 | Amsterdam | Verona | 21 | 3.485 km | 198 | 59 |
2011 | Venaria Reale | Milaan | 21 | 3.434 km | 207 | 48 |
2012 | Herning | Milaan | 21 | 3.502,1 km | 198 | 41 |
2013 | Napels | Brescia | 21 | 3.405 km | 207 | 39 |
2014 | Belfast | Triëst | 21 | 3.445,5 km | 198 | 42 |
2015 | San Lorenzo al Mare | Milaan | 21 | 3.481,8 km | 198 | 35 |
2016 | Apeldoarn | Turyn | 21 | 3.467,1 km | 198 | 42 |
2017 | Alghero | Milaan | 21 | 3.609,1 km | 195 | 34 |
2018 | Jeruzalim | Rome | 21 | 3.572,4 km | 175 | 26 |
2019 | Bologna | Verona | 21 | 3.546,8 km | 176 | 34 |
2020 | Monreale | Milaan | 21 | 3.361,4 km | 176 | 43 |
2021 | Turyn | Milaan | 21 | 3.410,9 km | 184 | 41 |
2022 | Bûdapest | Verona | 21 | 3.449,6 km | 176 | 27 |
2023 | Fossacesia | Rome | 21 | 3.448 km | 176 | 51 |
2024 | Venaria Reale | Rome | 21 | 3.449 km | 176 | 35 |
Ferneamde bergenpassen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Omgong fan Itaalje wurde der in tal bergen beklommen. It heechste punt fan de Giro (ek wol it "dak fan de omgong" neamd), wurdt sûnt 1965 de Cima Coppi neamd. Ferneamd nei de ferneamde Italiaanske hurdfytser Fausto Coppi. Oan de hurdfytser dy't it heechste punt as earste berikt, wurdt in spesjale priis en in fikse boanus takend.
1e kear |
Namme | Berchrige | Hichte (m) |
---|---|---|---|
1940 | Sellapas | Dolomiten | 2214 |
1940 | Pordoipas | Dolomiten | 2239 |
1953 | Stelviopas | Alpen | 2758 |
1960 | Gaviapas | Alpen | 2621 |
1963 | Vallespas | Dolomiten | 2033 |
1967 | Drei Zinnen | Dolomiten | 2320 |
1973 | Giaupas | Dolomiten | 2236 |
1976 | Valparolapas | Dolomiten | 2294 |
1976 | Manghenpas | Alpen | 2047 |
1991 | Colle di Sestriere | Alpen | 2035 |
1999 | Esischiepas | Alpen | 2366 |
2005 | Colle delle Finestre | Alpen | 2178 |
Klasseminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Itaalje ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (blauwe trui), foar de bêste jonge hurdfytser (wite trui), foar de bêste sprinter (pearze trui), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong it minste tiid brûkt (Rôze trui). De Rôze trui waard as trui yn 1931 ynfierd.
Trije hurdfytsers wûnen de Omgong fan Itaalje fiif kear en binne dêrmei dield rekôrhâlder. Alfredo Binda wie de earste dy 't it slagge. Hy wûn de Giro yn tusken 1925 en 1933 Fausto Coppi wûn die dat tusen 1940 en 1953 syn kariere waard fersteurd troch de Twadde Wrâldkriich en Eddy Merckx wie fiif kear einwinner tusken 1968 en 1974.
Winners Rôze trui
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Measte oerwinningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]5x
- Eddy Merckx wûn de Omgong yn 1968 en 1970 en fan 1972 oant en mei 1974.
- Fausto Coppi wûn de Omgong yn 1940, 1947, 1949, 1952 en 1953.
- Alfredo Binda wûn de Omgong yn 1925, fan 1927 oant en mei 1929 en yn 1933.
3x
- Bernard Hinault wûn de Omgong yn 1980, 1982 en 1985
- Felice Gimondi wûn de Omgong yn 1967, 1969 en 1976
- Gino Bartali wûn de Omgong yn 1936, 1937 en 1946
Berchklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It berchklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dat diel útmakket fan de Giro. Foar dit klassemint wurde punten takend oan de liedende hurdfytsers oer oanwiisde beklimmingen. De beklimmingen wurde yn ferskate klassifikaasjes yndield op basis fan dreechheidsgraad en harren posysje op de etappe fan dy dei. Bonuspunten wurde takend oan oankomsten op de berchtop en oan de earste hurdfytsers oer de Cima Coppi, tradisjoneel beskôge as it heechste punt fan de hiele Giro.
It berchklassemint is yn 1933 ynfierd. Fan 1974 oant 2011 droech de lieder fan it berchklassemint yn de Giro de griene trui, yn 2012 waard as ûnderdiel fan in sponsoroerienkomst de kleur fan de trui feroare yn blau.
Winners berchklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Punteklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It punteklassemint yn de Ronde fan Italië is in njonkenklassemint wêrby't de hurdfytsers punten per etappe krije, ôfhinklik fan harren oankomst. It klassemint waard yn de Giro fan 1966 yntrodusearre. De lieder yn it punteklassemint draacht in pearze trui. De pearze trui waar yn 1967 yntroducearre, fan 2010 oant en mei 2016 droech de lieder yn it klassemint in reade trui, mar yn 2017, ta gelegenheid fan de hûndertste edysje, waard de pearze trui op 'e nij yntrodusearre.
Winners punteklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ploegeklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ploegeklassemint is de beneaming foar ien fan de wedstriidklasseminten by de Omgong fan Itaalje. Yn tsjinstelling ta de ferskate oare klasseminten, lykas it algemien klassemint en it berchklassemint, is dit net in klassemint op yndividuele basis, mar is it in maat foar de bêst prestearjende hurdfytsploech as gehiel. Foar it berekkenjen fan it punteal wurde nei elke etappe de tiden fan 'e trije earste riders fan elk team opteld. Earder mocht de liedende ploech mei in giel petsje ride. No rydt de liedende ploech mei in giel rêchnûmer.
Winners ploegeklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Ploech | Registraasje Lân |
Jier | Ploech | Registraasje Lân |
Jier | Ploech | Registraasje Lân |
Jier | Ploech | Registraasje Lân | |||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
1909 | Atala | Itaalje | 1947 | Welter | Itaalje | 1976 | Brooklyn | Itaalje | 2005 | Liquigas | Itaalje | |||
1910 | Atala | Itaalje | 1948 | Wilier Triestina | Itaalje | 1977 | Flandria | Belgje | 2006 | Phonak | Switserlân | |||
1911 | Bianchi | Itaalje | 1949 | Wilier Triestina | Itaalje | 1978 | Bianchi | Itaalje | 2007 | Saunier Duval | Spanje | |||
1912 | Atala | Itaalje | 1950 | Frejus | Itaalje | 1979 | SCIC | Itaalje | 2008 | CSF Group-Navigare | Ierlân | |||
1913 | Maino | Itaalje | 1951 | Taurea | Itaalje | 1980 | Bianchi | Itaalje | 2009 | Astana | Kazachstan | |||
1914 | Stucchi | Itaalje | 1952 | Bianchi | Itaalje | 1981 | Bianchi | Itaalje | 2010 | Liquigas | Itaalje | |||
1919 | Stucchi | Itaalje | 1953 | Ganna | Itaalje | 1982 | Bianchi | Itaalje | 2011 | Astana | Kazachstan | |||
1920 | Bianchi | Itaalje | 1954 | Girardengo | Belgje | 1983 | Gemeaz Cusin | Spanje | 2012 | Lampre | Itaalje | |||
1921 | Bianchi | Itaalje | 1955 | Atala | Itaalje | 1984 | Renault | Frankryk | 2013 | Sky | Grut-Brittanje | |||
1922 | Legnano | Itaalje | 1956 | Atala | Itaalje | 1985 | Alpilatte | Itaalje | 2014 | AG2R | Frankryk | |||
1923 | Legnano | Itaalje | 1957 | Legnano | Itaalje | 1986 | Supermercati Brianzoli | Itaalje | 2015 | Astana | Kazachstan | |||
1924 | 1958 | Carpano | Itaalje | 1987 | Panasonic | Nederlân | 2016 | Astana | Kazachstan | |||||
1925 | Legnano | Itaalje | 1959 | Atala | Itaalje | 1988 | Carrera | Itaalje | 2017 | Movistar | Spanje | |||
1926 | Legnano | Itaalje | 1960 | Ignis | Itaalje | 1989 | Fagor | Frankryk | 2018 | Sky | Grut-Brittanje | |||
1927 | Legnano | Itaalje | 1961 | Faema | Belgje | 1990 | ONCE | Spanje | 2019 | Movistar | Spanje | |||
1928 | Legnano | Itaalje | 1962 | Faema | Belgje | 1991 | Carrera | Itaalje | 2020 | INEOS | Grut-Brittanje | |||
1929 | Legnano | Itaalje | 1963 | Carpano | Itaalje | 1992 | MG Maglificio | Itaalje | 2021 | INEOS | Grut-Brittanje | |||
1930 | Bianchi | Itaalje | 1964 | Saint Raphäel | Frankryk | 1993 | Lampre | Itaalje | 2022 | Bahrain | Bachrein | |||
1931 | Legnano | Itaalje | 1965 | Salvarani | Itaalje | 1994 | Carrera | Itaalje | 2023 | Bahrain | Bachrein | |||
1932 | Legnano | Itaalje | 1966 | Molteni | Itaalje | 1995 | Gewiss-Ballan | Itaalje | 2024 | AG2R | Frankryk | |||
1933 | Legnano | Itaalje | 1967 | KAS | Spanje | 1996 | Carrera | Itaalje | ||||||
1934 | Gloria | Itaalje | 1968 | Faema | Belgje | 1997 | Kelme | Spanje | ||||||
1935 | Frejus | Itaalje | 1969 | Molteni | Itaalje | 1998 | Mapei | Itaalje | ||||||
1936 | Legnano | Itaalje | 1970 | Faema | Belgje | 1999 | Vitalicio Seguros | Spanje | ||||||
1937 | Frejus | Itaalje | 1971 | Molteni | Itaalje | 2000 | Mapei | Itaalje | ||||||
1938 | Gloria | Itaalje | 1972 | Molteni | Itaalje | 2001 | Alessio | Itaalje | ||||||
1939 | Frejus | Itaalje | 1973 | Molteni | Itaalje | 2002 | Alessio | Itaalje | ||||||
1940 | Gloria | Itaalje | 1974 | KAS | Spanje | 2003 | Lampre | Itaalje | ||||||
1946 | Legnano | Itaalje | 1975 | Brooklyn | Itaalje | 2004 | Saeco | Itaalje |
Jongereinklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It jongereinklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dêr't inkeld hurdfytsers jonger as 25 jier foar yn oanmerking komme. De heechst klassearre jonge hurdfytser krijt de wite trui. De priis waard yn 1976 foar it earst útrikt. Doe kamen allinnich hurdfytsers jonger as 24 jier yn oanmerking foar de priis. Nei 1994 waard de wite trui foar in skoft opburgen. Mar yn 2007 waard it jongereinklassemint op 'e nij ynfierd. Fan dan ôf waard ek de leeftiid ferhege nei 25 jier.
Winners jongereinklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryske Dielnimmers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Twa Friezen ha oant no ta (2022) meidien oan de Omgong fan Itaalje. Yn 2009 wie Maarten Tjallingii de earste. Pieter Weening wie yn 2011 de earste Fries dy't in etappe wûn yn de Omgong fan Itaalje, hy wie ek de earste Fries dy't in oantal dagen yn de rôze trui fytst hat.
Namme | Jier(ren) | Ploech | Posysje algemien klassemint (Rôze Trui) |
---|---|---|---|
Maarten Tjallingii | 2009, 2013, 2014, 2015 2016 |
Rabobank, Lotto NL-Jumbo, Lotto NL-Jumbo Lotto NL-Jumbo Lotto NL-Jumbo |
100e, 131e, 92e, 119e, 124e |
Pieter Weening | 2010, 2011, 2013, 2014, 2015, 2020 |
Rabobank, Rabobank, Orica GreenEDGE, Orica GreenEDGE, Orica GreenEDGE, Trek-Segafredo |
24e, 45e, 38e, Net finisht, 92e, Net finisht |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Omgong fan Itaalje |
---|
Fryske dielnimmers · froulju |
1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025 |
· · |