Lek (rivier)
De Lek is in Nederlânske rivier fan 62 km. De Lek is in tûke fan de Ryn, rint nei it westen en komt fia de Nije Maas en Nije Wetterwei út yn de Noardsee. Lek ûntstiet as in fuortsetting fan de Nederryn by Wyk by Duerstede op it plak dêr't de Kromme Ryn him ôfspjalt. De Nederryn sels is in ôfspjalting fan de rivier de Ryn. De Lek einiget by it doarp Kinderdijk dêr't it ôfspjalt yn de rivier de Noard en de Nije Maas. Dêrwei streamt it wetter oer de Nije Wetterwei de Noardsee yn.
Parten fan de rivier foarmje de grins tusken de provinsjes Utert en Gelderlân en Utert en Súd-Hollân.
Yn de Romeinske tiid streamde de Nederryn yn de Kromme Ryn en sadwaande oer de Alde Ryn nei de Noardsee. Dat wie de haadstream fan de Ryn yn dy tiid. Doe't yn de Midsiuwen de Kromme Ryn hieltyd mear begûn te fersânjen, waard de Lek in wichtigere rivier. Doe't de Kromme Ryn yn 1122 alhiel ôfdamme waard, waard de Lek de haadrivier.
Justjes nei Wyk by Duerstede krúst de Lek it Amsterdam-Rynkanaal, dy't súdlik nei de Waal rint. In tûke fan dat kanaal, it Lekkanaal, ferbynt mei de Lek by Nieuwegein.
Oare plakken oan de rivier binne Culemborg, Fianen, Schoonhoven, Nieuw-Lekkerland, Lekkerkerk en Krimpen oan de Lek. De boaiem fan de rivier leit justjes heger as it lân deromhinne en diken binne needsaaklik om it wetter te kearen.