1960
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1955 | 1956 | 1957 | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1960 MCMLX |
Ab urbe condita | 2713 |
Armeenske kalinder | 1409 ԹՎ ՌՆԹ |
Etiopyske kalinder | 1952 – 1953 |
Hebriuwske kalinder | 5720 – 5721 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2015 – 2016 |
- Shaka Samvat | 1882 – 1883 |
- Kali Yuga | 5061 – 5062 |
Iraanske kalinder | 1338 – 1339 |
Islamityske kalinder | 1380 – 1380 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4656 – 4657 丙亥 – 丁子 |
1960 is in skrikkeljier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1960.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 jannewaris - Kameroen wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 4 jannewaris - Denemark, Eastenryk, it Feriene Keninkryk, Noarwegen, Portegal, Sweden en Switserlân rjochtsje de Jeropeeske Frijhannelsassosjaasje (EFTA) op.
- 13 febrewaris - Frankryk bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing.
- 18-28 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Squaw Valley, de Feriene Steaten.
- 6 maart - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch meitsje de Feriene Steaten bekend dat der 3.500 Amerikaanske troepen nei Súd-Fjetnam stjoerd wurde.
- 21 maart - Yn Súd-Afrika fynt it Bloedbad fan Sharpeville plak as de plysje it fjoer iepenet op swarte demonstranten.
- 28 maart - De earste stjer fan 'e Hollywood Walk of Fame wurdt pleatst (te witten dy fan regisseur Stanley Kramer).
- 1 april - Yn 'e Feriene Steaten wurdt de earste waarsatellyt, TIROS-1, lansearre.
- 27 april - Togo wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1 maaie - In Sovjet-raket sjit in Amerikaansk Lockheed U-2-spionaazjefleantúch del.
- 20 maaie - Teäter De Lawei, yn Drachten, wurdt iepene.
- 22 maaie - De ierdbeving fan Valdivia, yn Sily, is swierste ierdbeving dy't ea fêststeld is, mei in krêft fan 9,5 op 'e skaal fan Richter. Hy feroarsaket in tsûnamy fan 25 m heech dy't de Sileenske kust teheisteret en de Grutte Oseaan oerstekt om op 'e Hawaï-eilannen de havenstêd Hilo mei de grûn lyk te meitsjen en dêrnei ferwuostgings oan te rjochtsjen op 'e kust fan Japan. Der komme 1.000 oant 7.000 minsken om.
- 23 maaie - De Israelyske premier David Ben Gurion makket bekend dat de Dútske oarlochsmisdiediger Adolf Eichmann troch de Israelyske geheime tsjinst út Argentynje (dêr't er nei de Twadde Wrâldoarloch syn taflecht socht hie) ûntfierd is.
- 27 maaie - By in steatsgreep yn Turkije nimt it leger de macht oer.
- 26 juny - Britsk-Somalilân wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk ûnder de namme Steat Somalilân.
- 26 juny - Madagaskar wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 30 juny - De Demokratyske Republyk Kongo, de eardere Belgyske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Belgje.
- 1 july - Somaalje, it eardere Italjaansk-Somalilân, wurdt ûnôfhinklik fan it tafersjoch troch de Feriene Naasjes, dat útoefene waard troch Itaalje, en ferienet himsels mei de Steat Somalilân, it eardere Britsk-Somalilân.
- 20 july - De Malineeske Federaasje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 28 july - It Reade Skisma tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina fynt plak. De beide kommunistyske grutmachten krije spul en ferbrekke de ûnderlinge relaasjes.
- 1 augustus - Benyn wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 3 augustus - Niger wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 5 augustus - It lettere Boerkina Faso wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk ûnder de namme Opper-Folta.
- 7 augustus - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 11 augustus - Tsjaad wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 13 augustus - De Sintraal-Afrikaanske Republyk wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 15 augustus - De Republyk Kongo, de eardere Frânske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 16 augustus - Syprus wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 17 augustus - Gabon wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 20 augustus - Senegal makket him los fan 'e Malineeske Federaasje en wurdt in ûnôfhinklik lân.
- 25 augustus-11 septimber - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Rome.
- 14 septimber - By in steatsgreep yn 'e Demokratyske Republyk Kongo komt kolonel Joseph-Desiré Mobutu oan 'e macht.
- 1825 septimber] - De earste Paralympyske Simmerspullen wurde holden yn Rome, Itaalje.
- 22 septimber - De rompsteat fan 'e Malineeske Federaasje giet fierder ûnder de namme Republyk Maly.
- 13 oktober - Der docht him yn 'e Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes yn New York in ferneamd ynsidint foar, wêrby't Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov syn skoech útdocht en dêrmei op it sprekstuolte omtimmeret om syn ûntkenning krêft by te setten nei't de fertsjintwurdiger fan 'e Filipinen oppenearre hat dat yn it ramt fan 'e dekolonisaasje ek de Eastbloklannen harren selsstannigens weromkrije moatte.
- 14 oktober - Yn Nederlân wurdt bekend dat ûnder Grinslân in ûnbidich grut ierdgasfjild ûntdutsen is.
- 1 oktober - Nigearia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 8 novimber - De Demokraat John F. Kennedy wint de Amerikaanske presidintsferkiezings en ferslacht dêrby syn Republikeinske tsjinstanner Richard Nixon. Kennedy wurdt de earste roomske presidint fan de Feriene Steaten.
- 28 novimber - Mauretaanje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 14 desimber - Achttjin Jeropeeske lannen rjochtsje yn 'e mande mei Kanada en de Feriene Steaten de Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OESO) op.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- febrewaris
- 15 - Bjørg Eva Jensen, Noarsk reedrydster
- 16 - Tineke Huizinga, Frysk politika
- maart
- 2 - Peter F. Hamilton, Ingelsk skriuwer
- april
- 3 - Arjen Anthony Lucassen, Nederlânske multy-instrumintalist
- 6 - Eric Hoekstra, Fryske taalkundige, skriuwer en útjouwer
- 8 - John Schneider, Amerikaanske akteur en countrysjonger
- 16 - Jetske Bilker, Fryske skriuwster en oersetster
- 23 - Valerie Bertinelli, Amerikaansk aktrise
- juny
- 22 - Erin Brockovich, Amerikaansk konsuminterjochte- en miljeu-aktiviste
- july
- 23 - Onno Meijer, Fryske akteur en keunstrider († 2008)
- augustus
- 12 - Laurent Fignon, Frânsk hurdfytser († 2010)
- oktober
- 30 - Diego Maradona, Argentynske fuotballer († 2020)
- novimber
- 16 - Mike Mignola, Amerikaanske striptekener
- 18 - Thea Sybesma, Nederlânske triatlete en duatlete
- 22 - Victoria Paris, Amerikaanske pornoaktrise
- desimber
- 12 - Carlo de Leeuw, Nederlânske proffuotballer († 2020)
- datum ûnbekend
- Minnie Beets, Frysk-Kanadeesk goudsykster en realitypersoanlikheid
- Jeanne C. Stein, Amerikaansk skriuwster
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 2 - Chris van Abkoude, Nederlânsk skriuwer (* 1880)
- 2 - Fausto Coppi, Italjaansk hurdfytser (* 1919)
- 4 - Albert Camus, Frânsk skriuwer (* 1913)
- 22 - frelle Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, Nederlânsk filantrope (* 1869)
- febrewaris
- 14 - Roelof Klein, Frysk roeier (* 1877)
- 28 - Wijbren Elgersma, Frysk politikus en boargemaster (* 1896)
- maart
- 10 - Anton Molkenboer, Nederlânsk keunstner (* 1872)
- april
- 28 - Anton Pannekoek, Nederlânsk astronoom en marxist (* 1873)
- maaie
- 23 - Georges Claude, Frânsk yngenieur, skiekundige en útfiner (* 1870)
- 30 - Boris Pasternak, Russysk dichter, skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1890)
- 31 - Willem Elsschot, Flaamsk skriuwer (* 1882)
- oktober
- 5 - Alfred L. Kroeber, Amerikaansk antropolooch en argeolooch (* 1876)
- 24 - Jouke Broer Schuil, Frysk skriuwer en toanielkritikus (* 1875)
- novimber
- 16 - Clark Gable, Amerikaansk akteur (* 1901)
- 17 - jhr. Dirk Jan de Geer, premier fan Nederlân (* 1870)
- 24 - Salomon de Wolff, Frysk ekonoom, politikus en sionist ([* 1878)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- novelles
- Elie Wiesel, L'Aube (oerset yn it Frysk as De Dage)
Jierren: | 1955 | 1956 | 1957 | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|