Christopher Lee
Christopher Lee | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Christopher Frank Carandini Lee | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 27 maaie 1922 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 7 juny 2015 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk Italjaansk | |
jierren aktyf | 1948 – 2015 | |
prizen | BAFTA 2011 | |
offisjele webside | ||
christopherleeweb.com |
Sir Christopher Lee (folút: Christopher Frank Carandini Lee; Londen, 27 maaie 1922 – dêre, 7 juny 2015) wie in Ingelsk akteur, skriuwer en sjonger fan mingd Ingelsk-Italjaansk etnysk komôf. Yn syn hast santichjierrich wurkpaad as akteur makke er karriêre troch faak de smjunt te spyljen. Hy krige yn 'e 1950-er jierren bekendheid mei syn fertolkings fan 'e fampier greve Dracula, yn 'e searje fan Hammer Horror-films. Letter spile er de krimineel Francisco Scaramanga yn 'e James Bond-film The Man with the Golden Gun. Resinter makke er himsels by in hiele nije generaasje filmfans populêr mei syn rol as de boaze tsjoender Saruman, yn de Lord of the Rings-filmsearje en as greve Dooku yn 'e Star Wars-prequeltrilogy. Lee, dy't sawol yn 'e Winteroarloch as yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten hie, wie dêrnjonken ek aktyf as stimakteur, publisist en hardrock-sjonger.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lee waard yn 1922 berne yn 'e Londenske wyk Belgravia, as de soan fan Geoffrey Trollope Lee (1879-1941), in luitenant-kolonel yn it Britske leger, en dy syn frou, grevinne Estelle Marie Carandini di Sarzano (1889-1981). Syn heit focht yn 'e Twadde Boere-oarloch en de Earste Wrâldoarloch, wylst syn mem bekendstie om har skientme en ferivige waard troch de keunstskilders sir John Lavery, Oswald Birley en Olive Snell en ek troch de byldhouster Clare Frewen Sheridan. Lee, dy't ôfstamme fan Italjaanske adel, wie in betoerpakesizzer fan greve Francesco Carandini di Sarzano (1773-1839), in balling dy't ûnder de Napoleontyske Oarloggen syn heil yn Ingelân socht. Dy syn skoandochter (en Lee syn oerbeppe) wie de Ingelske operasjongster Marie Carandini (famkesnamme Burgess; 1826-1894). Oan syn heitekant wie Lee yn 'e fierte besibbe oan 'e Amerikaanske generaal Robert E. Lee en oan 'e astronoom John Lee.
Lee hie ien suster, Xandra Carandini Lee (1917-2002). Syn âlden giene útinoar doe't er fjouwer jier wie, en skieden doe't er seis jier wie. Syn mem naam de bern mei nei Switserlân, dêr't Lee yn Wengen op skoalle kaam. It wie dêr dat er syn earste aktearûnderfining opdie, as Oegemantsje yn it mearke mei deselde namme. Nei harren weromkear yn Londen wertroude Lee syn mem mei de bankier Harcourt George St-Croix Rose, de omke fan Ian Fleming (de geastlike heit fan geheim agint James Bond).
Mei njoggen jier waard Lee nei in ynternaat yn Oxford stjoerd, om him klear te steamen foar de prestizjeuze priveeskoalle fan Eton. Hoewol't Lee dêr yndie in talittingseksamen foar ôflei, koed er troch syn minne skoare op it mêd fan wiskunde gjin stúdzjebeurs besette. Om't syn styfheit net ree wie om 'e hege kosten fan in oplieding yn Eton te beteljen, learde Lee ynstee fierder oan it Wellington Kolleezje, in minder prestizjeuze priveeskoalle, dêr't er him ûnderskate yn 'e stúdzje fan 'e klassiken, Latyn en Gryksk. Oan 'e oare kant wied er net goed yn sport, en briek er gauris mei sin de regels, wat him faak op in wan bruien kaam te stean (ynklusyf ien kear foar it feit dat er te faak in wan bruien krige). Mei santjin jier moast er yn 1939 syn stúdzje oan it Wellington Kolleezje in jier foartidich ôfbrekke doe't syn styfheit fallyt gie. Koarte tiid letter skiede syn mem fan syn styfheit, en moasten Lee en syn suster wurk sykje om harsels te ûnderhâlden. Hy fûn in baantsje as klerk op it kantoar fan 'e rederij United States Lines, dat er lykwols mar koart hold.
Militêre tsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Sovjet-Uny ein 1939 Finlân binnenfoel en de Winteroarloch útbriek, reizge Lee nei Skandinaavje om as frijwilliger tsjinst te nimmen yn it Finske Leger. Hy en oare Britske frijwilligers waarden op in feilige ôfstân fan it front ynset foar bewekking, dat Lee naam nea diel oan 'e gefjochten. Nei't er weromkeard wie nei syn heitelân, koed er fannijs oan it wurk by United States Lines. Yn 'e rin fan 1940 joech er him by de Home Guard, de Britske boargerwacht. Nei it ferstjerren fan syn heit, op 12 maart 1941, dy't wollen hie dat syn soan krekt as hysels yn 'e Britske lânmacht tsjinne, melde Lee him ynstee oan by de loftmacht, de Royal Air Force.
Fan de simmer fan 1941 ôf wied er earst in hoart stasjonearre yn Súd-Rodeezje, it tsjintwurdige Simbabwe, dêr't er syn oplieding ta piloat ôfmeitsje soe. Op syn ien nei lêste trainingsflecht waard er lykwols oerfallen troch pineholle en begûn er dûbeld te sjen, wêrnei't by him in ôfwiking oan 'e eachsenuw fêststeld waard dy't makke dat er nea wer sels fleane meie soe. Foar Lee, dy't alhiel ferslingere rekke wie oan fleanen, kaam dat nijs as in slimmen klap, en in skoft lang hong er mar wat doelleas om. Uteinlik dreau syn wil om wat konstruktyfs te dwaan him derta dat er him oanmelde by de ynljochtingedifyzje fan 'e RAF.
Nei stasjonearrings yn Salisbury (no Harare), it Súdafrikaanske Durban en it Egyptyske Suëz, waard er ynset yn 'e Noardafrikaanske Kampanje, wêryn't de Britten en harren bûnsgenoaten it opnamen tsjin it Afrikakorps fan 'e Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel. Yn it lêst fan dy fjildtocht, yn Tuneezje, kaam Lee hast om doe't it fleanfjild fan it squadron dêr't er oan tafoege wie, bombardearre waard. Neitiid naam er diel oan 'e Alliëarde ferovering fan Sisylje, dêr't er malaria oprûn, en letter wied er belutsen by de Alliëarde ynfaazje fan Itaalje, dêr't er ûnder de slepende Slach om Monte Cassino taheakke waard oan 'e Nepaleeske Goerka's fan 'e Britsk-Yndyske 8ste Ynfanterydifyzje. Doe't er in pear dagen mei ferlof wie yn Napels, beklom er de fulkaan de Fesuvius, dy't trije dagen dêrnei útbarste.
Under de lêste dagen fan 'e Slach om Monte Cassino ûntsnapte Lee op 'e nij oan 'e dea doe't ien fan 'e fleantugen fan syn squadron by it opstiigjen delstoarte, en hy delknoffele boppe-op in op skerp steande bom. Nei ôfrin fan 'e slach, dy't útrûn op 'e befrijing fan Rome, besocht Lee dy stêd, dêr't er in moeting hie mei Nicolò Carandini, in neef fan syn memmes, dy't yn it Italjaanske ferset fochten hie. De lêste trijefearns jier fan 'e oarloch brocht Lee yn noardlik Itaalje troch. Nei eigen sizzen tsjinne er yn syn tiid yn Noard-Afrika ek in hoart by it Special Operations Executive (SOE) en de Long Range Desert Patrol, de foarrinner fan 'e hjoeddeiske kommando-ienheid SAS, mar dêroer hat er nea details jaan wold. Nei de Alliëarde oerwinning wied er fanwegen it feit dat er floeiend Frânsk en Dútsk spriek, belutsen by de opspoaring fan nazy-oarlochsmisdiedigers, oant er yn 1946 ôfswaaide mei de rang fan flight lieutenant (ekwifalint mei de rang fan kaptein yn 'e Keninklike Loftmacht).
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er weromkeard wie nei Londen, koe Lee himsels net mear as kantoarklerk sjen, en in oanbod om 'e klassiken te ûnderwizen sloech er ôf om't er syn Latyn te roastich fûn. Uteinlik wie it syn efterneef Nicolò Carandini, dy't tsjin dy tiid de nije Italjaanske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk wurden wie, dy't him oanrette om akteur te wurden. Carandini stjoerde him nei syn freon Filippo del Giudice, it haad fan 'e filmstudio Two Cities Films, en dy bea Lee in sânjierrich kontrakt oan. Lee makke syn debút as filmakteur yn 'e Goatyske românse Corridor of Mirrors, út 1947, dêr't er wolteld ien regel tekst yn hie. Syn "tiid as learjonge", sa't er it letter sels neamde, duorre tsien jier, wêryn't er meast ûnderstypjende rollen en eftergrûnpersonaazjes spile. Sa wie Lee û.m. te sjen (faak sûnder yn 'e begjintitels neamd te wurden) yn ferneamde films as Hamlet (1948), Captain Horatio Hornblower R.N. (1951), Quo Vadis? (1951) en Moulin Rouge (1952).
Yn 1957 spile Lee foar it earst yn in film foar de studio Hammer Film Productions, te witten The Curse of Frankenstein, as it Meunster fan Frankenstein. Dy rol late derta dat him in jier letter yn 'e film Dracula de titelrol oanbean waard. Dat wie sa'n súkses dat er neitiid almar wer yn deselde rol cast waard. Sa fertolke er de fampier greve Dracula yn 1965 op 'e nij yn Dracula: Prince of Darkness. Yn dy film seit Lee gjin wurd, mar sizet er allinnich mar. Sels woed er hawwe dat de tekst dy't foar him skreaun wie, fan sa'n minne kwaliteit wie dat er wegere hie om dy út te sprekken, mar senarioskriuwer Jimmy Sangster bewearde dat it skript nea tekst foar it personaazje fan Dracula omfetten hie. Lee sei ek dat Hammer him suver "sjantearre" om neitiid noch yn fierdere Dracula-films te spyljen, troch op him yn te praten en him foar te rekkenjen hoefolle minsken oft wurkleas wurde soene as hy, de stjer fan 'e filmrige, opstapte. Yn Dracula Has Risen from the Grave (1968), Taste the Blood of Dracula (1969) en Scars of Dracula (1970) hie Lee op 'e nij frijwol gjin tekst en ek los dêrfan net folle omhâns. Hy klage: "Se joegen my neat om te dwaan! Ik smeekte Hammer suver om my in diel fan 'e tekst brûke te litten dy't Bram Stoker skreaun hie. Ut en troch wist ik der sa'n tekstregel yn te smokkeljen." Nettsjinsteande Lee syn ûntefredenens wiene de films kommersjeel grutte súksessen, en makken se him ta in wiere filmstjer.
Tsjin 'e iere 1970-er jierren rekke de formule lykwols útwurke, en de beide foarlêste films fan 'e searje, Dracula A.D. 1972 (1972) en The Satanic Rites of Dracula (1973), brochten net folle jild mear yn 't laadsje. Tsjin dy tiid wie Lee sa dwers wurden dat er him op parsekonferinsjes iepentlik tsjin Hammer kearde. Neitiid makke de studio noch ien Dracula-film, The Legend of the 7 Golden Vampires (1974), mar dêr waard Lee net mear foar frege. Oare films dêr't Lee yn 'e 1950-er en 1960-er jierren yn meispile, wiene bgl. The Mummy (1959) en Raputin, the Mad Monk (1966), wêryn't er de titelrol fan Grigorij Raspûtin hie. Teffens died er trije Sherlock Holmes-ferfilmings: The Hound of the Baskervilles (1959), as sir Henry Baskerville, Sherlock Holmes and the Deadly Necklace (1962), as de grutte privee-detektive sels, en The Private Life of Sherlock Holmes (1970), as Holmes syn sels noch skranderder broer Mycroft. Teffens hied er in haadrol yn 'e Dútske (en Dútsktalige) film Das Rätsel der Roten Orchidee (1962). Hy die audysje foar The Longest Day (1962), oer de Alliëarde lânings op 'e kust fan Normanje op D-Day, mar waard dêrfoar ôfwiisd om't er "der net útseach as in militêr".
Yn 'e 1970-er jierren spile Lee û.m. Jekyll en Hyde yn I, Monster (1971), Lord Summerisle yn The Wicker Man (1973), dat syn persoanlike leaflingsfilm wie, de greve fan Rochefort yn The Three Musketeers (1973) en yn it ferfolch dêrop The Four Musketeers (1974), en de hiermoardner Francisco Scaramanga yn 'e James Bond-film The Man with the Golden Gun (1974). Fierders wurke er as ferteller-yn-byld sûnder euvelmoed mei oan 'e softcore-pornofilm Eugenie (1970): "Ik hie gjin idee dat dat wie wat it wie, doe't ik ôfspriek om 'e rol te dwaan. Se fertelden my dat it oer markys De Sade gie. Ik fleach nei Spanje foar ien dei wurk [...] Der wiene withoefolle lju efter my [yn byld]. Dy hiene allegear de klean oan. Der wie neat aparts of nuvers oan. In freon sei: 'Witst eins wol datst yn in film spilest dy't op Old Compton Street draait?' Dat wie yn dy tiid wêr't sokke lju har films besochten. 'Grappich, hear,' sei ik. Dat ik gloep dêrsanne hinne yn in swiere momkape mei in dûnkere sinnebril op en in sjaal om, en fûn de bioskoop en dêr stie myn namme. Ik wie poerlulk! Der folge in heechoprinnende rûzje. Doe't ik dy deis út Spanje ôfreizge wie, hie eltsenien efter my fuort de klean útdien!"
Behalven yn it Feriene Keninkryk spile Lee ek op 'e nij yn ferskate Dútsktalige films op it Jeropeeske fêstelân. Dêrnjonken wied er yn 1972 filmprodusint fan 'e horrorfilm Nothing But the Night; dat wurk hied er lykwols gjin aardichheid oan en sadwaande wie dat foar him ien kear mar nea wer. Yn 1977, doe't er der skjin syn nocht fan hie dat er yn syn heitelân almar wer typecast waard as de smjunt yn horrorfilms, ferfear Lee nei de Feriene Steaten. Syn earste Amerikaanske film wie de rampefilm Airport '77, dy't noch datselde jiers útkaam. Hy ferraste freon en fijân troch op útnûging mei te dwaan oan it komyske sketcheprogramma Saturday Night Live, op 'e Amerikaanske tillefyzje. Dêr siet regisseur Steven Spielberg yn it publyk, dy't him op basis fan syn optreden dêre in rol taparte yn 'e komeedzje 1941 (1978).
Yn 'e 1980-er jierren spile Lee û.o. de rol fan in faksist dy't de Feriene Steaten ûntdwaan wol fan alle net-blanken yn The Return of Captain Invincible (1982). Ek wied er te sjen yn Howling II: Stirba – Werewolf Bitch (1985). Yn 1991 en 1992 spile er nochris de rol fan Sherlock Holmes yn Incident at Victoria Falls, resp. Sherlock Holmes and the Leading Lady. Yn Police Academy: Mission to Moscow (1994) fertolke er de rol fan in Russyske plysjekommandant. De kwalitatyf bêste rol fan syn karriêre fûn er sels dy fan Muhammed Ali Jinnah, de stifter fan Pakistan, yn 'e biografyske film Jinnah (1998).
Nei de milenniumwiksel wist Lee in hiel nij publyk te berikken mei syn rol as de boaze tsjoender Saruman yn 'e Lord of the Rings-films: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001), The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) en The Lord of the Rings: The Return of the King (2003). Yn 'e lêste film ferskynde Lee trouwens inkeld yn 'e extended cut, mar net yn 'e bioskoopferzje. Yn deselde snuorje wied ek te sjen yn twa Star Wars-films: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Ek dêryn spile er in smjunt, nammentlik greve Dooku. Yn 'e âlderdom fan mear as tachtich jier die Lee it measte skermjen yn dy rol sels (dat hied er al leard oan it Wellington Kolleezje), mar foar de útzoomde bylden mei de enerzjikere aksje moast der in stunt double oan te pas komme. Oer it feit dat er gauris de smjunt spile, seid er sels: "Jawis, ik haw mear as genôch swiere jonges spile, mar sa't Anthony Hopkins seit: 'Ik spylje gjin smjunten, ik spylje minsken.'"
Neitiid wie Lee noch te sjen yn films as Sleepy Hollow (2005), Sweeney Todd: The Demon Barber of Fleet Street (2007), Triage (2009) en Hugo (2011). Ek yn 2011 wurke er mei oan 'e film The Hobbit: An Unexpected Journey, in prequel fan 'e Lord of the Rings-trilogy. Dêryn spile er nochris de tsjoender Saruman, mar no as in guodlik âldman, foàr't er troch de demon Sauron korrumpearre waard. Om't Lee op syn jierren net mear nei Nij-Seelân ta doarst te fleanen (dêr't de film opnommen waard), brocht regisseur Peter Jackson de filmset nei Lee ta, yn Londen.
Njonken syn filmwurk spile Lee yn syn karriêre ek in protte yn tillefyzjesearjes, lykas yn 1967 yn in ôflevering fan The Avengers (yn Nederlân op 'e tillefyzje brocht as "De Wrekers") en yn 1997 yn in BBC-ferfilming fan Ivanhoe. Op 'e Frânske tillefyzje spile er yn 1989 yn 'e rige La Révolution Française de rol fan Charles-Henri Sanson, de boal dy't sawol Loadewyk XVI as Maximilien de Robespierre ûnthalze. Fierders wie Lee ek in protte oan it wurk as stimakteur, sawol yn tekenfilms as yn kompjûter- en fideospultsjes. Yn 2011 krige Lee einlings en te'n lêsten de wichtichste Britske oeuvrepriis op it mêd fan film takend, de BAFTA Academy Fellowship Award. Lee hold oan mei aktearjen oan syn dea ta; in moanne foartiid hied er noch in kontrakt tekene om yn 'e Deenske film The 11th te spyljen.
Sjongkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lee, mei syn djippe basstim, gie sjongen nea út 'e wei, mar pas op jierren ûntjoech er him ta in sjonger. Syn meast opfallende ierdere optreden op dat mêd wie syn rol yn 'e komeedzje anneks rockmusical The Return of Captain Invincible (1983), wêryn't er û.m. it nûmer Name Your Poison song. Syn earste kontakt mei it heavy metal-subsjenre fan 'e hardrock hied er yn 2004, doe't er mei de Italjaanske metalartyst Fabio Lione in duët song foar de single The Magic of the Wizard's Dream, fan it album Symphony of Enchanted Lands II fan 'e band Rhapsody of Fire.
Nei ferskate oare gearwurkings mei dy band brocht Lee yn 2010, yn 'e âlderdom fan 88 jier, syn earste eigen heavy metal-album út, mei as titel Charlemagne: By the Sword and the Cross. Dat waard yn metal-fermiddens mei loovjende kritiken ûntfongen, en itselde jiers noch bekroand mei de Spirit of Medal-priis op 'e Metal Hammer Golden Gods-seremoanje. Yn juny 2012 brocht Lee syn earste fideoklip út foar it nûmer The Bloody Verdict of Verden (oer it Bloedbad fan Verden).
Yn 2013, doe't er 91 wie, kaam Lee syn twadde heavy metal-album út: Charlemagne: The Omens of Death. Dêrmei hied er mei-iens it rekôr yn 'e hannen de âldste metalartyst út 'e skiednis fan it sjenre te wêzen. Yn desimber 2013 krong Lee mei 91 jier en seis moannen de hitlisten binnen (oant it 22ste plak) mei it nûmer Jingle Hell fan syn EP A Heavy Metal Christmas Too. Dêrmei wied er de âldste artyst dy't ea yn 'e hitlisten stien hie (it rekôr wie dêrfoar yn 'e hannen fan Tony Bennett, dy't itselde yn 2011 mei 85 jier lapt hie). Lee gie troch mei sjongen oant yn 2015, mei't er sei: "Ik wit net hoelang't ik der noch wêze sil, dus eltse dei moat fierd wurde en dat wol ik diele mei myn fans."
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Christopher Lee stie bekend om syn lingte fan 1.95 m, wêrmei't er boppe de measte minsken fan syn generaasje úttuorre. Hy spriek floeiend Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Italjaansk en Spaansk en koe him rêde yn it Sweedsk, Russysk en Gryksk. Yn in ynterview heakke er dêroan ta dat er in petear fiere koe yn it Mandarynsk. Hy wie in oanhinger fan 'e Britske Konservative Partij, en hie, oars as dat wol sein wurdt, net in grutte samling okkulte boeken.
Ein 1950-er jierren wie Lee ferloofd mei de Sweedske ealfrouwe Henriette von Rosen, dy't er met hie yn in Stokholmske nachtklub. Har heit, greve Fritz von Rosen, seach him lykwols as skoansoan net sitten, en kaam hieltyd mei nije easken om in houlik ûnmooglik te meitsjen. Earst moast der nei de ferloving in jier wachte wurde om te trouwen; doe hierde de man privee-detektives yn om Lee nei te gean; dêrnei moast Lee mei referinsjes op 'e lapen komme (dêrby ferwiisde Lee û.m. troch nei kollega-akteur Douglas Fairbanks jr.). Doe't der gjin lek of brek oan him bliek te wêzen, easke Von Rosen dat Lee foar it houlik de tastimming wûn fan 'e Sweedske kening Gustaaf VI Adolf. Tafalligerwize hie Lee de kening jierren tefoaren ris met op 'e set fan 'e film Tales of Hans Andersen, en wist er sadwaande de fereaske tastimming te bemachtigjen. Lykwols besleaten hy en Henriette neitiid dochs mar fan 'e hiele saak ôf te sjen (neffens Lee sels fanwegen de finansjele ûnwissichheid fan syn karriêre as akteur).
Yn 1960 kaam Lee fia-fia yn 'e kunde mei de Deenske keunstskilderesse (en it eardere model) Birgit "Gitte" Krøncke. Dat wie leafde op it earste gesicht, en se ferloofden har al koarte tiid letter. Se trouden op 17 maart 1961 en krigen ien bern, dochter Christina Erika Carandini Lee (1963), dy't yn 2001 troude mei Juan Francisco Aneiros Rodriguez.
Yn 1997 waard Lee beneamd ta kommandeur yn 'e Earbiedweardige Oarder fan Sint-Jan. As ûnderdiel fan 'e Queen's Birthday Honours waard er yn 2001 beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE). Yn 2009 waard er yn dyselde oarder ferheft ta ridder, wêrby't er riddere waard troch prins Charles. Normaal heart men dêrby del te knibbeljen, mar om syn hege jierren waard datoangeande foar Lee in útsûndering makke.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mids 2015 waard Lee mei hertproblemen en swierrichheden op it mêd fan sykheljen opnommen yn it Chelsea and Westminster Hospital yn Londen. Sadwaande fierde er dêr op 7 juny fan dat jier yn besletten fermidden syn 93ste jierdei. Koart nei dy fiering, noch deselde deis, kaam Lee yn it sikehûs te ferstjerren. Syn frou hold it bekendmeitsjen fan syn dea tsjin oant 11 juny, sadat de famylje earst ynljochte wurde koe. De persize oarsaak fan Lee syn dea is ûnbekend.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1948 | Corridor of Mirrors | Charles | |
1948 | One Night with You | Pirelli's assistint | |
1948 | Hamlet | skyldfeint | net fermeld op 'e ôftiteling |
1948 | A Song for Tomorrow | Auguste | |
1948 | Penny and the Pownall Case | Jonathan Blair | |
1948 | My Brother's Keeper | twadde plysjeman | sênes fuortknipt by filmmontaazje |
1948 | Saraband for Dead Lovers | figurant | net fermeld op 'e ôftiteling |
1948 | Scott of the Antarctic | Bernard Day | |
1949 | Trottie True | Bongo | |
1950 | They Were Not Divided | Chris Lewis | |
1950 | Prelude to Fame | sjoernalist | |
1951 | Captain Horatio Hornblower R.N. | Spaanske kaptein | |
1951 | Valley of Eagles | resjersjeur Holt | |
1951 | Quo Vadis | striidweinmenner | net fermeld op 'e ôftiteling |
1952 | The Crimson Pirate | Joseph | net fermeld op 'e ôftiteling |
1952 | Top Secret | Russyske spion | |
1952 | Paul Temple Returns | sir Felix Raybourne | |
1952 | Babes in Bagdad | slavekeapman | |
1952 | Moulin Rouge | Georges Seurat | net fermeld op 'e ôftiteling |
1953 | Les Vacances de Monsieur Hulot | ûnbekend | as stimakteur; Frânsktalich; net fermeld op 'e ôftiteling |
1953 | Innocents in Paris | luitenant Whitlock | net fermeld op 'e ôftiteling |
1954 | Destination Milan | Svenson | |
1955 | Cross-Roads | Harry Cooper | koarte film |
1955 | That Lady | kaptein | |
1955 | Final Column | Larry Spence | op argyfbylden |
1955 | Man in Demand | Martell | op argyfbylden |
1955 | Contraband Spain | n.f.t. | ferteller; net fermeld op 'e ôftiteling |
1955 | The Dark Avenger | lieder Frânske patrûlje yn herberge | net fermeld op 'e ôftiteling |
1955 | The Cockleshell Heroes | kaptein-luitenant-op-see Dick Raikes | |
1955 | Alias John Preston | John Preston | |
1955 | Police Dog | plysjeman Johnny | |
1955 | Storm Over the Nile | Karaga Pasja | |
1956 | Private's Progress | majoar Schultz | net fermeld op 'e ôftiteling |
1956 | Alexander the Great | Nectenabus | as stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling |
1956 | Port Afrique | Franz Vermes | |
1956 | Beyond Mombasa | Gil Rossi | |
1956 | The Battle of the River Plate | Manolo | |
1957 | Ill Met by Moonlight | Dútsk ofsier by de toskedokter | |
1957 | Fortune Is a Woman | Charles Highbury | |
1957 | The Traitor | dr. Neumann | |
1957 | The Curse of Frankenstein | it Meunster fan Frankenstein | |
1957 | Manuela | ûnbekend | as stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling |
1957 | Bitter Victory | sersjant Barney | |
1957 | The Truth About Women | Francois Thiers | |
1958 | A Tale of Two Cities | de markys fan St. Evremonde | |
1958 | Dracula | greve Dracula | ek bekend as: Horror of Dracula |
1958 | Battle of the V-1 | Brunner | |
1958 | Corridors of Blood | Resurrection Joe | |
1959 | The Hound of the Baskervilles | sir Henry Baskerville | |
1959 | The Man Who Could Cheat Death | Pierre Gérard | |
1959 | The Treasure of San Teresa | Jaeger | |
1959 | The Mummy | Kharis / de Mummy | |
1959 | Uncle Was a Vampire | baron Roderico da Frankurten | |
1960 | Too Hot to Handle | Novak | |
1960 | The Two Faces of Dr. Jekyll | Paul Allen | ek bekend as: House of Fright en Jekyll's Inferno |
1960 | Beat Girl | Kenny King | ek bekend as: Wild for Kicks |
1960 | The City of the Dead | perfester Alan Driscoll | ek bekend as: Horror Hotel |
1960 | The Hands of Orlac | Nero de Magiër | |
1961 | The Terror of the Tongs | Chung King | |
1961 | Taste of Fear | dr. Pierre Gerrard | |
1961 | The Devil's Daffodil | Ling Chu | |
1961 | Ercole al Centro della Terra | kening Licos | Italjaansktalich; ek bekend as: Hercules in the Haunted World |
1962 | The Puzzle of the Red Orchid | kaptein Allerman | |
1962 | The Pirates of Blood River | kaptein LaRoche | |
1962 | The Devil's Agent | baron Von Staub | |
1962 | Sherlock Holmes and the Deadly Necklace | Sherlock Holmes | |
1963 | Stranglehold | ûnbekend | |
1963 | Katarsis | Mephistoles | |
1963 | La Vergine di Norimberga | Erich | Italjaansktalich; ek bekend as: The Virgin of Nuremberg of Castle of Terror |
1963 | La Frusta e il Corpo | Kurt Menliff | Italjaansktalich; ek bekend as: The Whip and the Body of Night is the Phantom |
1964 | Terror in the Crypt | greve Ludwig Karnstein | ek bekend as: Crypt of the Vampire en Crypt of Horror |
1964 | The Devil-Ship Pirates | kaptein Robeles | |
1964 | Il Castello dei Morti Vivi | greve Drago | ek bekend as: Castle of the Living Dead |
1964 | The Gorgon | perfester Karl Meister | |
1965 | Dr. Terror's House of Horrors | Franklyn Marsh | segmint Disembodied Hand |
1965 | She | Billali | |
1965 | The Face of Fu Manchu | dr. Fu Manchu | |
1965 | The Skull | sir Matthew Phillips | |
1965 | Ten Little Indians | U.N. Owen | as stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling |
1966 | Dracula: Prince of Darkness | greve Dracula | |
1966 | Rasputin, the Mad Monk | Grigorij Raspûtin | |
1966 | Circus of Fear | Gregor | ek bekend as: Psycho Circus |
1966 | The Brides of Fu Manchu | dr. Fu Manchu | |
1967 | Five Golden Dragons | draak #4 | |
1967 | The Vengeance of Fu Manchu | dr. Fu Manchu | |
1967 | Night of the Big Heat | Godfrey Hanson | |
1967 | Theatre of Death | Philippe Darvas | |
1967 | Die Schlangengrube und das Pendel | greve Frederic Regula / greve Von Andomai | Dútsktalichl ek bekend as: The Blood Demon |
1968 | Eve | kolonel Stuart | ek bekend as: The Face of Eve |
1968 | The Devil Rides Out | hartoch fan Richleau | ek bekend as: The Devil's Bride |
1968 | The Blood of Fu Manchu | dr. Fu Manchu | |
1968 | Dracula Has Risen from the Grave | greve Dracula | |
1968 | Curse of the Crimson Altar | Morley | ek bekend as: The Crimson Cult |
1969 | The Castle of Fu Manchu | dr. Fu Manchu | |
1969 | The Oblong Box | dr. J. Neuhart | |
1969 | The Magic Christian | fampier op it skip | |
1970 | Scream and Scream Again | Fremont | |
1970 | Eugenie… The Story of Her Journey into Perversion | Dolmance | |
1970 | The Bloody Judge | baron George Jeffreys | ek bekend as: Night of the Blood Monster |
1970 | Count Dracula | greve Dracula | |
1970 | Taste the Blood of Dracula | greve Dracula | |
1970 | Julius Caesar | Artemidorus | |
1970 | One More Time | greve Dracula | cameo |
1970 | The Private Life of Sherlock Holmes | Mycroft Holmes | |
1970 | Scars of Dracula | greve Dracula | |
1971 | The House That Dripped Blood | John Reid | segmint Sweets to the Sweet |
1971 | Cuadecuc, Vampir | greve Dracula / himsels | |
1971 | I, Monster | dr. Charles Marlowe / Edward Blake | |
1971 | Hannie Caulder | Bailey | |
1972 | Umbracle | De Man | |
1972 | Dracula A.D. 1972 | greve Dracula | |
1972 | Horror Express | sir Alexander Saxton | |
1972 | Death Line | agint Stratton-Villiers, MI5 | ek bekend as: Raw Meat |
1973 | Nothing But the Night | kolonel Charles Bingham | |
1973 | The Creeping Flesh | James Hildern | |
1973 | The Satanic Rites of Dracula | greve Dracula | |
1973 | The Wicker Man | Lord Summerisle | |
1973 | The Three Musketeers | Rochefort | |
1974 | Dark Places | dr. Mandeville | |
1974 | The Four Musketeers | Rochefort | |
1974 | The Man with the Golden Gun | Francisco Scaramanga | James Bond-film |
1975 | Le boucher, la star et l'orpheline | Van Krig / himself | Frânsktalich |
1975 | Diagnosis Murder | Stephen Hayward | |
1975 | The Story of Heidi | ûnbekend | as stimakteur by Ingelske neisyngronisaasje |
1976 | Killer Force | majoar Chilton | ek bekend as: The Diamond Mercenaries |
1976 | To the Devil, a Daughter | pastoar Michael Rayner | |
1976 | Albino | Bill | ek bekend as: Whispering Death en Death in the Sun |
1976 | Dracula père et fils | greve Dracula | Frânsktalich; ek bekend as: Dracula and Son |
1976 | The Keeper | de warder | |
1977 | Airport '77 | Martin Wallace | |
1977 | Meatcleaver Massacre | himsels | ek ferteller; ek bekend as: Evil Force en Revenge of the Dead |
1977 | End of the World | pastoar Pergado / Zindar | |
1977 | Starship Invasions | kaptein Rameses | |
1978 | Circle of Iron | Zetan | ek bekend as: The Silent Flute |
1978 | Return from Witch Mountain | Victor Gannon | |
1978 | Caravans | Sardar Khan | |
1979 | The Passage | Sigeuner | |
1979 | Nutcracker Fantasy | ferskaat | as stimakteur |
1979 | Arabian Adventure | Alquazar | |
1979 | Jaguar Lives! | Adam Caine | |
1979 | Bear Island | Lechinski | |
1979 | 1941 | kaptein Wolfgang von Kleinschmidt | |
1980 | Serial | Luckman Skull | |
1980 | Safari 3000 | greve Borgia | |
1981 | An Eye for an Eye | Morgan Canfield | |
1981 | Desperate Moves | Carl Boxer | |
1981 | The Salamander | prins Baldasar | |
1982 | The Last Unicorn | kening Haggard | as stimakteur |
1983 | House of the Long Shadows | Corrigan | |
1983 | The Return of Captain Invincible | Mr. Midnight | |
1983 | New Magic | dhr. Kellar | koarte film |
1984 | The Rosebud Beach Hotel | Clifford King | |
1984 | The Bengal Lancers! | sir James Hunter | |
1985 | Howling II: Your Sister is a Werewolf | Stefan Crosscoe | |
1986 | Jocks | presidint White | |
1987 | Mio min Mio | Kato | |
1987 | The Girl | Peter Storm | |
1988 | Dark Mission | Luis Morel | |
1988 | Mask of Murder | haadynspekteur Jonathan Rich | |
1988 | Olympus Force: The Key | Filly | |
1989 | The Return of the Musketeers | Rochefort | |
1989 | La Révolution française | Sanson | Frânsktalich; segmint Les Années Terribles |
1989 | La chute des aigles | Walter Strauss | Frânsktalich |
1989 | Murder Story | Willard Hope | |
1989 | Honeymoon Academy | Lazos | |
1990 | L'Avaro | kardinaal Spinosi | Italjaansktalich |
1990 | Gremlins 2: The New Batch | dr. Catheter | |
1990 | The Rainbow Thief | omke Rudolf | |
1991 | Kabuto | kening Philip | |
1991 | Curse III: Blood Sacrifice | dr. Pearson | ek bekend as: Panga |
1991 | Jackpot | Cedric | |
1994 | Funny Man | Callum Chance | |
1994 | Police Academy: Mission to Moscow | kommandant Aleksandr Nikolajevitsj Rakov | |
1994 | A Feast at Midnight | V.E. Longfellow | |
1994 | Flesh and Blood | n.f.t. | voice-over by in dokumintêre |
1996 | The Stupids | Sender | |
1996 | Welcome to the Discworld | de Dea | as stimakteur; koarte film |
1998 | Tale of the Mummy | sir Richard Turkel | |
1998 | Jinnah | Muhammad Ali Jinnah | |
1999 | Sleepy Hollow | boargemaster | |
2001 | The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring | Saruman | |
2002 | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones | greve Dooku / Darth Tyranus | |
2002 | The Lord of the Rings: The Two Towers | Saruman | |
2003 | The Lord of the Rings: The Return of the King | Saruman | allinne yn 'e extended cut |
2004 | Crimson Rivers II: Angels of the Apocalypse | Heinrich von Garten | |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | greve Dooku / Darth Tyranus | |
2005 | Charlie and the Chocolate Factory | dr. Wilbur Wonka | |
2005 | The Adventures of Greyfriars Bobby | de Lord Provost | |
2005 | Corpse Bride | pastoar Galswells | as stimakteur |
2007 | The Golden Compass | lid Hege Ried | |
2008 | Star Wars: The Clone Wars | greve Dooku / Darth Tyranus | as stimakteur |
2009 | Boogie Woogie | Alfred Rhinegold | |
2009 | The Heavy | Mason | |
2009 | Triage | Joaquín Morales | |
2009 | Glorious 39 | Walter | |
2010 | Alice in Wonderland | Jabberwock | as stimakteur |
2010 | Burke & Hare | Joseph | |
2011 | Season of the Witch | kardinaal D’Ambroise | |
2011 | The Resident | August | |
2011 | The Wicker Tree | âldman | |
2011 | Grave Tales | himsels | cameo |
2011 | Hugo | monsieur Labisse | |
2012 | Dark Shadows | Silas Clarney | |
2012 | The Hobbit: An Unexpected Journey | Saruman | |
2013 | Night Train to Lisbon | pastoar Bartolomeu | |
2013 | Extraordinary Tales | n.f.t. | ferteller; segmint The Fall of the House of Usher |
2013 | The Girl from Nagasaki | Pinkerton | |
2013 | Necessary Evil | n.f.t. | voice-over by in dokumintêre |
2014 | The Hobbit: The Battle of the Five Armies | Saruman | lêste rol yn in film dy't útkaam by syn libben |
2015 | Angels in Notting Hill | God / de presidint | postúm útkommen |
2017 | The Hunting of the Snark | n.f.t. | ferteller; koarte film; postúm útkommen |
2018 | The Time War | n.f.t. | ferteller; postúm útkommen |
tillefyzje | |||
1953–1956 | Douglas Fairbanks, Jr., Presents | ferskaat | 13 ôfl. |
1955 | Moby Dick—Rehearsed | toanielmaster / Flask | tillefyzjefilm |
1955 | The Vise | ferskaat | 3 ôfl. |
1955 | Tales of Hans Anderson | ferskaat | 2 ôfl. |
1956 | Chevron of Fallen Stars | gûverneur | ôfl. Captain Kidd |
1956 | The Scarlet Pimpernel | Louis | ôfl. The Elusive Chauvelin |
1956 | Colonel March of Scotland Yard | Jean-Pierre | ôfl. At Night All Cats Are Grey |
1956 | Sailor of Fortune | ferskaat | 2 ôfl. |
1956 | The Adventures of Aggie | ynspekteur Hollis | ôfl. Cut Glass |
1956–1957 | Assignment Foreign Legion | ferskaat | 2 ôfl. |
1957 | The Errol Flynn Theatre | ferskaat | 4 ôfl. |
1957 | The Gay Cavalier | kolonel Jeffries | ôfl. The Lady's Dilemma |
1958 | OSS | Dessinger | ôfl. Operation Firefly |
1958 | Ivanhoe | sir Otto | ôfl. The German Knight |
1958 | White Hunter | Mark Caldwell | ôfl. This Hungry Hell |
1959 | The Adventures of William Tell | prins Erik | ôfl. Manhunt |
1960 | Tales of the Vikings | Normandyske ridder | ôfl. The Bull |
1961 | Alcoa Presents: One Step Beyond | Wilhelm Reitlinger | ôfl. The Sorcerer |
1964 | The Alfred Hitchcock Hour | Karl Jorla | ôfl. The Sign of Satan |
1967 | The Avengers | perfester Stone | ôfl. Never, Never Say Die |
1969 | The Avengers | kolonel Mannering | ôfl. The Interrogators |
1969 | Light Entertainment Killers | ûnbekend | tillefyzjefilm |
1973 | Poor Devil | Lusifer | tillefyzjefilm |
1973 | Orson Welles Great Mysteries | Arnaud | ôfl. The Leather Funnel |
1976 | Space: 1999 | kaptein Zandor | ôfl. Earthbound |
1978 | How the West Was Won | de gruthartoch | 2 ôfl. |
1978 | The Pirate | Samir Al Fay | tillefyzjefilm |
1978 | Saturday Night Live | n.f.t. | presintator; ôfl. Christopher Lee/Meat Loaf |
1978 | Captain America II: Death Too Soon | Miguel | tillefyzjefilm |
1978 | Once Upon a Spy | Marcus Valorium | tillefyzjefilm |
1978 | Charlie's Angels | Dale Woodman | ôfl. Angel in Hiding |
1981 | Evil Stalks This House | gasthear | tillefyzjefilm |
1981 | Goliath Awaits | John McKenzie | tillefyzjefilm |
1982 | Massarati and the Brain | Victor Leopold | tillefyzjefilm |
1982 | Charles & Diana: A Royal Love Story | prins Philip | tillefyzjefilm |
1984 | The Far Pavilions | Kaka-ji Rao | 3 ôfl. |
1984 | Faerie Tale Theatre | kening Vladimir V | ôfl. The Boy Who Left Home to Find Out About the Shivers |
1986 | Un métier du seigneur | Fog | Frânsktalige tillefyzjefilm |
1986 | The Disputation | kening Jakobus fan Aragon | tillefyzjefilm |
1986 | Shaka Zulu | greve Bathurst | 10 ôfl. |
1989 | Around the World in 80 Days | Stuart | 3 ôfl. |
1990 | The Care of Time | Karlis Zander | tillefyzjefilm |
1990 | Treasure Island | Bline Pew | tillefyzjefilm |
1991 | Sherlock Holmes and the Leading Lady | Sherlock Holmes | tillefyzjefilm |
1992 | Incident at Victoria Falls | Sherlock Holmes | tillefyzjefilm |
1992 | Beauty and the Beast | monsieur Renard | as stimakteur; tillefyzjefilm |
1992 | The Young Indiana Jones Chronicles | Ottokar greve Czerin | ôfl. Austria, March 1917 |
1992 | Double Vision | dhr. Bernard | tillefyzjefilm |
1993 | Death Train | generaal Konstantin Benin | tillefyzjefilm |
1995 | The Tomorrow People | Rameses | 5 ôfl. |
1995 | Moses | farao Ramses II | tillefyzjefilm |
1995 | Tales of Mystery and Imagination | n.f.t. | presintator; 2 ôfl. |
1996 | Sorellina e il Principe del Sogno | Azaret | tillefyzjefilm |
1997 | Ivanhoe | Lucas de Beaumanoir | 4 ôfl. |
1997 | Soul Music | de Dea | as stimakteur; 7 ôfl. |
1997 | Wyrd Sisters | de Dea | as stimakteur; 6 ôfl. |
1997 | The Odyssey | Tiresias | 2 ôfl. |
1997–1998 | The New Adventures of Robin Hood | Olwyn | 6 ôfl. |
2000 | Gormenghast | Flay | 4 ôfl. |
2000 | In the Beginning | farao Ramses I | tillefyzjefilm |
2000 | Ghost Stories for Christmas | M.R. James | ôfl. The Stalls of Barchester |
2001 | Les redoutables | de Dea | Frânsktalich; segmint Confession |
2005 | Pope John Paul II | kardinaal Stefan Wyszyński | 2 ôfl. |
2008 | The Colour of Magic | de Dea | as stimakteur; 2 ôfl. |
fideospultsjes | |||
1994 | Ghosts | dr. Marcus Grimalkin / himself | |
1999 | The Rocky Interactive Horror Show | n.f.t. | ferteller |
2001 | Conquest: Frontier Wars | Anvil / haadkertier | |
2003 | Freelancer | ûnbekend | |
2003 | The Lord of the Rings: The Return of the King | Saruman | |
2004 | EverQuest II | Lucan D'Lere | |
2004 | GoldenEye: Rogue Agent | Francisco Scaramanga | |
2005 | The Lord of the Rings: The Third Age | Saruman | |
2005 | The Lord of the Rings: The Battle for Middle-earth | Saruman | |
2006 | Kingdom Hearts II | DiZ / Ansem de Wize | |
2006 | The Lord of the Rings: The Battle for Middle-earth II | Saruman | |
2007 | Kingdom Hearts II Final Mix | DiZ / Ansem de Wize | op argyfbylden |
2008 | The Lord of the Rings: The Battle for Middle-earth II: The Rise of the Witch-king |
Saruman | |
2009 | Kingdom Hearts 358/2 Days | DiZ | |
2014 | Lego: The Hobbit | Saruman | ek ferteller |
2014 | Kingdom Hearts HD 2.5 Remix | DiZ / Ansem de Wize | argyfbylden |
2015 | Deus Ex Machina 2 | de programmeur | ek ferteller |
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1966 – Christopher Lee's Treasury of Terror
- 1974 – Christopher Lee's New Chamber of Horrors
- 1975 – Christopher Lee's Archives of Terror, Volume 1
- 1976 – Christopher Lee's Archives of Terror, Volume 2
- 1977 – Tall, Dark and Gruesome (autobiografy; werprinte yn 1999)
- 2004 – Lord of Misrule (autobiografy, op 'e nij besjoene en útwreide ferzje fan Tall, Dark and Gruesome)
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- albums
- 1998 – Christopher Lee Sings Devils, Rogues & Other Villains
- 2006 – Revelation
- 2010 – Charlemagne: By the Sword and the Cross
- 2013 – Charlemagne: The Omens of Death
- extended plays
- 2012 – A Heavy Metal Christmas
- 2013 – A Heavy Metal Christmas Too
- 2014 – Metal Knight
- singles
- 2012 – Let Legend Mark Me as the King
- 2012 – The Ultimate Sacrifice
- 2014 – Darkest Carols, Faithful Sing
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Christopher Lee
- (in) Folsleine filmografy fan Christopher Lee yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Fanwebside fan 'e Christopher Lee Community
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|
- Ingelsk toanielakteur
- Ingelsk telefyzje-akteur
- Ingelsk filmakteur
- Ingelsk musicalakteur
- Ingelsk stimakteur
- Ingelsk filmprodusint
- Ingelsk publisist
- Ingelsk autobiograaf
- Ingelsk sjonger
- Ingelsk rockartyst
- Ingelsk hardrockartyst
- Ingelsk ofsier
- Britsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Frijwilliger yn de Winteroarloch
- Ingelsk konservatyf
- Italjaanske adel
- Ingelsk persoan fan Italjaansk komôf
- Persoan berne yn 1922
- Persoan stoarn yn 2015