De dassen foarmje yn 'e taksonomy in ynformele kloft binnen de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae). Der binne alve libbene soarten dassen, dy't yndield binne by trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen: de Jeraziatyske dassen (9 soarten ferdield oer 3 skaaien, allegearre út Jeraazje), de hunichdassen (1 soarte út Afrika en Aazje) en de sulverdassen (1 soarte út Noard-Amearika). De beide soarten Aziatyske stjonkdassen waarden foarhinne by de Jeraziatyske dassen yndield, mar koartby hat genetysk ûndersyk útwiisd dat sy neier besibbe binne oan 'e stjonkdieren, wat harren yn 'e famylje Mephitidae pleatst.
Dassen binne koartskonkige, groulivige bisten, mei krêftige klauwe poaten dy't bedoeld binne om mei te graven. Se hawwe swarte koppen mei karakteristike wite streken. Harren gewicht rint útinoar fan 9-11 kg (guon sinnedassen) oant 18 kg (de Jeropeeske das).