Springe nei ynhâld

Omgong fan Itaalje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Giro d'Italia)
Giro d'Italia
Logo Giro 2018
Logo Giro 2018
holden yn Itaalje
data maaie,
juny
sport hurdfytsen
organisator RCS Sport
earste edysje 1909
edysjes
foarige Omgong fan Itaalje 2024
folgjende Omgong fan Itaalje 2025
Temaside  Sport

De Omgong fan Itaalje (Italjaansk: Giro d'Italia, ek wol ôfkoarten oant Giro) is in hurdfytswedstryd yn Itaalje. De omgong, is yn fan de trije Grutte Omgongen yn it hurdfytsseizoen, wurdt yn de maitiid yn etappen troch gâns Itaalje fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is meastal yn Milaan.

Omgong fan Itaalje yn 1935

Op 7 augustus 1908 waard yn de Italjaanske sportkrante Gazzetta dello Sport de earste Omgong fan Itaalje oankundige. Yn neifolging fan in autorace troch hiel Itaalje, dy't organisearre waard troch konkurrint Corriere della Sera, presintearre de krante yn sân grutte kolommen de Italjaanske tsjinhinger fan de Omgong fan Frankryk. De earste etappe fan de Giro sette útein op 13 maaie 1909 fan it Loretoplein yn Milaan en einige yn Bologna. Yn dy earste edysje waard 2448 kilometer oerbrêge, dy 't ferdield wiene oer acht etappes. De Italjaan Luigi Ganna waard mei 25 punten de winner fan it evenemint.

De Giro fan 1912 waard ferriden yn ploechferbân [1], mar in jier letter kearde de organisaasje al wer werom nei it orizjinele konsept.

Alfonsina Strada de earste en iennichste frou ea

By de Omgong fan Itaalje 1924 soe de earste en iennichste frou ea dielnimme. Alfonsina Strada die mei oan de race as "Alfonsin Strada" om har geslacht te ferbergjen. Se ried earder tsjin manlju yn de Omgong fan Lombardije yn 1917 en 1918. Se waard yndertiid algemien beskôge as de bêste froulike hurdfytser fan Itaalje. Har identiteit waard ûntdutsen en iepenbier makke troch La Gazzetta dello Sport op 14 maaie doe't se it artikel "Alfonsina e la bici" publisearren. Strada foltôge de earste sân etappes, mar einige bûten de tiidslimyt op de achtste etappe dêr't se foel en kaam fyftjin oeren nei de start yn Perugia oan. De organisatoaren fregen har lykwols om troch te riden nei de finish fan de omgong fanwege de tanommen belangstelling foar de omgong fanwegen har dielname oan in manljus-evenemint. 64 jier nei dielname fan Alfonsina Strada oan de omgong, kaam der yn 1988 de Omgong fan Itaalje foar froulju.

Yn de earste jierren wie it parkoers fan de Omgong fan Itaalje faak in stik minder swier as dat fan har Frânske tsjinhinger, de Tour. Pas yn de jierren 30 en 40 wurdt it parkoers fan de Giro seleksjever, as der berchetappes troch de Alpen en de Dolomiten opnommen wurde yn it rûteskema. Yn 1931 wurdt ek de earste rôze trui, yn it Italiaansk maglia rosa neamd, útrikt, de trui is rôze om't de Giro troch in op rôze papier printe krante organisearre wurdt. Learco Guerra is dan de earste rozetruidrager. Twa jier letter wurdt it berchklassemint ynfierd en fan 1966 ôf is der ek in punteklassemint.

De Giro waard yn 1946 ferfette. De organisatoaren foegen de swarte trui ta foar de lêste hurdfytser yn it algemien klassemint. De tolfde etappe soe troch Pieris gean op wei nei Triëst; yn Pieris] en Triëst wiene der ûngeregeldheden om 't sawol Joegoslavië as Italië de stêd Triëst as diel fan harren grûngebiet opeasken. De etappe waard healwei ôfblaasd en de hurdfytsers waarden ûnder begelieding yn feilichheid brocht.

Hugo Koblet de earste net Italjaanske winner

De Giro is it faakst wûn troch in Italjaan. Oant 1950 ta wûn sels noch gjin inkelde bûtenlanner de Giro. De Switser Hugo Koblet wie de earste net-Italjaan dy 't deryn slagge om de omgong te winnen. Mar yn 'e jierren dêrnei wiene it hieltyd wer Italjanen dy 't wûnen. Pas fan 1968 ôf wûn hieltyd faker in bûtenlanner it einklassemint.

Ynearsten starte en einige de Omgong fan Itaalje alle jierren yn Milaan, de stêd dêr 't de organisearjende sportkrante La Gazzetta dello Sport syn haadkantoar hat. Nettsjinsteande in pear útsûnderingen wie Milaan oant foar 1960 it fêste start - en finishplak, sûnt dat jier ferskilt it plak fan fertrek yn it jier, De Omgong fan Itaalje 1965 wie de earste omgong dy't net yn Itaalje fan start gie mar yn San Marino. Ek as oankomstplak waard Milaan yn de jierren dêrnei geregeld ôflost: sa lei de einstreek yn 1975 sels ienkear op de Stelviopas. Yn de perioade fan 1981 oant en mei 1989 lei de finish fan de Giro sels gjin inkelde kear yn Milaan. Yn 1990 waard de tradysje lykwols wersteld en de jierren dêrnei soe de oankomst wer yn Milaan lizze. Yn de edysje fan 2009 waard opnij mei de tradysje brutsen: de Omgong sleat yn dat jier ôf mei in yndividuele tiidrit yn Rome. Dêrnei wiksele de omgong wer geregeld fan finishplak.

Maarten Tjallingii ridend foar Lotto-Jumbo yn de Omgong fan Itaalje 2015

Lykas de Omgong fan Frankryk syn dopingskandalen ken, is ek de Omgong fan Itaalje dat net besparre bleaun. Sa moasten Eddy Merckx en Marco Pantani fanwegen dopinggebrûk de omgong ferlitte wylst se yn de rôze trui fytsten.

De earste etappe fan de Omgong fan Itaalje 1986 waard ûntsierd troch in grutte falpartij op sa'n 10 km fan de finish, wêrby't Emilio Ravasio swiere ferwûningen oprûn mar wol wist troch te fytsen oant de einstreek. Koart nei de etappe rekke er yn koma, twa wiken letter ferstoar Ravasio oan syn ferwûnings.

Yn 2009] stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Itaalje. Maarten Tjallingii fan Ljouwert einige dat jier as 100ste.

Yn 2011 yn de tredde etappe by it ôfsakjen fan de Passo del Bocco kaam de belgyske hurdfytser Wouter Weylandt mâl te fallen en ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings. De fjirde etappe waard der net kompetytyf fytst. Yn stee dêrfan waard de etappe foarôfgien troch in minút stilte, en rieden alle 23 teams, ôfwikseljend elk ûngefear 15 minuten foaroan yn it peloton en leden fan de groep fan Weylandt finishten tegearre as earste mei de earms om inoar hinne slein.

De fiifde etappe, mar in dei nei de neutralisearre etappe fanwegen it ferstjerren fan Wouter Weylandt, wûn Pieter Weening fan De Harkema as earste Fries in etappe yn de Omgong fan Itaalje. De etappe hie in oankomst berchop en ferskate ûnferhurde stikken. Nei de etappe oerwinning krige er de Rôze trui, hy wist dizze trui mar leafst fjouwer etappes te behâlden.

Yn 2014 wûn Pieter Weening foar de twadde kear, yn de njoggende etappe fan Lugo nei Sestola bleau Weening de Italjaan Davide Malacarne foar.

De omgong fan 2020 waard útsteld oant 3 oktober, as gefolch fan de koroanapandemy. De iennige kear yn de skiednis dat de Giro net ferriden waard yn maaie of juny. [2]

Omgong fan Itaalje foar froulju

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Omgong fan Itaalje foar froulju yn it Italjaansk Giro d'Italia Internazionale Femminile of koartwei Giro Donne is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Itaalje. De wedstriid stiet sûnt 1988 op de kalinder en ken per edysje in bot wikseljend tal etappes. Yn de jierren 90 duorre de rûne faak tolve dagen, yn 'e earste jierren fan 'e 21e iuw bestie de koers meastal út tsien etappes. Yn april 2013 waard lykwols in wertekene en oant acht ritten ynkoarte omgong oankundige dy 't yn july ferriden waard. Fan 2014 ôf duorret de Giro foar froulju wer tsien dagen.

Omgong fan Itaalje yn sifers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Startplak Finishplak Tal
etappes
Totale
ôfstân
Dielnimmers Utfallers
1909 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 8 2.448 km 127 79
1910 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 10 2.984 km 101 81
1911 flagge fan Itaalje Rome Rome 12 3.526 km 86 62
1912 flagge fan Itaalje Milaan Bergamo 9 2.436 km 54 34
1913 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 9 2.929 km 99 64
1914 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 8 3.162 km 81 71
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 10 2.984 km 63 48
1920 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 8 2.632 km 49 39
1921 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 10 3.107 km 69 42
1922 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 10 3.095 km 75 60
1923 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 10 3.202,7 km 96 58
1924 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 12 3.613 km 90 60
1925 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 12 3.520,5 km 126 87
1926 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 12 3.249,7 km 206 166
1927 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 15 3.758,3 km 266 186
1928 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 12 3.044,6 km 298 172
1929 flagge fan Itaalje Rome Milaan 14 2.920 km 166 67
1930 flagge fan Itaalje Messina Milaan 15 3.095 km 298 172
1931 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 12 3.012 km 109 44
1932 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 13 3.235 km 109 43
1933 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 17 3.343 km 97 46
1934 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 17 3.712,7 km 109 57
1935 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 20 3.577 km 101 39
1936 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 21 3.766 km 89 44
1937 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 23 3.840 km 98 57
1938 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 21 3.645,8 km 94 44
1939 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 19 3.011,4 km 89 35
1940 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 20 3.574 km 91 44
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 20 3.039,5 km 79 39
1947 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 20 384,3 km 84 35
1948 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 19 4.164 km 77 33
1949 flagge fan Itaalje Palermo Monza 19 4.088 km 105 40
1950 flagge fan Itaalje Milaan Rome 18 3.981 km 105 30
1951 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 20 4.153 km 98 23
1952 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 20 3.964 km 112 14
1953 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 21 4.035,5 km 112 40
1954 flagge fan Itaalje Palermo Milaan 22 4.337 km 105 38
1955 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 21 3.871 km 98 26
1956 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 23 3.523,45 km 105 62
1957 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 21 3.926,7 km 150 64
1958 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 20 3.341,1 km 120 43
1959 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 22 3.657 km 130 44
1960 flagge fan Itaalje Rome Milaan 23 3.481,2 km 140 43
1961 flagge fan Itaalje Turyn Milaan 21 4.001 km 170 78
1962 flagge fan Itaalje Milaan Milaan 21 4.180 km 130 83
1963 flagge fan Itaalje Napels Milaan 21 4.063 km 120 34
1964 flagge fan Itaalje Bolzano Milaan 22 4.119 km 130 33
1965 flagge fan San Marino San Marino Florâns 22 4.051 km 100 20
1966 flagge fan Monako Monako Triëst 22 3.976 km 100 17
1967 flagge fan Itaalje Treviglio Milaan 22 3.572 km 130 60
1968 flagge fan Itaalje Campione d'Italia Napels 23 3.917,3 km 130 32
1969 flagge fan Itaalje Garda Milaan 24 3.851 km 130 49
1970 flagge fan Itaalje San Pellegrino Terme Bolzano 20 3.292 km 130 33
1971 flagge fan Itaalje Lecce Milaan 21 3.567 km 100 25
1972 flagge fan Itaalje Feneesje Milaan 23 3.725 km 100 31
1973 flagge fan Belgje Verviers Triëst 21 3.801 km 140 27
1974 flagge fan Fatikaanstêd Fatikaanstêd Milaan 23 4.001 km 137 41
1975 flagge fan Itaalje Milaan Stelviopas 23 3.963 km 90 20
1976 flagge fan Itaalje Cantania Milaan 22 4.161 km 120 34
1977 flagge fan Itaalje Bacoli Milaan 27 3.968 km 140 19
1978 flagge fan Itaalje Saint-Vincent Milaan 22 3.610,5 km 130 40
1979 flagge fan Itaalje Florâns Milaan 20 3.301 km 130 19
1980 flagge fan Itaalje Genua Milaan 23 4.025 km 130 41
1981 flagge fan Itaalje Triëst Verona 24 3.895,6 km 130 26
1982 flagge fan Itaalje Milaan Turyn 23 4.010,5 162 52
1983 flagge fan Itaalje Brescia Udine 24 3.922 km 162 22
1984 flagge fan Itaalje Lucca Verona 23 3.808 km 171 28
1985 flagge fan Itaalje Verona Lucca 24 3.998,6 km 180 45
1986 flagge fan Itaalje Palermo Meran 23 3.858,6 km 171 28
1987 flagge fan Itaalje San Remo Saint-Vincent 24 3.915 km 180 47
1988 flagge fan Itaalje Urbino Vittorio Veneto 23 3.579 km 180 55
1989 flagge fan Itaalje Taormina Florâns 23 3.418 km 198 57
1990 flagge fan Itaalje Bari Milaan 20 3.450 km 198 35
1991 flagge fan Itaalje Olbia Milaan 22 3.715 km 180 47
1992 flagge fan Itaalje Genua Milaan 22 3.843 km 180 32
1993 flagge fan Itaalje Porto Azzurro Milaan 21 3.702 km 180 48
1994 flagge fan Itaalje Bologna Milaan 23 3.730 km 153 54
1995 flagge fan Itaalje Perugia Milaan 22 3.736 km 198 76
1996 flagge fan Grikelân Atene Milaan 22 3.990 km 162 64
1997 flagge fan Itaalje Feneesje Milaan 22 3.912 km 180 70
1998 flagge fan Frankryk Nice Milaan 23 3.830 km 162 68
1999 flagge fan Itaalje Agrigento Milaan 22 3.757 km 162 46
2000 flagge fan Itaalje Rome Milaan 22 3.676 km 180 53
2001 flagge fan Itaalje Montesilvano Milaan 22 3.356 km 180 44
2002 flagge fan Nederlân Grins Milaan 21 3.354.5 km 198 59
2003 flagge fan Itaalje Lecce Milaan 21 3.476,5 km 170 73
2004 flagge fan Itaalje Genua Milaan 21 3.423,9 km 171 31
2005 flagge fan Itaalje Reggio Calabria Milaan 21 3.447,15 km 198 45
2006 flagge fan Belgje Seraing Milaan 21 3.526,2 km 198 48
2007 flagge fan Itaalje Caprera Milaan 21 3.486 km 198 57
2008 flagge fan Itaalje Palermo Milaan 21 3.407 km 197 56
2009 flagge fan Itaalje Lido di Venezia Rome 21 3.456,5 km 198 29
2010 flagge fan Nederlân Amsterdam Verona 21 3.485 km 198 59
2011 flagge fan Itaalje Venaria Reale Milaan 21 3.434 km 207 48
2012 flagge fan Denemark Herning Milaan 21 3.502,1 km 198 41
2013 flagge fan Itaalje Napels Brescia 21 3.405 km 207 39
2014 Flagge fan Noard-Ierlân, yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Belfast Triëst 21 3.445,5 km 198 42
2015 flagge fan Itaalje San Lorenzo al Mare Milaan 21 3.481,8 km 198 35
2016 flagge fan Nederlân Apeldoarn Turyn 21 3.467,1 km 198 42
2017 flagge fan Itaalje Alghero Milaan 21 3.609,1 km 195 34
2018 flagge fan Israel Jeruzalim Rome 21 3.572,4 km 175 26
2019 flagge fan Itaalje Bologna Verona 21 3.546,8 km 176 34
2020 flagge fan Itaalje Monreale Milaan 21 3.361,4 km 176 43
2021 flagge fan Itaalje Turyn Milaan 21 3.410,9 km 184 41
2022 flagge fan Hongarije Bûdapest Verona 21 3.449,6 km 176 27
2023 flagge fan Itaalje Fossacesia Rome 21 3.448 km 176 51
2024 flagge fan Itaalje Venaria Reale Rome 21 3.449 km 176 35

Ferneamde bergenpassen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Omgong fan Itaalje wurde der in tal bergen beklommen. It heechste punt fan de Giro (ek wol it "dak fan de omgong" neamd), wurdt sûnt 1965 de Cima Coppi neamd. Ferneamd nei de ferneamde Italiaanske hurdfytser Fausto Coppi. Oan de hurdfytser dy't it heechste punt as earste berikt, wurdt in spesjale priis en in fikse boanus takend.

1e
kear
Namme Berchrige Hichte
(m)
1940 Sellapas Dolomiten 2214
1940 Pordoipas Dolomiten 2239
1953 Stelviopas Alpen 2758
1960 Gaviapas Alpen 2621
1963 Vallespas Dolomiten 2033
1967 Drei Zinnen Dolomiten 2320
1973 Giaupas Dolomiten 2236
1976 Valparolapas Dolomiten 2294
1976 Manghenpas Alpen 2047
1991 Colle di Sestriere Alpen 2035
1999 Esischiepas Alpen 2366
2005 Colle delle Finestre Alpen 2178
De Rôze trui

Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Itaalje ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (blauwe trui), foar de bêste jonge hurdfytser (wite trui), foar de bêste sprinter (pearze trui), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong it minste tiid brûkt (Rôze trui). De Rôze trui waard as trui yn 1931 ynfierd.

Trije hurdfytsers wûnen de Omgong fan Itaalje fiif kear en binne dêrmei dield rekôrhâlder. Alfredo Binda wie de earste dy 't it slagge. Hy wûn de Giro yn tusken 1925 en 1933 Fausto Coppi wûn die dat tusen 1940 en 1953 syn kariere waard fersteurd troch de Twadde Wrâldkriich en Eddy Merckx wie fiif kear einwinner tusken 1968 en 1974.

Winners Rôze trui

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1909 Luigi Ganna Italjaansk Team Atala
1910 Carlo Galetti Italjaansk Team Atala
1911 Carlo Galetti Italjaansk Bianchi
1912 Team Atala[3] Italjaansk Team Atala
1913 Carlo Oriani Italjaansk Maino
1914 Alfonso Calzolari Italjaansk Stucchi
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919 Costante Girardengo Italjaansk Stucchi
1920 Gaetano Belloni Italjaansk Bianchi
1921 Giovanni Brunero Italjaansk Legnano
1922 Giovanni Brunero Italjaansk Legnano
1923 Costante Girardengo Italjaansk Maino
1924 Giuseppe Enrici Italjaansk Legnano
1925 Alfredo Binda Italjaansk Legnano
1926 Giovanni Brunero Italjaansk Legnano
1927 Alfredo Binda Italjaansk Legnano
1928 Alfredo Binda Italjaansk Wolsit
1929 Alfredo Binda Italjaansk Legnano
1930 Luigi Marchisio Italjaansk Legnano
ynfiering Rôze trui
1931 Francesco Camusso Italjaansk Gloria
1932 Antonio Pesenti Italjaansk Wolsit
1933 Alfredo Binda Italjaansk Legnano
1934 Learco Guerra Italjaansk Maino
1935 Vasco Bergamaschi Italjaansk Maino
1936 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1937 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1938 Giovanni Valetti Italjaansk Frejus
1939 Giovanni Valetti Italjaansk Frejus
1940 Fausto Coppi Italjaansk Legnano
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1947 Fausto Coppi Italjaansk Bianchi
1948 Fiorenzo Magni Italjaansk Wilier Triestina
1949 Fausto Coppi Italjaansk Bianchi
1950 Hugo Koblet Switsersk Guerra-Svizzera
1951 Fiorenzo Magni Italjaansk Nivea-Fuchs
1952 Fausto Coppi Italjaansk Bianchi
1953 Fausto Coppi Italjaansk Bianchi
1954 Carlo Clerici Switsersk Guerra-Svizzera
1955 Fiorenzo Magni Italjaansk Nivea-Fuchs
1956 Charly Gaul Lúksemboarchsk Emi-Guerra
1957 Gastone Nencini Italjaansk Chlorodont
1958 Ercole Baldini Italjaansk Legnano
1959 Charly Gaul Lúksemboarchsk Emi-Guerra
1960 Jacques Anquetil Frânsk Fynsec
1961 Arnaldo Pambianco Italjaansk Fides
1962 Franco Balmamion Italjaansk Carpano
1963 Franco Balmamion Italjaansk Carpano
1964 Jacques Anquetil Frânsk St. Raphael
1965 Vittorio Adorni Italjaansk Salvarani
1966 Gianni Motta Italjaansk Molteni
1967 Felice Gimondi Italjaansk Salvarani
1968 Eddy Merckx Belgysk Faema
1969 Felice Gimondi Italjaansk Salvarani
1970 Eddy Merckx Belgysk Faemino
1971 Gösta Pettersson Sweedsk Ferretti
1972 Eddy Merckx Belgysk Molteni
1973 Eddy Merckx Belgysk Molteni
1974 Eddy Merckx Belgysk Molteni
1975 Fausto Bertoglio Italjaansk Jolly Ceramica
1976 Felice Gimondi Italjaansk Bianchi-Campagnolo
1977 Michel Pollentier Belgysk Flandria
1978 Johan De Muynck Belgysk Bianchi-Faema
1979 Giuseppe Saronni Italjaansk Del Tongo-Colnago
1980 Bernard Hinault Frânsk Renault-Gitane
1981 Giovanni Battaglin Italjaansk Inoxpran
1982 Bernard Hinault Frânsk Renault-Elf-Gitane
1983 Giuseppe Saronni Italjaansk Del Tongo-Colnago
1984 Francesco Moser Italjaansk Gis Tuc-Lu
1985 Bernard Hinault Frânsk La Vie Claire-Look
1986 Roberto Visentini Italjaansk Carrera
1987 Stephen Roche Iersk Carrera
1988 Andy Hampsten Amerikaansk 7-Eleven Hoonved
1989 Laurent Fignon Frânsk Système U
1990 Gianni Bugno Italjaansk Chateau d'Ax
1991 Franco Chioccioli Italjaansk Del Tongo M.G.
1992 Miguel Induráin Spaansk Banesto
1993 Miguel Induráin Spaansk Banesto
1994 Jevgeni Berzin Russysk Gewiss-Ballan
1995 Tony Rominger Switsersk Mapei-Gb
1996 Pavel Tonkov Russysk Panaria-Vinavil
1997 Ivan Gotti Italjaansk Saeco
1998 Marco Pantani Italjaansk Mercatone Uno-Bianchi
1999 Ivan Gotti Italjaansk Polti
2000 Stefano Garzelli Italjaansk Mercatone Uno-Albacom
2001 Gilberto Simoni Italjaansk Lampre-Daikin
2002 Paolo Savoldelli Italjaansk Index-Alexia
2003 Gilberto Simoni Italjaansk Saeco
2004 Damiano Cunego Italjaansk Saeco
2005 Paolo Savoldelli Italjaansk Discovery Channel
2006 Ivan Basso Italjaansk CSC
2007 Danilo Di Luca Italjaansk Liquigas
2008 Alberto Contador Spaansk Astana
2009 Denis Mensjov Russysk Rabobank
2010 Ivan Basso Italjaansk Liquigas-Doimo
2011 Michele Scarponi Italjaansk Lampre-ISD
2012 Ryder Hesjedal Kanadeesk Garmin-Barracuda
2013 Vincenzo Nibali Italjaansk Astana
2014 Nairo Quintana Kolombiaansk Movistar Team
2015 Alberto Contador Spaansk Tinkoff-Saxo
2016 Vincenzo Nibali Italjaansk Astana
2017 Tom Dumoulin Nederlânsk Team Sunweb
2018 Chris Froome Britsk Team Sky
2019 Richard Carapaz Ekwadorjaansk Movistar Team
2020 Tao Geoghegan Hart Britsk Team INEOS Grenadiers
2021 Egan Bernal Kolombiaansk Team INEOS Grenadiers
2022 Jai Hindley Australysk BORA-hansgrohe
2023 Primož Roglič Sloveensk Jumbo-Visma
2024 Tadej Pogačar Sloveensk UAE Team Emirates

Measte oerwinningen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

5x

  • Eddy Merckx wûn de Omgong yn 1968 en 1970 en fan 1972 oant en mei 1974.
  • Fausto Coppi wûn de Omgong yn 1940, 1947, 1949, 1952 en 1953.
  • Alfredo Binda wûn de Omgong yn 1925, fan 1927 oant en mei 1929 en yn 1933.

3x

Berchklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De blauwe trui

It berchklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dat diel útmakket fan de Giro. Foar dit klassemint wurde punten takend oan de liedende hurdfytsers oer oanwiisde beklimmingen. De beklimmingen wurde yn ferskate klassifikaasjes yndield op basis fan dreechheidsgraad en harren posysje op de etappe fan dy dei. Bonuspunten wurde takend oan oankomsten op de berchtop en oan de earste hurdfytsers oer de Cima Coppi, tradisjoneel beskôge as it heechste punt fan de hiele Giro.

It berchklassemint is yn 1933 ynfierd. Fan 1974 oant 2011 droech de lieder fan it berchklassemint yn de Giro de griene trui, yn 2012 waard as ûnderdiel fan in sponsoroerienkomst de kleur fan de trui feroare yn blau.

Winners berchklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1933 Alfredo Binda Italjaansk Legnano
1934 Remo Bertoni Italjaansk Legnano
1935 Gino Bartali Italjaansk Frejus
1936 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1937 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1938 Giovanni Valetti Italjaansk Frejus
1939 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1940 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1947 Gino Bartali Italjaansk Legnano
1948 Fausto Coppi Italjaansk Bianchi
1949 Fausto Coppi Italjaansk Bianchi
1950 Hugo Koblet Switsersk Guerra
1951 Louison Bobet Frânsk Bottecchia
1952 Raphaël Géminiani Frânsk Bianchi
1953 Pasquale Fornara Italjaansk Bottecchia
1954 Fausto Coppi Italjaansk Bianchi
1955 Gastone Nencini Italjaansk Leo-Chlorodont
1956 Federico Bahamontes Spaansk Girardengo
1957 Raphaël Géminiani Frânsk Mercier
1958 Jean Brankart Belgysk Saint-Raphael-R.Geminiani
1959 Charly Gaul Lúksemboarchsk Emi
1960 Rik Van Looy Belgysk Faema
1961 Vito Taccone Italjaansk Atala
1962 Angelino Soler Spaansk Ghigi
1963 Vito Taccone Italjaansk Lygie
1964 Franco Bitossi Italjaansk Spring Oil
1965 Franco Bitossi Italjaansk Filotex
1966 Franco Bitossi Italjaansk Filotex
1967 Aurelio González Spaansk KAS
1968 Eddy Merckx Belgysk Faema
1969 Claudio Michelotto Italjaansk Max Meyer
1970 Martin Van Den Bossche Belgysk Molteni
1971 José Manuel Fuente Spaansk KAS
1972 José Manuel Fuente Spaansk KAS
1973 José Manuel Fuente Spaansk KAS
ynfiering Griene trui
1974 José Manuel Fuente Spaansk KAS
1975 Francisco Galdós
Andrés Oliva
Spaansk
Spaansk
KAS
1976 Andrés Oliva Spaansk KAS
1977 Faustino Fernández Ovies Spaansk KAS
1978 Ueli Sutter Switsersk Zonca-Santini
1979 Claudio Bortolotto Italjaansk Sanson
1980 Claudio Bortolotto Italjaansk San Giacomo
1981 Claudio Bortolotto Italjaansk Santini-Selle Italia
1982 Lucien Van Impe Belgysk Boston-Mavic
1983 Lucien Van Impe Belgysk Boston-Mavic
1984 Laurent Fignon Frânsk Renault-Elf
1985 José Luis Navarro Spaansk Zor
1986 Pedro Muñoz Spaansk Fagor
1987 Robert Millar Britsk Panasonic
1988 Andrew Hampsten Amerikaansk 7-Eleven
1989 Luis Herrera Kolombiaansk Café de Colombia
1990 Claudio Chiappucci Italjaansk Carrera Jeans
1991 Iñaki Gastón Spaansk CLAS-Cajastur
1992 Claudio Chiappucci Italjaansk Carrera Jeans
1993 Claudio Chiappucci Italjaansk Carrera Jeans
1994 Pascal Richard Switsersk GB-MG Maglificio
1995 Mariano Piccoli Italjaansk Brescialat
1996 Mariano Piccoli Italjaansk Brescialat
1997 José Jaime González Kolombiaansk Kelme
1998 Marco Pantani Italjaansk Mercatone Uno
1999 José Jaime González Kolombiaansk Kelme
2000 Francesco Casagrande Italjaansk Vini Caldirola-Sidermec
2001 Freddy González Kolombiaansk Colombia-Selle Italia
2002 Julio Alberto Pérez Cuapio Meksikaansk Ceramiche Panaria-Margres
2003 Freddy González Kolombiaansk Colombia-Selle Italia
2004 Fabian Wegmann Dútsk Gerolsteiner
2005 José Rujano Fenezolaansk Colombia-Selle Italia
2006 Juan Manuel Gárate Spaansk Quick Step
2007 Leonardo Piepoli Italjaansk Saunier Duval
2008 Emanuele Sella Italjaansk CSF Group-Navigare
2009 Stefano Garzelli Italjaansk Acqua & Sapone
2010 Matthew Lloyd Australysk Omega Pharma-Lotto
2011 Stefano Garzelli Italjaansk Acqua & Sapone
ynfiering Blauwe trui
2012 Matteo Rabottini Italjaansk Farnese
2013 Stefano Pirazzi Italjaansk Bardiani
2014 Julián Arredondo Kolombiaansk Trek
2015 Giovanni Visconti Italjaansk Movistar
2016 Mikel Nieve Spaansk Sky
2017 Mikel Landa Spaansk Sky
2018 Christopher Froome Britsk Sky
2019 Giulio Ciccone Italjaansk Trek-Segafredo
2020 Ruben Guerreiro Portegeesk EF Pro Cycling
2021 Geoffrey Bouchard Frânsk AG2R
2022 Koen Bouwman Nederlânsk Jumbo-Visma
2023 Thibaut Pinot Frânsk FDJ
2024 Tadej Pogačar Sloveensk UAE

Punteklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Pearze Trui

It punteklassemint yn de Ronde fan Italië is in njonkenklassemint wêrby't de hurdfytsers punten per etappe krije, ôfhinklik fan harren oankomst. It klassemint waard yn de Giro fan 1966 yntrodusearre. De lieder yn it punteklassemint draacht in pearze trui. De pearze trui waar yn 1967 yntroducearre, fan 2010 oant en mei 2016 droech de lieder yn it klassemint in reade trui, mar yn 2017, ta gelegenheid fan de hûndertste edysje, waard de pearze trui op 'e nij yntrodusearre.

Winners punteklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech Punten
1966 Gianni Motta Italjaansk Molteni 228
ynfiering Pearze trui
1967 Dino Zandegù Italjaansk Salvarani 200
1968 Eddy Merckx Belgysk Faema 198
1969 Franco Bitossi Italjaansk Filotex 182
1970 Franco Bitossi Italjaansk Filotex 252
1971 Marino Basso Italjaansk Molteni 181
1972 Roger De Vlaeminck Belgysk Dreher 264
1973 Eddy Merckx Belgysk Molteni 237
1974 Roger De Vlaeminck Belgysk Brooklyn 265
1975 Roger De Vlaeminck Belgysk Brooklyn 346
1976 Francesco Moser Italjaansk Sanson-Campagnolo 272
1977 Francesco Moser Italjaansk Sanson-Campagnolo 226
1978 Francesco Moser Italjaansk Sanson-Campagnolo 229
1979 Giuseppe Saronni Italjaansk Scic 275
1980 Giuseppe Saronni Italjaansk Gis Gelati 301
1981 Giuseppe Saronni Italjaansk Gis Gelati 215
1982 Francesco Moser Italjaansk Famcucine 247
1983 Giuseppe Saronni Italjaansk Del Tongo 223
1984 Urs Freuler Switsersk Atala 178
1985 Johan van der Velde Nederlânsk Vini Ricordi-Pinarello 195
1986 Guido Bontempi Italjaansk Carrera Jeans 167
1987 Johan van der Velde Nederlânsk Gis Gelati 175
1988 Johan van der Velde Nederlânsk Gis Gelati 154
1989 Giovanni Fidanza Italjaansk Chateau d'Ax 172
1990 Gianni Bugno Italjaansk Chateau d'Ax 195
1991 Claudio Chiappucci Italjaansk Carrera Jeans 283
1992 Mario Cipollini Italjaansk GB-MG Maglificio 236
1993 Adriano Baffi Italjaansk Saeco 228
1994 Djamolidine Abdoujaparov Oezbeeksk Team Polti 202
1995 Tony Rominger Switsersk Mapei 205
1996 Fabrizio Guidi Italjaansk Scrigno-Blue Storm 235
1997 Mario Cipollini Italjaansk Saeco 202
1998 Mariano Piccoli Italjaansk Brescialat 194
1999 Laurent Jalabert Frânsk ONCE 175
2000 Dimitri Konyshev Russysk Fassa Bortolo 159
2001 Massimo Strazzer Italjaansk Mobilvetta Design 177
2002 Mario Cipollini Italjaansk Acqua & Sapone 184
2003 Gilberto Simoni Italjaansk Saeco 154
2004 Alessandro Petacchi Italjaansk Fassa Bortolo 250
2005 Paolo Bettini Italjaansk Quick Step 162
2006 Paolo Bettini Italjaansk Quick Step 169
2007 Danilo Di Luca[4] Italjaansk Liquigas 130
2008 Daniele Bennati Italjaansk Liquigas 189
2009 Denis Menchov[5] Russysk Rabobank 144
ynfiering Reade trui
2010 Cadel Evans Australysk BMC 150
2011 Michele Scarponi[6] Italjaansk Lampre 202
2012 Joaquim Rodríguez Spaansk Katusha 139
2013 Mark Cavendish Britsk Quick Step 158
2014 Nacer Bouhanni Frânsk FDJ 291
2015 Giacomo Nizzolo Italjaansk Trek 181
2016 Giacomo Nizzolo Italjaansk Trek 209
ynfiering Pearze trui
2017 Fernando Gaviria Kolombiaansk Quick-Step 325
2018 Elia Viviani Italjaansk Quick-Step 341
2019 Pascal Ackermann Dútsk Bora-Hansgrohe 226
2020 Arnaud Démare Frânsk FDJ 233
2021 Peter Sagan Slowaaksk Bora-Hansgrohe 136
2022 Arnaud Démare Frânsk FDJ 254
2023 Jonathan Milan Italjaansk Bahrain-Victorious 217
2024 Jonathan Milan Italjaansk Lidl–Trek 352

Ploegeklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Giel rêchnûmer

It ploegeklassemint is de beneaming foar ien fan de wedstriidklasseminten by de Omgong fan Itaalje. Yn tsjinstelling ta de ferskate oare klasseminten, lykas it algemien klassemint en it berchklassemint, is dit net in klassemint op yndividuele basis, mar is it in maat foar de bêst prestearjende hurdfytsploech as gehiel. Foar it berekkenjen fan it punteal wurde nei elke etappe de tiden fan 'e trije earste riders fan elk team opteld. Earder mocht de liedende ploech mei in giel petsje ride. No rydt de liedende ploech mei in giel rêchnûmer.

Winners ploegeklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
1909 Atala Itaalje 1947 Welter Itaalje 1976 Brooklyn Itaalje 2005 Liquigas Itaalje
1910 Atala Itaalje 1948 Wilier Triestina Itaalje 1977 Flandria Belgje 2006 Phonak   Switserlân
1911 Bianchi Itaalje 1949 Wilier Triestina Itaalje 1978 Bianchi Itaalje 2007 Saunier Duval Spanje
1912 Atala Itaalje 1950 Frejus Itaalje 1979 SCIC Itaalje 2008 CSF Group-Navigare Ierlân
1913 Maino Itaalje 1951 Taurea Itaalje 1980 Bianchi Itaalje 2009 Astana Kazachstan
1914 Stucchi Itaalje 1952 Bianchi Itaalje 1981 Bianchi Itaalje 2010 Liquigas Itaalje
1919 Stucchi Itaalje 1953 Ganna Itaalje 1982 Bianchi Itaalje 2011 Astana Kazachstan
1920 Bianchi Itaalje 1954 Girardengo Belgje 1983 Gemeaz Cusin Spanje 2012 Lampre Itaalje
1921 Bianchi Itaalje 1955 Atala Itaalje 1984 Renault Frankryk 2013 Sky Grut-Brittanje
1922 Legnano Itaalje 1956 Atala Itaalje 1985 Alpilatte Itaalje 2014 AG2R Frankryk
1923 Legnano Itaalje 1957 Legnano Itaalje 1986 Supermercati Brianzoli Itaalje 2015 Astana Kazachstan
1924
ûnbekend
1958 Carpano Itaalje 1987 Panasonic Nederlân 2016 Astana Kazachstan
1925 Legnano Itaalje 1959 Atala Itaalje 1988 Carrera Itaalje 2017 Movistar Spanje
1926 Legnano Itaalje 1960 Ignis Itaalje 1989 Fagor Frankryk 2018 Sky Grut-Brittanje
1927 Legnano Itaalje 1961 Faema Belgje 1990 ONCE Spanje 2019 Movistar Spanje
1928 Legnano Itaalje 1962 Faema Belgje 1991 Carrera Itaalje 2020 INEOS Grut-Brittanje
1929 Legnano Itaalje 1963 Carpano Itaalje 1992 MG Maglificio Itaalje 2021 INEOS Grut-Brittanje
1930 Bianchi Itaalje 1964 Saint Raphäel Frankryk 1993 Lampre Itaalje 2022 Bahrain Bachrein
1931 Legnano Itaalje 1965 Salvarani Itaalje 1994 Carrera Itaalje 2023 Bahrain Bachrein
1932 Legnano Itaalje 1966 Molteni Itaalje 1995 Gewiss-Ballan Itaalje 2024 AG2R Frankryk
1933 Legnano Itaalje 1967 KAS Spanje 1996 Carrera Itaalje
1934 Gloria Itaalje 1968 Faema Belgje 1997 Kelme Spanje
1935 Frejus Itaalje 1969 Molteni Itaalje 1998 Mapei Itaalje
1936 Legnano Itaalje 1970 Faema Belgje 1999 Vitalicio Seguros Spanje
1937 Frejus Itaalje 1971 Molteni Itaalje 2000 Mapei Itaalje
1938 Gloria Itaalje 1972 Molteni Itaalje 2001 Alessio Itaalje
1939 Frejus Itaalje 1973 Molteni Itaalje 2002 Alessio Itaalje
1940 Gloria Itaalje 1974 KAS Spanje 2003 Lampre Itaalje
1946 Legnano Itaalje 1975 Brooklyn Itaalje 2004 Saeco Itaalje

Jongereinklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wite Trui

It jongereinklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dêr't inkeld hurdfytsers jonger as 25 jier foar yn oanmerking komme. De heechst klassearre jonge hurdfytser krijt de wite trui. De priis waard yn 1976 foar it earst útrikt. Doe kamen allinnich hurdfytsers jonger as 24 jier yn oanmerking foar de priis. Nei 1994 waard de wite trui foar in skoft opburgen. Mar yn 2007 waard it jongereinklassemint op 'e nij ynfierd. Fan dan ôf waard ek de leeftiid ferhege nei 25 jier.

Winners jongereinklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech Posysje
algemien
klassemint
(Rôze Trui)
1976 Alfio Vandi Italjaansk Magniflex-Torpado 7
1977 Mario Beccia Italjaansk Sanson 9
1978 Roberto Visentini Italjaansk Vibor 15
1979 Silvano Contini Italjaansk Faema 5
1980 Tommy Prim Sweedsk Bianchi 4
1981 Giuseppe Faraca Italjaansk Hoonved-Bottecchia 11
1982 Marco Groppo Italjaansk Metauro Mobili 9
1983 Franco Chioccioli Italjaansk Vivi-Benotto 16
1984 Charly Mottet Frânsk Renault-Elf 21
1985 Alberto Volpi Italjaansk Bianchi 10
1986 Marco Giovannetti Italjaansk Gis Gelati 8
1987 Roberto Conti Italjaansk Gis Gelati 15
1988 Stefano Tomasini Italjaansk Fanini 9
1989 Vladimir Poulnikov Sovjet Alfa Lum 11
1990 Vladimir Poulnikov Sovjet Alfa Lum 4
1991 Massimiliano Lelli Italjaansk Ceramiche Ariostea 3
1992 Pavel Tonkov Russysk Lampre 7
1993 Pavel Tonkov Russysk Lampre 5
1994 Evgueni Berzin Russysk Gewiss-Ballan 1
Fan 1995 o/m 2006 wie der gjin Jongereinklassemint
2007 Andy Schleck Lúksemboarchsk CSC 2
2008 Riccardo Riccò Italjaansk Saunier Duval 2
2009 Kevin Seeldraeyers Belgysk Quick Step 14
2010 Richie Porte Australysk Saxo Bank 7
2011 Roman Kreuziger Tsjechysk Astana 6
2012 Rigoberto Urán Kolombiaansk Sky 7
2013 Carlos Betancur Kolombiaansk AG2R 5
2014 Nairo Quintana Kolombiaansk Movistar 1
2015 Fabio Aru Italjaansk Astana 2
2016 Bob Jungels Lúksemboarchsk Quick Step 6
2017 Bob Jungels Lúksemboarchsk Quick Step 8
2018 Miguel Ángel López Kolombiaansk Astana 3
2019 Miguel Ángel López Kolombiaansk Astana 7
2020 Tao Geoghegan Hart Britsk Ineos 1
2021 Egan Bernal Kolombiaansk Ineos 1
2022 Juan Pedro López Spaansk Trek-Segafredo 10
2023 João Almeida Portegeesk UAE Team Emirates 3
2024 Antonio Tiberi Italjaansk Bahrain Victorious 5

Fryske Dielnimmers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa Friezen ha oant no ta (2022) meidien oan de Omgong fan Itaalje. Yn 2009 wie Maarten Tjallingii de earste. Pieter Weening wie yn 2011 de earste Fries dy't in etappe wûn yn de Omgong fan Itaalje, hy wie ek de earste Fries dy't in oantal dagen yn de rôze trui fytst hat.

Namme Jier(ren) Ploech Posysje
algemien
klassemint
(Rôze Trui)
Maarten Tjallingii 2009,
2013,
2014,
2015
2016
Rabobank,
Lotto NL-Jumbo,
Lotto NL-Jumbo
Lotto NL-Jumbo
Lotto NL-Jumbo
100e,
131e,
92e,
119e,
124e
Pieter Weening 2010,
2011,
2013,
2014,
2015,
2020
Rabobank,
Rabobank,
Orica GreenEDGE,
Orica GreenEDGE,
Orica GreenEDGE,
Trek-Segafredo
24e,
45e,
38e,
Net finisht,
92e,
Net finisht

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (1912) - Dit wol sizze dat de einwinner gjin hurdfytser wie mar in hiele ploech, wat lykjend op it ploegeklassemint fan hjoed de dei.
  2. (in) History of the Giro d'Italia
  3. De Omgong fan Itaalje 1912 waard ferriden yn ploegeteams, der wie gjin yndividuele rangskikking. It winnende team bestie út Carlo Galetti, Giovanni Micheletto en Eberardo Pavesi.
  4. Danilo Di Luca waard útroppen ta winner fan it puntenklassemint nei diskwalifikaasje fan Alessandro Petacchi omreden fan doping.
  5. Denis Menchov waard útroppen ta winner fan it puntenklassemint nei diskwalifikaasje fan Danilo Di Luca omreden fan doping.
  6. Michele Scarponi waard ta winner fan it punteklassemint útroppen nei de diskwalifikaasje fan Alberto Contador
Omgong fan Itaalje
Fryske dielnimmers · froulju
1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025
· · Berjocht bewurkje