Kameroen
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk, Frânsk | ||||
Haadstêd | Yaoundé | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | CFA-frank (XAF) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 28 maaie | ||||
Lânkoade | CAM | ||||
Ynternet | .cm | ||||
Tillefoan | 237 |
Kameroen is in lân yn it westen fan Afrika. De haadstêd is Yaoundé.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lân wurdt begrinzge troch:
- Nigearia yn it noardwesten,
- Tsjaad yn it noardeasten,
- Sintraal-Afrikaanske Republyk yn it easten,
- Kongo-Brazzaville, Gabon en Ekwatoriaal Guinee yn it suden.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kameroen is wat de oerflakte oangiet krekt wat lytser as Frankryk, mar om-ende-by 15 kear grutter as Belgje.
De politike haadstêd is Yaoundee, mar de ekonomyske haadstêd is lykwols de havenstêd Douala dy't oan de Atlantyske Oseaan leit (Baai fan Biafra). Oare grutte stêden binne Bafoussam, Garoua, Maroua en Ngaoundéré.
De wichtige rivieren yn it lân binne, de Sanaga, de Bénoué, de Woury, de Dibamba en de Nyong. Grutte berchtme, it Adamawaberchtme, it Mandaraberchtme en de Mount Cameroon.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste bewenners yn Kameroen wienen pigmeeën stammen. Letter ferskine ek de Bantû folken dy't benammen yn de heechlannen libben.
Yn de 16e iuw ûntstiene troch Portegeeske ûntdekkingsreizgers en hannelslju de earste kontakten mei Jeropa. Lykwols bleaunen de Portegezen net foarfêst en wienen it de Dútskers dy't dêr in koloanje stiften. Mei de Dútske nederlaach yn de Earste Wrâldkriich wurdt Kameroen troch it Folkebûn opdield yn in Frânsk en Britsk Mandaatgebiet, te witten Frânsk Kameroen en Britsk Kameroen.
Yn 1960 waard Frânsk Kameroen in selsstannige republyk wêr't it súdlike part fan Britsk Kameroan har it jier dêrop ek by oan sleat.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om-ende-by de helte fan de befolking fan Kameroen wennet op it plattelân, de oare helte yn stêden. Yn totaal libje der 230 etnyske groepen yn it lân, dy't alle har eigen dialekt sprekke.
De wichtichste befolkingsgroepen binne:
- De Fulbe, de Hausa en de noardlike berchfolken (Kapsiky, Mandara, Mafa en Podoko) yn it noarden.
- De eartiidse Tikar dy't opgien binne yn de Bamoun, de Bamilékee en de Bafut yn it noardwesten.
- De Bantûfolken (Douala, Bakoko en Basso) en de Pahouin (Fang, Bety en Bulu) yn it sintrum en it suden.
- De Pygmeeën yn it súdlik reinwâld.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Kameroen is in ferskaat oan leauwen. Yn it noarden is it meastepart moslim en yn it suden oerhearsket it kristendom. Guon etnyske etnyske groepen hawwe in animytysk leauwen.