Springe nei ynhâld

Boeing B-52 Stratofortress

Ut Wikipedy
namme


Rol Strategyske bommesmiter
Makker Boeing
Earste flecht 15 april 1952
Yn tsjinst Febrewaris 1955
Ut tsjinst n.f.t.
Tal makke 744 (1952-1962)
Brûkers United States Air Force, NASA
In B-52H yn kamûflaazjekleuren
De B-52 by de lâning

De B-52 Stratofortress is in Amerikaanske lange-ôfstâns swiere- bommesmiter (geskikt foar nukleêre - of konvinsjonele bommen), boud troch Boeing. It type is in oerbliuwsel út de Kâlde Kriich en waard foar it earst ynset yn de Fietnamoarloch. De B-52 spilet lykwols noch hieltyd in wichtige rol yn operaasjes fan de Amerikaanske loftmacht. De B-52 smiet 40% fan de bommen dy't by de Operaasje Desert Storm brûkt waarden.

Al goed 50 jier is de B-52 Stratofortress de rêchbonke fan de Amerikaanske loftmacht, en sadwaande ek har âldste operasjonele tastel. De B-52 kin in grut arsenaal fan ferskate soarten bommen meinimme. It tastel wurdt allegeduerigen modernisearre en sil fermoedlik oant 2030 tsjinjen bliuwe.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
B-52D B-52H
Lingte: 47,72 m 47,72 m
Spanwiidte: 56,39 m 56,39 m
Fleugeloerflak: 371,6 m² 371,6 m²
Fleugeloerflakbelesting:
  • Minimaal (leechgewicht): 207 kg/m²
  • Maksimaal (maks. startgewicht): 549 kg/m²
  • Minimaal (leechgewicht): 224 kg/m²
  • Maksimaal (maks. startgewicht): 595 kg/m²
Hichte: 14,72 m 12,40 m
Gewicht leech: 77.100 kg 83.250 kg
Maks. startgewicht: 204.120 kg 221.150 kg
Brânstofkapasiteit: - 181.610 l
Topfaasje: 1.027 km/o (op optimale hichte) 1.014 km/o (op optimale hichte)
Krúsfaasje: 847 km/o (op optimale hichte)
Tsjinstplafond: 13.680 m 16.765 m
Klimfaasje: - 31,85 m/s
Aksjeradius: - 7.210 km
Fleanberik: 9.978 km
  • 16.232 km (sûnder ekstra tanks)
  • 20.150 km (mei ekstra tanks)
Bemanning: 6 man 6 man (sûnt 1994: 5)
Oandriuwing: Acht Pratt & Whitney J57-P-19W- Turbojet-strielmotoren Acht Pratt & Whitney TF33-P-3/103-strielmotoren
Fermogen: 8× 53,83 kN 8× 75,6 kN
Schub-Gewicht-ferhâlding:
  • Maks. (Leechgewicht): 0,57
  • Minimaal (maks. startgewicht): 0,22
  • Maks. (leechgewicht): 0,74
  • Minimaal (maks. startgewicht): 0,28

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]