Mem Teresa
Mem Teresa, berne as Agnes Gonxha Bojaxhi (Skopje, 27 augustus 1910 - Kalkutta, 5 septimber 1997) wie in katolike suster en de grûnlizzer fan in woldiedige religieuze oarde.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sy is berne yn it doetiidske Ottomaanske Ryk en groeide op yn in promininte Albanees-katolike húshâlding. Yn 1928 gie se foar de Oarde fan de susters fan Loreto yn Letnice oan it wurk. Dy oarder stjoerde har nei Kalkutta yn Yndia om learares te wurden. Sy keas doe de namme Mem Teresa, in ferwizing nei Teresia fan Lisieux.
Yn Kalkutta begûn sy mei har wrâldwiid ferneamde wurk ûnder de earmelju, dat sy oan har ferstjerren trochsette soe. Yn 1950 stifte se de oarder fan Misjonarissen fan Neisteleafde, in religieuze oarder foar susters yn Kalkutta. Yn 1979 krige sy foar har wurk de Nobelpriis foar de Frede.
Yn 2003 waard Mem Teresa sillich ferklearre troch paus Johannes Paulus II. Sy soe yn 1998, in jier nei har ferstjerren, frou Monica Besra fan tuberkuloaze en kanker better makke hawwe doe't dy in foto fan Mem Teresa tsjin har boarst hâlde. Op 4 septimber 2016 waard se hillich ferklearre troch paus Fransiskus.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Albaneesk non
- Albaneesk sindeling
- Albaneesk sosjaal aktivist
- Yndiaask non
- Yndiaask sindeling
- Yndiaask sosjaal aktivist
- Sillige
- Winner fan de Nobelpriis foar de Frede
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Yndiaask persoan fan Albaneesk komôf
- Persoan berne yn 1910
- Persoan stoarn yn 1997
- Kristendom yn Yndia