Springe nei ynhâld

Maarten Tjallingii

Ut Wikipedy
Maarten Tjallingii
sporter
Maarten Tjallingii yn 2011
Maarten Tjallingii yn 2011
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 5 novimber 1977
berteplak Ljouwert
lingte 188 sm
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Oer alles
debút 2001
Tjallingii yn de Omgong fan Switserlân 2008

Maarten Tjallingii (Ljouwert, 5 novimber 1977) is in earder Fryske hurdfytser.

Syn grutste triomf as hurdfytser behelle er doe't er tredde waard yn Parys-Roubaiks. In grutte oerwinning is dy fan de Omgong fan Belgje, dy't hy wûn yn 2006. Yn july fan datselde jier wûn Tjallingii ek de Omgong fan Kwinghai Lake, in 9-daagse etappekoers yn Sina. It parkoers fan dy omgong wurdt skaaimerke troch it grutte tal oan klimkilometers. Boppedat hat in grut part fan alle etappes plak op mear as 2000 meter hichte. Yn 2008 makke Tjallingii de oerstap nei de ProTour-ploech Silence - Lotto. Nei ien seizoen gie er nei de Rabobank-ploech. Foardat Tjallingii de kar makke foar in karriêre as hurdfytser op de dyk, wie er aktyf as mountainbiker. Tidens de Omgong fan Frankryk fan 2012 kaam Tjallingii al yn de tredde etappe te fallen, hy fytste de etappe noch wol út mei wat letter blykte in brutsen heup.

Wichtichste oerwinnings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2e etappe yn de Omgong fan Burkina Faso (2001)
  • Rund um Rhede (2003)
  • 1e etappe + einklassemont Omgong fan Burkina Faso (2003)
  • Afxentia, Mountainbike, Elite/U23 (2004)
  • Vuelta a Valladolid, Mountainbike (2005)
  • 1e etappe + einklassemint Omgong fan Belgje (2006)
  • 7e etappe + einklassemint Omgong fan Kwinghai Lake (2006)

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Spanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Maarten Tjallingii fan Wikimedia Commons.